Delain is in Nederlanske metalband oprjochte yn 2002 as projekt troch toetsenist Martijn Westerholt nei't er yn 2001 troch de sykte fan Pfeiffer ophâlde moast by Within Temptation. Om 2006 hinne waard Delain mear in gewoane metalband. De band brocht yn 2006 syn debútalbum Lucidity út. De teksten fan de band gean benammen oer pine, ferlangen, fertriet en de leafde. Yn 2021 besleat Westerholt om alle bandleden dien te jaan om't der ûnienichheid wie ûnder de bandleden en Westerholt fan Delain wer in projekt meitsje woe Delain uit elkaar als band, gaat verder als project van toetsenistDelain loses band membersDelain verder als project van Martijn Westerholt. Delain hat seis studio-albums en ien live-album útbrocht. Delain hat op alle trije de grutte Fryske metalfestivals spiele, Wâldrock 2009, Dokk'em Open Air 2013 en yn 2018 stiene hja op it poadium fan Into the Grave, op it aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesLucidity4 septimber 2006RoadrunnerFrozen,See Me in Shadow,Shattered,The GatheringApril Rain20 maart 2009April Rain,Stay Forever,Nothing LeftWe Are the Others1 juny 2012Get the Devil Out of Me,We Are the OthersThe Human Contradiction4 april 2014Napalm RecordsYour Body Is a Battleground,Stardust,Sing to MeMoonbathers26 augustus 2016Suckerpunch,The Glory and the Scum,Fire with FireApocalypse & Chill7 febrewaris 2020Masters of Destiny,Burning Bridges,One Second,Ghost House Heart

Live-albums Album Utbrocht op Label A Decade of Delain -Live at Paradiso27 oktober 2017Napalm Records

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opInterlude1 maaie 2013

Kategory:Nederlânske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2002