Alissa White-Gluz (Montreal, 31 july 1985) is in Kanadeesk sjongeres. White-Gluz is foaral bekend as sjongeres fan de Sweedske band Arch Enemy, en earder wie se de sjongeres fan de Kanadeeske band The Agonist. Har fokale styl omfettet sawol grunts as cleane sang. Hoewol 't se benammen aktyf is mei death metal en metalcore band, is se ek geregeld te hearren as gast-muzykkant by powermetal, symfoanyske metal en deathcore bands, lykas Kamelot, Delain, Carnifex en Powerwolf, en trede se live op mei Nightwish en Tarja Turunen.
Karriêre The Agonist (2004-2014) Yn 2004, White-Gluz foarme The Agonist mei gitarist Danny Marino en bassist Chris Kells yn Montreal, Kebek, Kanada. Se brocht trije albums út mei dizze band. White-Gluz ferliet de Agonist yn de maitiid fan 2014 nei 't har de rol as sjongeres foar Arch Enemy as ferfangster fan Agnela Gossow oanbean wie.
Arch Enemy (2014-2025) 17 maart 2014 kundige Arch Enemy oan dat Alissa harren eardere sjongeres Angela Gossow ferfange soe. Mei Arch Enemy hat White-Gluz yntusken trije studioalbums en twa live-albums útbrocht. 23 novimber ] kundige Arch Ememy oan dat White-Gluz net langer lid wie fan de band.
Solo karriêre Yn 2016 tekene Alissa mei platenlabel Napalm Records in kontrakt foar it útbringen fan in solo album, hjir hat se in oantal jieren oan wurke mar ein 2022 begjin 2023 sil it album Alissa útkomme.
Priveelibben White-Gluz waard berne yn Montreal, Kebek, Kanada, as de twadde yn in gesin fan trije. Har pake en beppe oerlibben yn de Twadde Wrâldkriich konsintraasjkekampen. Harren ûnderfiningen yn de kampen soene de ynspiraasje foarmje foar it liet, First Day in Hell. Allisa White-Gluz is al jierren aktyf als bistenrjochten-aktiviste. Alissa hat sûnt 2014 in relaasje mei gitarist Doyle Wolfgang von Frankenstein, fan de Amerikaanske punk band Misfits. Har âldste suster Jasamine White-Gluz is ek sjongeres en sjongt by de Kanadeeske band indierockband No Joy.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Once Only Imagined14 augustus 2007The AgonistBusiness Suits and Combat BootsLullabies for the Dormant Mind23 febrewaris 2009And Their Eulogies Sang Me to Sleep,Birds Elope With the Sun,Thank You, PainPrisoners4 juny 2012Ideomotor,PanophobiaWar Eternal4 juny 2014Arch EnemyWar Eternal,As the Pages Burn,You Will Know My Name,No More Regrets,Stolen Life,AvalancheWill to Power8 septimber 2017The World is Yours,The Eagle Flies Alone,The Race,Reason To BelieveDeceivers29 july 2022Deceiver, Deceiver,House of Mirrors,Handshake with Hell
As gastmuzikant Single(s) Album Utbrocht yn Mei band The SwordProfugus Mortis2009BlackguardSacrimony (Angel of Afterlife)Silverthorn2012KamelotLiar Liar (Wasteland Monarchy),RevolutionHaven2015The Tragedy Of The CommonsThe Human Contradiction2014DelainHands of Gold Moonbathers2016We RockMetal Allegiance2015Metal AllegianceLife in the Fast LaneFallen Heroes2016The Ocean's HeartGravity2016CalibanDemons in YouThe Shadow Self2016Tarja TurunenLeaves In The StreamHeart-Shaped Wound2017Aurelio VoltaireBlack Widow's WebØMNI2018AngraDead Hearts (Love Thy Enemy)For the Love of Metal2018Dee SniderStålfågelVerkligheten2019SoilworkThe Truth Is DeadAnesthetic2019Mark MortonNo Light Shall Save UsWorld War X2019CarnifexBeginning of the EndThe New Normal2019Kane RobertsDistortionMetal Galaxy 2019BabymetalDemons Are a Girl's Best FriendCall of the WildMissa Cantorem2021PowerwolfLizzieTales from Six Feet Under2021Charlotte WesselsThe Wolf You FeedThe Call of the Void2023Nita Strauss
Kategory:Kanadeesk sjonger Kategory:Kanadeesk metalartyst Kategory:Kanadeesk lietsjeskriuwer Kategory:Ingelsktalich Kebekaansk persoan Kategory:Kanadeesk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Kanadeesk persoan fan Litousk komôf Kategory:Persoan berne yn 1985