Singin' in the Rain is in Amerikaanske romantyske komeedzje yn 'e foarm fan in filmmusical yn Technicolor út 1952 ûnder rezjy fan Gene Kelly en Stanley Donen. De haadrollen waarden fertolke troch Kelly en Debbie Reynolds, mei Donald O'Connor en Jean Hagen yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Oan it Sjongen yn 'e Rein", en wie oernommen fan it it bekendste liet yn 'e film. It ferhaal folget filmstjer Don Lockwood, dy't fereale rekket op it talintearre dûnsereske Kathy Selden. Harren relaasje is pleatst tsjin 'e eftergrûn fan in lichtfuottige ôfskildering fan 'e filmyndustry fan Hollywood oan 'e ein fan 'e 1920-er jierren, doe't de filmstudio's frij hommels oerskeakelje moasten fan stomme film nei lûdsfilm. Singin' in the Rain krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar wie mar in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Tsjintwurdich wurdt de film faak beskôge as de bêste filmmusical ea makke en ien fan 'e bêste Amerikaanske films ea makke. Yn 1989 waard Singin' in the Rain foar preservearring opnommen yn it National Film Registry.
Plot Don Lockwood is yn 1927 in populêre stjer fan 'e stomme film, dy't himsels opwurke hat fan stuntman en noch earder hantsjemuoisfeint. Mei syn bêste freon Cosmo Brown hat er him jierren lyn op 'e syk nei wurk by de filmstudio Monumental Pictures jûn, dêr't Cosmo komponist, pianist en orkestlieder wurden is. Foar de publisiteit wurdt Don troch de studio keppele oan aktrise Lina Lamont, dy't yn in hiele rige films syn tsjinspylster is. Foar de bûtenwrâld lykje se it perfekte Hollywoodpearke te wêzen, mar eins kin Don de idele, oerflakkige, gemiene en oaljedomme Lina net útstean. Sy is der lykwols fan oertsjûge rekke dat it toanielstikje dat se foar de media opfiere, wier is, en dat Don smoarfereale op har is. Hoe't er ek op har ynpraat, dat kriget er har net út 'e holle.
Op 'e reade loper by de premiêre fan syn nijste film, The Royal Rascal, wurdt Don ynterviewd troch Dora Bailey, in liedende sjoernaliste fan 'e rabbersparse, oan wa't er op temûk sarkastyske wize in folslein oerdreaune ferzje fan syn libben ferteld, wêrby't syn wurden op humoristyske wize tsjinsputsen wurde troch flashbacks. As Don en Cosmo nei de premiêre ûnderweis nei in feest midden yn 'e stêd in lekke bân krije, wurdt Don bestoarme troch jonge froulike fans, dy't him letterlik de klean fan it liif begjinne te skuorren. Om te ûntsnappen spingt er yn in passearjende auto, dy't bestjoerd wurdt troch de jonge dûnseresse Kathy Selden.
Sy ken him earst net werom en mient dat er har auto stelle wol, mar as er har gerêststeld hat, biedt se him in lift oan nei syn hûs yn Beverly Hills. Underweis besiket Don har te fersieren, en om dat ôf te warren, beart Kathy dat se mar ien fan syn films sjoen hat om't se stomme films eins mar ûnnoazel fermaak fynt. Sels beweart se in toanielaktrise te wêzen en op it toaniel, hat men èchte akteurs, sa't eltsenien wit. Yn syn wjuk sketten jout Don syn besykjen ta fersieren op. Tsjin 'e tiid dat Kathy him thús ôfset, hawwe se rúzje krigen.
Nei't er him omklaaid hat, bejout Don him dochs noch nei it feest by R.F. Simpson thús, de direkteur fan Monumental Pictures. Dy lit dêr in koarte demonstraasje sjen fan in lûdsfilm, dêr't syn gasten lykwols de gek mei hawwe en beslist net fan ûnder de yndruk binne. It hichtepunt fan it feest is as der in grutte sabeare taart binnenriden wurdt, dêr't Kathy útspringt om mei in tal oare dûnsereskes in liet te sjongen foar de gasten. Don fynt dat prachtich nei har grutte wurden fan earder, en pleaget har der op ûnmeilydsume wize mei. As Kathy úteinlik har nocht hat, pakt se in echte taart, dy't se him yn it gesicht klappe wol, mar hy sjocht it oankommen en dûkt fuort, sadat de taart ynstee yn Lina har gesicht bedarret. Dy is poer, en Kathy naait út.
Neitiid siket Don har wikenlang, en syn maat Cosmo kriget op 't lêst foar it ferstân dat Don fereale rekke is op Kathy. Under de opnamen fan in nije stomme film, The Dueling Cavalier, makket Lina triomfantlik bekend dat sy derfoar soarge hat dat Kathy har baan kwytrekke en út 'e filmyndustry ferdwûn is. Don wurdt dêr alhiel breinroer oer, en wylst se in romantyske sêne opnimme wêryn't de achttjinde-iuwske Frânske ealman dy't er spilet de tsjeppe mar bleue frelle it hof makket dy't Lina spilet, byt er har mei in oanbiddende glimk op syn gesicht ta hoe bot oft er har hatet.
Uteinlik is it Cosmo dy't Kathy weromfynt. Hja wurket mei oan in oare produksje fan Monumental Pictures dêr't se net witte wa't sy is. As Don ferskynt, mient Kathy dat er har ferriede sil en bychtet se har geheim oan Simpson op, mar ta har ferheardens falt Don har by. Simpson, dy't sjoen hat dat se wier talint hat, beslút om har yn 'e tsjinst te hâlden, salang't se dat mar foar Lina geheim hâlde. Neitiid bekent Kathy dat se dochs altyd al in fan fan Don west hat.
Nei't de rivalisearjende filmstudio Warner Bros. in ûnbidich súkses hat mei de earste lûdsfilm, The Jazz Singer, hat Simpson gjin oare kar as om mei te gean mei de tiid en tenei ek lûdsfilms te produsearjen. Hy beslút dat The Dueling Cavalier, fan regisseur Roscoe Dexter, mei Don en Lina yn 'e haadrollen, de earste lûdsfilm fan syn studio wurde moat. Dat smyt lykwols withoefolle swierrichheden op, te begjinnen mei Lina har heechtoanige snerpende stimlûd en har swiere New Yorkske aksint. De studio hiert de foaroansteande logopediste Phoebe Dinsmore yn om har alteast normaal Amerikaansk-Ingelsk by te bringen, mar dat is om 'e nocht om't Lina it ferskil yn útspraak net heart. By de opnamen ferjit se boppedat hieltyd wêr't de mikrofoan sit, sadat se oanhâldend hiel lûd of frijwol net te hearren is, ta argewaasje fan regisseur Dexter.
In preview fan The Dueling Cavalier rint út op in fiasko. Lina har stim is folslein ûngaadlik foar in lûdsfilm, troch de fluktuëarjende sterkte fan it lûd is se amper te folgjen en ek de oare akteurs binne soms net te hearren. Don, dy't út gewoante wei op eigen manneboet syn dialooch oanpast hat, om't dat earder nea wat útmakke om't it dochs net te hearren wie, wurdt troch it bioskooppublyk útlake as er de tekst "Ik hâld fan dy" oan ien wei troch werhellet. Midden yn 'e film reitsje ta oermjitte fan ramp it byld en it lûd net mear syngroan, mei hilaryske gefolgen as Lina skodhollet wylst de smjunt syn swiere stim seit: "Ja! Ja! Ja!", wêrnei't de smjunt knikt en Lina har heech lûd seit: "Nee! Nee! Nee!"
As se neitiid trijeresom by Don thús it spul beprate, komme Don, Kathy en Cosmo op it idee om The Dueling Cavalier te feroarjen yn in filmmusical mei as titel The Dancing Cavalier. In probleem bliuwt wol Lina har ferskriklike stim. Cosmo betinkt dêr in oplossing foar: wat as se noris Lina har rol neisyngronisearje mei Kathy har stimlûd? Se lizze harren ideeën foar oan Simpson, dy't it geniaal taliket, mar harren op it hert drukt om net oan Lina te fertellen dat se neisyngronisearre wurde sil en alhielendal net mei waans stimlûd. Lina har freondinne Zelda Zanders bringt it geheim lykwols oan har út, en Lina is spinnidich. Se driget om Simpson foar de rjochter te slepen en twingt sa ôf dat Kathy gjin fermelding op 'e ôftiteling fan The Dancing Cavalier kriget. Dêropta easket se dat Kathy no foar altyd ynset wurde sil as har 'stim', en dat de bûtenwrâld dêr nea wat oer gewaarwurde sil. Simpson stimt dêr mei tsjinnichheid mei yn nei't er derop wiisd is dat Lina har kontrakt mei Monumental Pictures in klausule befettet, dy't stelt dat de studio der ferantwurdlik foar is dat de aktrise altyd posityf yn 'e media komme sil.
De premiêre fan The Dancing Cavalier is in ûnbidich súkses. Pas neitiid ûntdekke Don, Kathy en Cosmo wat Simpson mei Lina ôfpraat hat. Earder hie Don nei premiêres altyd in taspraak foar it publyk holden, mar no't it súkses Lina nei de holle stige is, stiet se derop dat se de oanwêzigen diskear sels tasprekke sil. Har hege en aaklik skerpe stimlûd liedt lykwols ta spottende reäksjes fan it publyk, dat begjint te roppen om har yn it echt sjongen te hearren. Don, Cosmo en Simpson mûskopje even wat mei-inoar, wêrnei't se Kathy opdrage om efter de gerdinen Singin' in the Rain te sjongen, sadat Lina, foar de gerdinen, it liet playbacke kin. Kathy, dy't dat as ferrie fan Don beskôget, docht mei tsjinnichheid wat har sein wurdt.
As it ferske healwei is, lûke Don, Cosmo en Simpson mei suver boasaardige wille de gerdinen iepen, sadat eltsenien sjen kin wa't der wier sjongt. Dat liedt ta hilariteit mank it publyk. Lina flechtet yn fernedering fuort en Kathy, dy't net beseft dat de mannen har no krekt foargoed fan 'e ynfloed fan Lina befrijd hawwe, naait ek oerstjoer en yn triennen út. Don hellet har lykwols werom en presintearret har oan it publyk as "de wiere stjer" fan 'e film. Letter tútsje Don en Kathy inoar foar it reklameboerd fan harren nije film, Singin' in the Rain.
Lieten Singin' in the Rain wie oarspronklik bedoeld as in fehikel foar it recycljen fan lieten dy't tekstskriuwer Arthur Freed en komponist Nacio Herb Brown foar eardere filmmusicals fan Metro-Goldwyn-Mayer út 'e perioade fan 1929 oant 1939 skreaun hiene. De film kin sadwaande beskôge wurde as in jukeboxmusical.
Fit as a Fiddle (and Ready for Love) (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Al Hoffman en Al Goodhart; oarspronklik útbrocht yn 1932) Temptation (yn Singin' in the Rain inkeld yn ynstumintele útfiering; skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Going Hollywood út 1933) All I Do is Dream of You (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik yn stadiger ferzje brûkt yn Sadie McKee út 1934) Make 'Em Laugh ( skreaun en komponearre troch Betty Comden en Adolph Green; orizjineel foar Singin' in the Rain, hoewol't it liet in opfallende likenis fertoand mei Be a Clown fan Cole Porter út The Pirate) Beatiful Girl Montage I've Got a Feelin' You're Foolin’ (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Broadway Melody of 1936 út 1935) The Wedding of the Painted Doll (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn The Broadway Melody út 1929) Should I? (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Lord Byron of Broadway út 1930) Beautiful Girl (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Stage Mother út 1933) You Were Meant for Me (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn The Broadway Melody út 1929) Moses Supposes ( skreaun troch Betty Comden en Adolph Green; komponearre troch Roger Edens; orizjineel foar Singin' in the Rain) Good Morning (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Babes in Arms út 1939) Singin' in the Rain (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn The Hollywood Revue of 1929 út 1929) Broadway Melody The Broadway Melody (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn The Broadway Melody út 1929) Broadway Rhythm (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Broadway Melody of 1936 út 1935) Would You? (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn San Francisco út 1936) Singin' in the Rain (reprize) You Are My Lucky Star (skreaun troch Arthur Freed; komponearre troch Nacio Herb Brown; oarspronklik brûkt yn Broadway Melody of 1936 út 1935)
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Don Lockwood Gene Kelly Kathy Selden Debbie Reynolds
byrollen