It kabinet-Rutte IV wie fan 10 jannewaris 2022 oant 2 july 2024 it kabinet fan Nederlân. It waard nei de Twadde Keamerferkiezings fan 2021 foarme troch in koälysje fan de partijen VVD, D66, CDA en CU.
Mark Rutte (VVD) wie de premier, fise-premiers wiene Rob Jetten (D66) (wie Sigrid Kaag, D66), Karien van Gennip (CDA) (wie Wopke Hoekstra, CDA) en Carola Schouten (CU).
It kabinet joech nei de kabinetskrisis oer asyl op 7 juli 2023 dien en wie fan dy deis ôf demissjonêr. Op 2 july 2024 waard it kabinet-Schoof beëdige as opfolger.
Ministearjes It kabinet-Rutte IV hie 12 ministearjes (waarnimmers wurde net neamd):
MinistearjeMinisterMinister sûnder portefúljeSteatssekretaris Ministearje fan Algemiene Saken Mark Rutte (VVD) ¹ n.f.t. Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Hugo de Jonge (CDA) (wie Hanke Bruins Slot, CDA) wie Hugo de Jonge (CDA) Alexandra van Huffelen (D66) Ministearje fan Bûtenlânske Saken Hanke Bruins Slot (CDA) (wie Wopke Hoekstra, CDA) Liesje Schreinemacher (VVD) n.f.t. Ministearje fan Definsje Kajsa Ollongren (D66) Christophe van der Maat (VVD) Ministearje fan Ekonomyske Saken Micky Adriaansens (VVD) Rob Jetten (D66) Hans Vijlbrief (D66) Ministearje fan Finânsjes Steven van Weyenberg (D66) (wie Sigrid Kaag, D66) Marnix van Rij (CDA), Aukje de Vries (VVD) Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport Conny Helder (VVD) (wie Ernst Kuipers, D66) Pia Dijkstra (D66) (wie Conny Helder, VVD) Maarten van Ooijen (CU) Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat Mark Harbers (VVD) Vivianne Heijnen (CDA) Ministearje fan Justysje en Feiligens Dilan Yeṣilgöz-Zegerius (VVD) Franc Weerwind (D66) Eric van der Burg (VVD) Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit Piet Adema (CU) (wie Henk Staghouwer, CU) Christianne van der Wal (VVD) n.f.t. Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid Karien van Gennip (CDA) Carola Schouten (CU) n.f.t. Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip Robbert Dijkgraaf (D66) Mariëlle Paul (VVD) (wie Dennis Wiersma, VVD) Fleur Gräper (D66) (wie Gunay Uslu, D66 en Steven van Weyenberg, D66) ¹ Mark Rutte jout as minister-presidint lieding oan it ministearje fan Algemiene Saken.
Ministers sûnder takeparket Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking (ûnder BZ) - Liesje Schreinemacher Earmoedebelied, Partisipaasje en Pensjoenen (ûnder SZW) - Carola Schouten Enerzjy en Klimaat (ûnder EZK) - Rob Jetten Folkshúsfesting en Romtlike Oardering (ûnder BZK) oant septimber 2023 - wie Hugo de Jonge Lange-termyn Soarch en Sport (ûnder VWS) - Pia Dijkstra Natoer en Stikstof (ûnder LNV) - Christianne van der Wal Primêr- en Fuortset Underwiis (ûnder OCW) - Mariëlle Paul Rjochtsbeskerming (ûnder J&V) - Franc Weerwind
Sjoch ek List fan kabinetten fan Nederlân List fan Nederlânske ministearjes
rutte 4 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2022 Kategory:Organisaasje opheft yn 2024