thumb|Gomarus Kolleezje yn Grins
It Gomarus Kolleezje is in sûnt 1974 besteande, grifformearde skoallegroep foar fuortset ûnderwiis yn Noard-Nederlân, mei praktykûnderwiis, vmbo, havo, vwo, gymnasium en ttû.
It Gomarus Kolleezje hat lokaasjes yn Assen, Drachten, Grins (5) en Ljouwert. Yn Grins binne lokaasjes oan de Magnoliastrjitte, Lavendelweg en trije lokaasjes oan it Vondelpad. Foar learlingen yn de boppebou fan havo/vwo is it allinnich mooglik om les te folgjen yn Ljouwert en op Vondelpad 1.
In lokaasje yn Súdhorn waard yn juny 2019 sletten fanwegen te min learlingen. Dat waard feroarsake troch it feit dat in soad learlingen út Súdhorn en omkriten yn Grins nei skoalle giene.Jierferslach 2019 Gereformeerde Scholengroep
Keppeling om utens Offisjele webside
Kategory:Grifformearde skoalle yn Nederlân Kategory:Skoalle yn Assen Kategory:Skoalle yn Grins (stêd) Kategory:Skoalle yn Ljouwert Kategory:Skoalle yn Drachten Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1974