Iced Earth is in Amerikaanske metalband oprjochte yn 1984 yn Tampa. De band brocht yn 1990 syn debútalbum Iced Earth út. De teksten fan de band gean benammen oer horror, fantasy, kriich, mytology en skiednis. Iced Earth hat tretjin studio-albums en twa live-albums útbrocht.
Skiednis Iced Earth is yn 1984 troch gitarist Jon Schaffer oprjochten ûnder de namme The Rose, yn 1985 waard de namme feroare yn Purgatory, fanôf 1988 hjitte de band Iced Earth. Yn 1990 waard it album Iced Earth útbrocht, al rap dêrnei folge it twadde album Night of the Stormrider yn 1991. Nei it toernee folgjend op dit album gie de band twa jier lang mei skoft. Yn 1995 folge pas it tredde album Burnt Offerings. It fjirde album The Dark Saga út 1996 wue it earste mei drummer Mark Prator, en it lêste mei de âlde bassist Dave Abell, dy 't de groep ferliet nei it dien meitsjen fan de opnames. Hoewol 't Abell kreditearre waard foar it spyljen op it album, ferskynt bassist Keith Menser op de efterkant, omdat Century Media easke dat de toerende line-up fan de band op de hoes ferskine soe. Mar Menser waard ûntslein nei 't dúdlik waard dat er gjin fan de nûmers fan de band leard hie foar de toernee, hy waard ferfongen troch James McDonough, de nije drummer Mark Prator ferliet ek al gau wer de band en waard ferfongen troch Brent Smedley. Nei it barren fan 9/11 yn 2001 kaam sjonger Matt Barlow ta de konklúzje dat er bydrage woe oan de "echte wrâld". Barlow benadere Schaffer ein 2002 hjirmei, mar Schaffer oertsjûge Barlow om by de band te bliuwen. Doe 't Iced Earth begûn mei it opnimmen fan harren folgjende studioalbum The Glorious Burden, realisearre Schaffer him dat de sang fan Barlow net wie wat er winske; hy fûn dat it harren oan passy en kwaliteit ûntbruts, dus besleat er Barlow dochs gean te litten. Barlow waard in plysjeman by de plysje fan Georgetown. Hy waard by Iced Earth ferfongen troch Tim Owens. Yn 2021 ferlieten op drummer Brent Smedley nei, alle bandleden de band, neidat dúdlik wurden wie dat Jon Schaffer belútsen wie by de Bestoarming fan it Kapitoal ek it platenlabel Century Media ferskuorde it kontrakt dat hja hiene mei Iced Earth.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesIced Earthnovimber 1990Century MediaNight of the Stormrider11 novimber 1991Burnt Offerings1 maart 1995The Dark Saga20 maaie 1996Something Wicked This Way Comes22 juny 1998Horror Show25 juny 2001Tribute to the Gods21 oktober 2002The Glorious Burden12 jannewaris 2004SteamhammerFraming Armageddon(Something Wicked - Part 1)7 septimber 2007Setian Massacre,Ten Thousand StrongThe Crucible of Man(Something Wicked - Part 2)5 septimber 2008I Walk Alone,Setian MassacreDystopia17 oktober 2011 Century MediaPlagues of Babylon6 jannewaris 2014The CullingIncorruptible16 juny 2017
Live-albums Album Utbrocht op Label Alive in Athens19 july 1999Century MediaLive in Ancient Kourion15 april 2013
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opDays of Purgatory20 maaie 1997The Blessed and the Damned26 july 2004Enter the Realm of the Gods31 maart 2008The Chronicles of Darknessjuly 2017
Kategory:Amerikaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1984