How to Train Your Dragon 2, yn Nederlân útbrocht ûnder de titel Hoe Tem Je een Draak 2, is in Amerikaanske histoaryske fantasy-aventoerefilm út 2014 yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre lange tekenfilm foar jongerein en de hiele famylje. De film stie ûnder rezjy fan Dean DeBlois, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Jay Baruchel en America Ferrera. De titel betsjut "Hoe'tst dyn Draak Beleare Moatst 2". It is it twadde diel fan 'e filmsearje How to Train Your Dragon, en folget as sadanich op How to Train Your Dragon út 2010.
How to Train Your Dragon 2 wie, krekt as syn foargonger, loskes basearre op 'e romansearje mei deselde namme fan Cressida Cowell. It ferhaal spilet yn in fiktive Wytsingtiid op it ôfhandige eilân Berk, dêr't de knoffelige Hik út 'e earste film him ûnderwilens ûntjûn hat ta in gewante jongfeint. As er op ien fan syn flechten mei syn draak Toskeleas in groep drakefangers moetet dy't foar de ûnmeilydsume feroverder Drago Bloedfûst wurkje, wol er mei dyselde om 'e tafel om him op oare gedachten te bringen. Ear't Hik Drago fine kin, treft er lykwols in oare, ûnbekende drakerider, dy't syn deawaande mem Valka blykt te wêzen.
How to Train Your Dragon 2 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige positive resinsjes en wie ek yn 'e bioskopen bot kommersjeel súksesfol. De film waard nominearre foar de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm en wûn de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm, en noch seis Annie Awards dêropta. In trêde film yn deselde rige, mei as titel How to Train Your Dragon: The Hidden World, ferskynde yn 2019.
Plot Fiif jier nei't de Wytsingen fan it isolearre eilân Berk en de draken dy't har oan ien wei troch tramtearren, frede sleaten (sjoch: How to Train Your Dragon), libje se no gear yn folsleine harmony. Hik, syn faam Astrid en harren freonen Snotbongel Jorgenson, Fiskepoat Ingerman en de twilling Skoarre en Moarje Thorston binne no betûfte drakeriders, dy't geregeldwei mei harren fleanende draken wedstriden hâlde yn it skieppefangen. Hik hat it boppedat foar de moade om mei syn draak Toskeleas op ferkenning út te gean, wêrby't er allegeduerigen nije, ûnbewenne eilannen yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan ûntdekt en yntekenet op in eigenmakke lânkaart. Wat er minder fynt, is dat er, no't er tweintich jier is, troch syn heit Stompum de Mânske ûnder druk set wurdt om him op te folgjen as haadman fan Berk. Hik fielt dêr neat foar, om't er himsels noch lang net ree achtet foar sa'n grutte ferantwurdlikheid.
Op ien fan syn ûntdekkingsreizen wurdt Hik in nije eilân gewaar. Nei't Astrid har dêr mei har eigen draak by him jûn hat, geane se op ferkenning út boppe in tebaarnd wâld, dêr't se de restanten fan in fêsting ûntdekke, dy't alhiel ûnder it iis sit. Se moetsje in kloft manlju ûnder lieding fan in Eret, soan fan Eret, dy't nei eigen sizzen drakefangers binne. Dyselden besykje Toskeleas en Astrid har draak Stoarmmich te fangen, om se oer te dragen oan 'e ûnmeilydsume feroverder Drago Bloedfûst, dy't in leger fan ta slaaf makke draken oan it gearstallen is. Hik en Astrid witte mei harren draken te ûntkommen en fleane werom nei Berk, dêr't Hik oan syn heit fertelt wat se belibbe hawwe. Stompum harket mar heal nei it ferhaal, oant er de namme fan Drago Bloedfûst heart. Sadree't Hik dy namme uteret, jout syn heit it befel om Berk te fortifisearjen en oarderet er dat net ien it eilân noch ferlitte mei. Hy is derfan oertsjûge dat oarloch ûntsjinkearber is, mar Hik wegeret dat te leauwen. Tsjin syn heite wil yn fljocht er op Toskeleas fuort om Drago te sykjen en yn alle reedlikheid mei de man te praten, sadat er him fan syn healwize plannen ôfbringe kin. Astrid giet him efternei.
Hik en Astrid fine Eret en syn drakefangers oan board fan harren skip ûnderweis nei Drago, en om't Hik net wit wêr't er dyselde sykje moat, beslút er him oan Eret oer te jaan, sadat dy him by Drago bringe kin. Dat plantsje rint averij op as bliken docht dat Snotbongel, Fiskepoat, de twilling, Stompum en Hik syn mentor Rachelman Krôk him en Astrid op harren eigen draken folge binne. Stompum en Rachelman hawwe gjin inkele muoite om Eret en syn mannen út te skeakeljen, en dêrnei hjit Stompum syn soan om mei werom nei Berk te gean. Hik begrypt net wêrom't syn heit der sa wis fan is dat mei Drago net te praten falt, dat Stompum fertelt him dat er jierren lyn op in moeting fan Wytsinghaadlju west hat, dêr't harren mienskiplike drakeprobleem besprutsen waard. Dêr kaam ek Drago, dy't gjin haadman wie, mar dy't de oanwêzige haadlju derfan bewissige dat er harren swierrichheden oplosse koe, op betingst dat se foar him delbûgden en trou oan him swarden. Net ien dy't dat serieus naam, dat doe liet Drago troch syn draken de gearkomsteseal yn 'e brân stekke, wêrby't alle haadlju útsein Stompum sels omkamen.
Sels nei't er dat ferhaal heard hat, is Hik noch altyd wis dat er Drago op oare gedachten bringe kin as er de man mar te wurd krije kin. Dat, hy is syn heit op 'e nij oerhearrich troch jitris op Toskeleas fuort te fleanen, op 'e siik nei Drago. Ynstee moetet er in ûnbekende, maskere drakerider, deselde dy't neffens Eret de fêsting fan 'e drakefangers oanfallen en mei iis oerdutsen hie. Hja nimt him mei nei in keal rotseilân dat hol fan binnen is, en dêr't binnenyn om in waarmwetterboarne hinne in wielderich oerwâld groeit. As se har masker ôfset, docht bliken dat se nimmen oars is as Valka, de deawaande mem fan Hik, dy't tweintich jier earder by in drake-oanfal op Berk troch in draak oppakt en meinommen is. Se fertelt him dat se har der nea ta bringe koe om draken te deadzjen, en nei't se troch in draak ûntfierd wie, ûntdiek se dat draken eins hiel yntelliginte, sympatike bisten binne. Hja wie der lykwols wis fan dat se dat Stompum en de oare Wytsingen nea oan it ferstân krije kinne soe, dat se ornearre dat it foar eltsenien better wie as se net weromkearde nei Berk. De ôfrûne tweintich jier hat se oanhâldend draken rêden fan Drago syn fangers en út syn fâlen, dy't se gearbrocht hat op har eilân. Dêr libje se ûnder de hearskippij fan in ferbjusterbist, in alfadraak fan in reuseftige soarte, dy't de lytsere draken mei syn tinzen hearrich oan him meitsje kin.
Stompum en Rachelman binne op har eigen draken efter Hik oan gien. Hja berikke Valka har eilân, dêr't se besykje de tsjinakseljende Hik te 'rêden' sûnder nei him te harkjen, oant Stompum Valka sjocht. Sy ferwachtet dat er har ferwiten meitsje sil om't se him tinke litten hat dat se dea wie, mar Stompum is fierstente bliid dat er syn frou weromfûn hat. Underwilens binne Astrid en de oare jonge drakeriders troch Stompum oardere om werom te gean nei Berk, mar Astrid praat harsels oan dat Hik, Stompum en Rachelman wol finzennommen wêze kinne troch Drago, wêrnei't se de oaren oerhellet om mei te gean op in rêdingsmisje. Fiifresom ûntfiere se Eret fan syn skip om harren it paad nei de basis fan Drago te wizen. Under twang docht dy dat, mar sadree't se dêr arrivearje, wurde harren draken mei pylkjes mei in ferdôvjend middel besketten en finzen nommen. Inkeld Stoarmmich wit te ûntkommen. Eret besiket it lykje te litten as wie it altyd al syn doel om Drago de nije draken te besoargjen, mar Drago trapet dêr net yn en jout opdracht om him fan kant te meitsjen. Stoarmmich keart werom om Eret syn libben te rêden, mei as gefolch dat it bist ek finzen nommen wurdt. Fan Astrid har lulke drigeminten komt Drago oan 'e weet dat der in hiel eilân mei drakeriders bestiet. Hy beslút dat út te skeakeljen sadree't er ôfweefd hat mei dy iene drakerider en har drakekoloanje dy't him al jierren in stikel yn 'e foet is.
Eret, wa't dúdlik wurden is dat er fan Drago neat te ferwachtsjen hat, helpt Astrid en har freonen om te ûntkommen oan harren bewekkers. Se sykje harren draken op yn it rom fan Drago syn float, dêr't se har kâns ôfwachtsje. Dy komt as de float by it eilân fan Valka arrivearret, dêr't Drago en syn trewanten en draken fuortendaliks de oanfal ynsette. Hik, Valka, Stompum en Rachelman komme foar it ljocht om it eilân te ferdigenjen en krije help fan Astrid en har freonen. It docht lykwols bliken dat Drago (ûnder wetter) syn eigen ferbjusterbist meibrocht hat, dy't it frije ferbjusterbist fan it eilân útdaget om 'e macht oer syn draken. De twa reuseftige draken fjochtsje, mar it ferbjusterbist fan Drago wurdt it frije ferbjusterbist oermânsk en deadet him, mei as gefolch dat alle draken fan it eilân him hearrich wurde moatte. Hik wit einlings Drago te berikken, mei't er der noch altyd fan oertsjûge is dat er de man op oare gedachten bringe kin as er him mar te wurd kin. Dat blykt lykwols in grutte misrekken te wêzen, mei't dúdlik wurdt dat Drago hielendal neat om 'e draken jout; foar him binne se inkeld in middel om ta syn eigentlike doel te kommen: de oerhearsking fan 'e hiele wrâld. Under ynfloed fan Drago syn ferbjusterbist falt Toskeleas Hik oan, mar Stompum springt der krekt op 'e tiid foar, en wurdt yn it plak fan Hik deade.
Mei't er yn 'e ûnderstelling ferkeart dat Hik dea is, nimt Drago neitiid alle draken mei foar in oanfal op Berk. Hik, Valka, Rachelman, Astrid, Eret, Snotbongel, Fiskepoat en de twilling Skoarre en Moarje bliuwe strâne efter op it eilân. Se jouwe Stompum in Wytsingútfeart troch him op it wrak fan ien fan Drago syn skippen de see op driuwe te litten en dat yn 'e brân te stekken troch der fjoerpylken op ôf te sjitten. Hik, dy't sawol syn heit as syn bêste freon (Toskeleas) kwyt is, wit net mear wat er no moat. Syn mem praat him moed yn, wêrnei't er beslút dat Drago noch net fan him ôf is. Mei de oaren keart er werom nei Berk troch op 'e efterbleaune drakejongen te fleanen, dy't troch harren jonkheid noch ymmún binne foar de oerhearsking troch it ferbjusterbist.
As se op Berk oankomme, hat Drago it eilân al ferovere en ferkeare alle draken fan Berk ûnder ynfloed fan it ferbjusterbist. Nettsjinsteande dat giet Hik de konfrontaasje oan mei Drago, dy't der wol niget oan hat om ta te sjen hoe't Hik troch syn eigen draak Toskeleas deade wurdt. Ynstee docht bliken dat de bân tusken Hik en Toskeleas sterker is as de hypnoatysk-eftige oerhearsking troch it ferbjusterbist. Stipe troch Hik wit Toskeleas, ta ferbjustering fan Drago, dy oerhearsking fan him ôf te skodzjen. Mei help fan 'e oare drakeriders witte Hik en Toskeleas Drago fan it ferbjusterbist te skieden om sûnder help fan syn reuseftige draak mei him ôf te weven. Se wurde lykwols oanfallen troch it ferbjusterbist, dat harren mei in tsjûke iislaach oerdekt. Ynstee dat dat harren ein wurdt, blaast Toskeleas it iis yn in grutte ûntploffing fuort mei syn fjoerspuiende azem.
Neitiid is Toskeleas alhiel breinroer en daget er it ferbjusterbist út om 'e hearskippij oer de draken. It ferbjustere ferbjusterbist is reuseftige grut, mar ek loch en traach, en as Toskeleas him ferskate kearen in bel fjoer yn it gesicht spuit, ferliest er syn konsintraasje en ûntkomme de oare draken oan syn gryp. Foar de kar steld om ûnder de hearskippij fan it ferbjusterbist te libjen of ûnder dy fan Toskeleas, kieze se allegear foar it lêste. Dêrom begjinne se mei syn allen it ferbjusterbist oan te fallen. As in lêste massive bel fjoer fan Toskeleas ien fan 'e ûnbidige slachtosken fan it ferbjusterbist midstwa brekt, hat de grutte draak syn nocht en ferdwynt er mei Drago op syn rêch yn 'e see om út te piken. De Wytsingen en de draken fiere harren oerwinning. Hik wurdt de nije haadman fan Berk foar syn heit yn it plak, wylst Toskeleas no op it eilân oer de draken hearsket. Neitiid wurdt úteinset mei de reparaasjes oan it skeinde eilân, mar de bewenners fiele har no feilich yn 'e wittenskip dat harren draken eltse fijân de baas kinne.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise oarspronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje Hik Heislike Heilbot III Jay Baruchel Patrick Martens Astrid Hofferson America Ferrera Terence Schreurs
byrollen