Evile (in wurdboarterij dy't in gearlûking is fan 'e Ingelske wurden evil, "kwea", en vile, "walchlik") is in Ingelske metalband oprjochte yn 1999 yn Huddersfield. Evile begûn ûnder de namme Metal Militia fan 2004 ôf is de band fierder gien ûnder de namme Evile. De band brocht yn 2007 syn debútalbum Enter the Grave út. De teksten fan de band gean benammen oer de dea, kriich, moard, en Science fiction. Evile hat fiif studio-albums útbrocht.
Ferstjerren Mike Alexander thumb|200px|Bassist Mike Alexander by in optreden op it Tuska Open Air Metal Festival, yn Helsinki Op 5 oktober 2009 waard bassist, Mike Alexander net goed ûnder in toernee, hy ferstoar ûnderweis nei it sikehûs yn Luleå, Sweden. Hy stoar oan in longemboly, in bloedprop yn de longen. Evile iepene in betinkings-webstee foar harren ferstoarne bassist. Begjin desimber 2009 holden de oare leden fan Evile twa betinkingsjûnen foar Mike. Evile naam yn 2009 it Pantera nûmer "Cemetery Gates" op foar in spesjaal Dimebag Darrell-tributealbum fan Metal Hammer "Dimebag". It wie ek it lêste nûmer dat de band opnaam mei de bassist Mike Alexander.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesEnter the Grave27 augustus 2007EaracheInfected Nations21 septimber 2009Five Serpent's Teeth26 septimber 2011Eternal Empire,Cult,In Memoriam,In Dreams of TerrorSkull27 maaie 2013UnderworldHell Unleashed30 april 2021Napalm RecordsHell Unleashed,Gore,The Thing (1982)
Kategory:Ingelske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1999