Queensrÿche is in Amerikaanske metalband oprjochte yn 1982 yn Bellevue. De band brocht yn 1984 syn debútalbum The Warning út. De teksten fan de band gean benammen oer de leafde, fantasij, technology en polityk. Queensrÿche hat fyftjen studio-albums en seis live-albums útbrocht.

Skiednis Queensrÿche waard yn 1982 oprjochte troch gitaristen Michael Wilton en Chris DeGarmo, drummer Scott Rockenfield, bassist Eddie Jackson, en sjonger Geoff Tate. Yn 1998 wûn drummer Rockenfield in yndividuele Grammy, datselde jier ferliet gitarist Chris DeGarmo om persoanlike omstannichheden de band. Yn 2012 waard sjonger Geoff Tate ûntslein, om't der de filmrjochten fan Operation: Mindcrime efter de rêch fan de oare bandleden om ferkocht hawwe soe. Tate wurdt ferfongen troch sjonger Todd La Torre earder fan Crimson Glory. oer de merknamme Queensrÿche. De rjochter besleat dat beide partijen it rjocht hiene de namme te fieren, oant troch in gerjochtlike útspraak of in skikking bepaald waard hokker partij rjocht hie de namme te brûken. De rjochtsaak tusken Geoff Tate en de oare bandleden waard meardere kearen útsteld, mei om 't beide partijen útstel oanfregen yn ferbân mei ûnderhannelingen oer in skikking. Yn april 2014 waard in oerienkomst tusken beide partijen berikt, wêryn 't fêstlein wie dat de oerbleaune orizjinele leden Rockenfield, Wilton en Jackson de rjochten krigen op de merknamme "Queensrÿche". Tate hie ûndertusken yn 2013 al in nij album útbrocht ûnder de namme Queensrÿche Frequency Unknown. Nei ’t de skikking oankundige wie, feroare Tate de namme fan syn ferzje fan Queensrÿche yn Operation: Mindcrime.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesThe Warning7 septimber 1984EMIWarning,Take Hold of the FlameRage for Order14 july 1986Gonna Get Close to You,The Whisper,Walk in the ShadowsOperation: Mindcrime3 maaie 1988Eyes of a Stranger,I Don't Believe in LoveEmpire4 septimber 1990Empire,Best I Can,Silent Lucidity,Jet City WomanPromised Land18 oktober 1994I Am I,Bridge,Someone Else?Hear in the Now Frontier25 maart 1997Sign of the Times,You,sp00LQ2K14 septimber 1999AtlanticBreakdown,The Right Side of My MindTribe22 july 2003SanctuaryOpenOperation: Mindcrime II14 maart 2006RhinoI'm American,The HandsTake Cover13 novimber 2007Welcome to the MachineAmerican Soldier31 maart 2009If I Were KingDedicated to Chaos28 juny 2011RoadrunnerGet StartedQueensrÿche25 juny 2013Century MediaFalloutCondition Hüman2 oktober 2015Arrow of TimeThe Verdict1 maart 2019Dark Reverie,Man the Machine,Blood of the Levant

Live-albums Album Utbrocht op Label Operation: Livecrime28 oktober 1991EMILive Evolution25 septimber 2001SanctuaryThe Art of Live20 april 2004Extended Versions27 febrewaris 2007SonyMindcrime at the Moore3 july 2007RhinoShock Doctrine -The Classic 1989 Dallas Broadcast15 oktober 2020Taurus

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opThe Story So Far...1994Axe Killer Collection1999Greatest Hits27 juny 2000Classic Masters11 maart 2003Sign of the Times:The Best of Queensrÿche2007The Collection4 augustus 2008

Kategory:Amerikaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1982