Six Feet Under is in Amerikaanske metalband oprjochte yn 1993 yn Tampa. De band brocht yn 1995 syn debútalbum Haunted út. De teksten fan de band gean benammen oer de dea, ferwûnings, moard, polityk en cannabis. Six Feet Under hat trettjin studio-albums ien live-album útbrocht
Skiednis Six Feet Under is yn 1993 troch sjonger Chris Barnes fan Cannibal Corpse en gitarist Allen West fan Obituary oprjochte as njonkenprojekt mar nei't Barnes yn 1995 dien krige by Cannibal Corpse waard Six Feet Under in echte band. Yn 1998 ferliet Allen West Six Feet Under om wer by Obituary te gean spiljen, hy waard ferfongen troch Steve Swanson earder fan Massacre. Oant 2011 wie dit de iennichste feroaring yn de besetting fan Six Feet Under. Yn 2011 ferlitte bassist Terry Butler en drummer Greg Gall de band en oant 2013 binne der meardere wikselingen yn e besetting. Yn 2016 ferlit gitarist Steve Swanson de band hy waard opfolge troch Ray Suhy fan Cannabis Corpse. Yn 2017 komt gitarist Jack Owen de band fersterkjen.
Graveyard Classics Njonken studio-albums had Six Feet under ek fjouwer albums mei covers de Graveyard Classics útbrocht. Op de it earste album út 2000 steane covers van bands as Venom, Deep Purple en Black Sabbath. It twadde album dat útkaam yn 2004 is alhiel wijd oan it yn 1980 útbrochte album Back in Black fan AC/DC. It tredde album (2010) steane wer in ferskaat oan covers fan bands as Metallica, Mercyful Fate, Van Halen en Slayer, Op it fjirde album útbrocht yn 2016 wurde twa bands eare Judas Priest en Iron Maiden.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesHaunted26 septimber 1995Metal bladeWarpath9 septimber 1997Maximum Violence13 july 1999True Carnage6 augustus 2001Bringer of Blood22 septimber 2003Bringer of Blood131 maart 2005Commandment16 april 2007Death Rituals10 novimber 2008Undead21 maaie 2012Unborn18 maart 2013Crypt of the Devil4 maaie 2015Torment24 febrewaris 2017Nightmares of the Decomposed2 oktober 2020
Graveyard Classics Album Utbrocht op Label Graveyard Classics 23 oktober 2000Metal BladeGraveyard Classics 215 oktober 2004Graveyard Classics III18 jannewaris 2010Graveyard Classics IV: 666 -The Number of the Priest27 maaie 2016
Live-albums Album Utbrocht op Label Double Dead Redux28 jannewaris 2003 Metal Blade
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opA Decade in the Grave18 oktober 2005The Best of Six Feet Under2016
Kategory:Amerikaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1993