De ruïnetsjerke fan it Noard-Hollânske doarp Oude Niedorp is de eardere 13e-iuwske herfoarme tsjerke fan it doarp. De tsjerke baarnde yn 1977 ôf nei't de bliksem it gebou trof en waard sûnt net wer opboud.
Skiednis De tsjerke giet werom op in 13e-iuwsk gebou, dat oan 'e hillige Werenfridus wijd wie. Yn 'e 14e iuw moast de tsjerke fanwegen fersakkings troch nijbou ferfongen wurde. Tsjin it ein fan 'e 15e iuw waard de tsjerke fergrutte mei twa sydskippen.
Om't it gebou fierder fersakke waard de toer fan 'e 13e-iuwske tsjerke yn 1738 ôfbrutsen en ferfongen troch in nije toer, dy't ek al gau fersakke. Yn 1800 waard de spits ôfbrutsen en in jiermannich letter folgen ek de sydskippen en de rest fan 'e toer. Boppe it westlike diel fan 'e tsjerke waard doe in dakruter boud. In restauraasje fan 'e tsjerke folge yn 'e jierren 1950.
Op sneintemiddei 3 april 1977, nei't der earder moarns in tsjerketsjinst west hie, waard de toer fan 'e tsjerke by swier waar troffen troch de bliksem. De fjoerbal yn 'e tsjerke feroarsake brân en allinne de muorren út 1648 bleane bewarre. Mei de brân gyng ek de 17e-iuwske preekstoel ferlern; it Frânske oargel en in Hugenoatebibel koene noch op 'e tiid út de tsjerke helle wurde.Noardhollânsk Deiblêd, 24 july 2011
Kategory:Bouwurk yn Hollâns Kroan Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Hollân Kategory:Bouwurk út 1648