thumb|260px|Alestorm yn 2018. Fan l. nei rj.: Máté Bodor, Elliot Vernon, Gareth Murdock, Peter Alcorn en Christopher Bowes. Alestorm is in Skotske folkmetalband oprjochte yn 2004 yn Perth. Alestorm begûn yn 2004 ûnder de namme Battleheart fanôf 2007 is de band fierder gien ûnder de namme Alestorm. De band brocht yn 2008 syn debútalbum Captain Morgan's Revenge út. De teksten fan de band gean benammen oer drank en piraten. Alestorm hat sân studio-albums en twa live-albums útbrocht.
Skiednis De band waard oprjochte troch gitarist Gavin Harper en sjonger Christopher Bowes, oarspronklik wie de band in standert powermetalband, mar troch it sukses fan it nûmer "Heavy Metal Pirates" besleat de band om troch te gean mei in piratetema en folkmetaleleminten yn syn muzyk op te nimmen. Nei in perioade fan ynaktiviteit stjoerde Battleheart yn 2007 harren demo's nei it grutte Napalm Records, en de band krige fuortendalik in platekontrakt oanbean. Nei't Napalm Records tekene hie, feroare de band syn namme fan Battleheart yn Alestorm. It debútstudio-album, Captain Morgan's Revenge, waard begjin 2008 útbrocht. Yn april 2008 brocht de band de single "Heavy Metal Pirates" út, it nûmer dat op harren earste EP út 2006 stie. Yn septimber 2008 hie orizjineel lid gitarist Gavin Harper de band ferlitten. Hy waard opfolge troch Tim Shaw, mar nei in koart skoft fan toeren waard er ûntslein. Om de posysje fan de gitarist op te foljen, skeakele Dani Evans fan basgitaar oer nei gitaar en Gareth Murdock earder fan Waylander kaam by de band as ferfangende bassist. It twadde studioalbum fan de band Black Sails at Midnight waard útbrocht yn maaie 2009. Yn maart 2010 ferliet drummer Ian Wilson de band en waard ferfongen troch Peter Alcorn. Yn oktober 2011 foege Elliot Vernon him by de band as toetsenist. Dani Evans naam yn april 2015 ôfskied fan de band en waard ferfongen troch de Hongaarske gitarist Máté Bodor dy't earder by de band Wisdom spile. Yn juny 2022 komt it sande studio-album Seventh Rum of a Seventh Rum út.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesCaptain Morgan's Revenge25 jannewaris 2008Napalm RecordsBlack Sails at Midnight25 maaie 2009P Is for PirateBack Through Time3 juny 2011Sunset on the Golden Age1 augustus 2014Sunset on the Golden AgeNo Grave But the Sea26 maaie 2017Alestorm,MexicoCurse of the Crystal Coconut29 maaie 2020Treasure Chest Party Quest,Tortuga,Fannybaws,Pirate Metal Drinking CrewSeventh Rum of a Seventh Rum24 juny 2022Magellan's Expedition,P.A.R.T.Y.
Live-albums Album Utbrocht op Label Live at the End of the World15 novimber 2013Napalm RecordsLive in Tilburg28 maaie 2021
Kategory:Skotske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2004