Rustenburg is in stêd oan 'e foet fan 'e Magaliesberg yn 'e Súdafrikaanske provinsje Noardwest, 112 kilometer noardwestlik fan Jehannesburch. De stêd leit yn 'e gemeente mei deselde namme.

Rustenburg is ien fan 'e plakken yn it lân dat tige hurd groeid. Tichteby de stêd binne de twa grutste platinaminen en de grutste platinaraffinaderij fan 'e wrâld, Precious Metal Refiners (PMR). PMR produsearret likernôch 70% fan 'e platinaproduksje yn 'e wrâld. De rykswei N4 rint as in snelwei by de stêd lâns.

Rustenburg stiet bekend om syn noflike waar. De lokale lânbou produsearret sitrusfruchten, tabak, pinda's, sinneblompitten, maïs, weet en fee.

Yn Rustenburg stiet it Royal Bafokengstadion mei 40.000 sitplakken. It stadion wie ien fan 'e plakken dêr't yn 2010 spile waard om de kup fan it Wrâldkampioenskip fuotbal 2010.

Krekt noardlik fan Rutsenburg leit it Nasjonale park Pilanesberg mei grinzgjend dêroan Sun City.

Skiednis thumb|left|Nederlânsk Herfoarme tsjerke. Rustenburg waard yn 1850 troch foartrekkers stifte as bestjoerlik sintrum foar it omlizzende plattelân. Neffens dûmny Lion Cachet krige it plak de namme om't de Boeren dêr minder te lijen hiene fan ynfallen fan lânseigen stammen. Rustenburg wie om it sa te sizzen in rêstich plak. Op 11 febrewaris 1859 waard troch Dirk Postma de lokale grifformearde tsjerke fan Rustenburg stifte.

Guon fan 'e earste sittings fan it Transvaalske parlemint fûnen yn 1852 plak yn Rustenburg. De presidint fan 'e Súdafrikaanske Republyk (Transvaal ) Paul Kruger kocht yn 1863 Boekenhoutfontein, in buorkerij fan 5 km² noardwestlik fan Rustenburg. Yn 1971 waard de restauraasje fan 'e pleats foltôge, dy't útfierd waard troch de arsjitekt Johan de Ridder. Nei de restauraasje waard de pleats op 'e monumintelist ynskreaun. De pleats bestiet út trije gebouwen mei al it orizjinele meubilêr fan Paul Kruger.

Yn Thlabane, in doarp bûten Rustenburg, setten tsjin de midden fan 'e 19e iuw likernôch 1000 Afrikaansktalige Tswana's mei stipe fan it parlemint harren nei wenjen. Dat wiene minsken dy't lang op buorkerijen wenne hiene en njonken de taal ek de wensten fan 'e Afrikaners oernommen hiene. Troch brek oan ynfrastruktuer koene hja gjin Afrikaansk ûnderwiis folgje of nei de tsjerke gean. Sadwaande is dy mienskip oergien op Tswana en Ingelsk as eigen taal.

Boerenkrigen By de earste Britske besetting fan 1877 bouden de Ingelsen yn 'e kriich fan 1880-1881 in fort. De oanfal fan 'e Boeren op it fort wisten de Ingelsen ôf te slaan. Ek yn de Twadde Boere-oarloch waard om it gebiet fochten by Buffelspoort, Moedwil, Kosterrivier en Olifantsnek.

De famylje Bhyat Under de earste bewenners fan Rustenburg wiene ek kolonisten fan Yndiaaske komôf. De famylje Bhyat levere in grutte bydrage oan 'e skiednis fan Rustenburg, om't dy in izerhannel besiet, dy't foar de Boeren fan grut belang wie yn 'e kriich tsjin de Ingelsen. Foar de leveringen troch de famylje waard yn goud betelle. Nei de famylje waard letter in strjitnamme ferneamd.

Talen (sifers fan 2011 Afrikaansk 41,2% Tswana 27,9% Ingelsk 11,9% Súd-Sotho 4,0% Oars 15,0%

Berne Pik Botha Johan Botha (tenoar) John Cranko Bettie Cilliers-Barnard

Kategory:Plak yn Súd-Afrika Kategory:Plak yn Noardwest Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1850