|} De tramwei Lippenhuzen - Easterwâlde bestie fan 1911 oant 1947.
Skiednis Yn 1911 waard troch de Nederlandsche Tramweg Maatschappij (NTM) de line Lippenhuzen - Easterwâlde iepene. In ôfstân fan sa'n 20 km. Der waard op dit trajekt riden mei steamtrams. De line waard sletten op 28 maaie 1947, mar bleau noch foar frachtferfier yn gebrûk oant 30 septimber 1962 troch de NS. Dêrnei is it trajekt opbrutsen.
Haltes (net folslein) Trijehoek - Lippenhuzen De Himrik Café Weg Wijnjeterp Leffertshutte - Weinterp Donkerbroek Hoeke - Makkingea Easterwâlde
Kategory:Tram yn Fryslân Kategory:Lippenhuzen Kategory:De Himrik Kategory:Weinterp Kategory:Donkerbroek Kategory:Easterwâlde Kategory:Bouwurk út 1911 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1962