Sibekarspel (offisjeel: Sijbekarspel) is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Medemblik. It doarp leit tusken Benninbroek en Gouwe, krekt noardlik fan Wognum. De doarpskearn fan Sibekarspel leit by Benningbroek, de rest fan it plak wennet yn lintbebouwing rjochting Gouwe.
Skiednis thumb|left|Protestantske tsjerke Sibekarspel wurdt yn 1310 neamd as Siboutskerspel, yn 1343 as Syboutskerspel en yn 1494 as Zypekerspel. De oarspronklike namme ferwiist nei in troch Sybout stifte parochy. It plak waard yn 1414 mei Benningbroek fan hartoch Willem VI de status fan stêd ferliend. Yn 'e Frânske tiid waard dy foarm fan plattelânsstedsrjocht wer opheft.
Oant 1 jannewaris 1979 wie Sibekarspel in selsstannige gemeente, dêr't ek Benningbroek en it buorskip It Hegelân by hearden. Yn 1979 waard de gemeente Sibekarspel mei de gemeenten Abbekerk, Midwâld, Opperdoes, Twisk en it doarp Hauwert gearfoege ta de gemeente Noarder-Koggelân, dy't op 1 jannewaris 2007 opgyng yn 'e nije streekgemeente Medemblik.
It besjen wurdich Sibekarspel hat in typysk plattelânskarakter en in grut part fan 'e doarpskearn is skildereftich. It doarp is as lytse kearn oanwiisd, itjinge betsjut dat fral lokale ynwenners yn 'e beneaming komme foar útwreiding en dat der by de nijbou rekken holden wurde moat mei de styl.
De 16e-iuwske tsjerke fan Sibekarspel stiet tusken de lintbebouwing rjochting Gouwe. Tsjintwurdich is de tsjerke lytser as eartiids; de toer en it koer waarden yn 'e 19e iuw ôfbrutsen.
Yn it doarp steane in tal 19e-iuwske karakteristike Noard-Hollânske pleatsen, dy't as ryksmonumint oanwiisd binne.
Kategory:Plak yn Medemblik (gemeente) Kategory:Eardere gemeente yn Noard-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1812 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1979