Powerwolf is in Dútske powermetalband oprjochte yn 2003 yn Saarbrücken. De band brocht yn 2005 syn debútalbum Return in Bloodred út. De teksten fan de band gean benammen oer wearwolven, tsjustere mearkes, horror, religy en seks. Powerwolf hat acht studio-albums en fjouwer live-albums útbrocht.
Skiednis thumb|right|260px|Powerwolf yn 2018 Powerwolf waard yn 2003 oprjochten troch Charles Greywolf en Matthew Greywolf. Yn tsjinstelling ta it grutste gros fan de powermetalbands brûkt Powerwolf corpse-paint by harren shows, en tsjustere tema's yn harren teksten. Yn 2005 brochten se it album Return in Bloodred yn 2007 folge troch it album Lupus Dei. Yn maart 2010 nei it yn 2009 útkommen tredde studio-album Bible of the Beast ferliet drummer Stéfane Funèbre de band, en waard ferfongen troch Tom Diener earder fan Tomorrow's Eve. Mar nei in lyts jier yn maaie 2011 waard Diener alwer ynwiksele foar de Nederlânske drummer Roel van Helden earder fan Delphian. Yn july 2011 kaam it fjirde album Blood of the Saints op papier noch net mei de nije drummer van Helden. nei dit album binne der oant no ta noch fjouwer albums útkaam de lêste wie oant no ta it album Call of the Wild dêr't op de 2de-cd mei de titel Missa Cantorem, covers steane fan de nûmmers fan it sânde album The Sacrament of Sin mar dan mei gastmuzikanten sa is er in twadde ferzje fan de single Demons Are a Girl's Best Friend mar dan mei Alissa White-Gluz fan Arch Enemy op sang yn stee fan Attila Dorn.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesReturn in Bloodred4 april 2005Metal BladeLupus Dei7 maaie 2007In Blood We Trust Bible of the Beast27 april 2009Raise Your Fist, EvangelistBlood of the Saints29 july 2011Sanctified with Dynamite,We Drink Your BloodPreachers of the Night19 july 2013Napalm RecordsAmen & AttackBlessed & Possessed17 july 2015Army of the Night,Armata StrigoiThe Sacrament of Sin20 july 2018Demons Are a Girl's Best Friend,Midnight Madonna,Fire & Forgive,Incense & IronCall of the Wild16 july 2021Beast of Gévaudan,Dancing with the DeadWake Up the Wicked26 july 20241589,Sinners of the Seven Seas
Live-albums Album Utbrocht op Label Alive in the Night13 maart 2012Metal HammerLive at Masters of Rock2016Napalm RecordsThe Metal Mass - Live29 july 2016Preaching at the Breeze6 jannewaris 2017
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opThe History of Heresy I (2004-2008)24 juny 2014Best of the Blessed3 july 2020Interludium7 april 2023
Kategory:Dútske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2003