Bringing Up Baby is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 1938 ûnder rezjy fan Howard Hawks, mei yn 'e haadrollen Cary Grant en Katharine Hepburn. De film wie basearre op in koart ferhaal fan Hagar Wilde mei deselde namme. De titel betsjut "It Fuortbringen fan Baby", mei dêryn besletten dat er nei it noarden (op in lânkaart omheech, up) brocht wurde moat, mar it is ek in wurdboarterij dy't lêzen wurde kin as "It Grutbringen fan Baby". It ferhaal folget in boekige paleöntolooch dy't der mei de gedachten oer it algemien net alhiel by is, as er tsjin wil en tank ferskate moetings efterinoar hat mei in healwize mar tsjeppe jonge frou. Sy hat fan har broer in panter tastjoerd krigen mei de namme Baby, en se spant de paleöntolooch foar har karke om nota bene op syn troudei ynstee mei har it bist út New York nei it lângoed fan har rike famylje yn Connecticut te bringen. Bringing Up Baby krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar flopte yn 'e bioskopen. Sûnt de 1930-er jierren is de reputaasje fan 'e film oanwoeksen ûnder sawol kritisy as it filmpublyk. Yn 1990 waard Bringing Up Baby útornearre foar preservearring yn it National Film Registry fan 'e Library of Congress.

Plot David Huxley is in boekige paleöntolooch út New York, dy't der mei de gedachten oer it algemien net alhiel by is. De ôfrûne fjouwer jier hat er foar it museum dêr't er wurket, dwaande west mei it gearstallen fan in skelet fan in brontosaurus, dêr't lykwols noch ien bonke fan ûntbrekt: de 'tuskenribskaaibonke'. Hy stiet boppedat op it punt om te trouwen mei syn assistinte, de strange Alice Swallow, dy't him al ferteld hat dat harren houlik foarearst platoanysk bliuwe sil, om't se net wol dat Huxley ôflaat wurdt fan syn wichtige wurk foar it museum. De druk dêr't er ûnder stiet wurdt noch fergrutte troch syn ferlet om in goede yndruk te meitsjen op 'e rike widdo Elizabeth Carlton Random, dy't it idee yn omtinken nommen hat om in miljoen dollar oan it museum te skinken.

De deis foar syn trouwerij hat Huxley op 'e golfbaan ôfsprutsen mei Alexander Peabody, de abbekaat dy't frou Random fertsjintwurdiget. De moeting rint lykwols folslein yn it hûndert as de golfbal fan Huxley, skynber by fersin, fuortslein wurdt troch Susan Vance, in tsjeppe jonge frou mei in frije geast, dy't har neat gelegen lizze lit oan 'e wetten fan 'e logika. Nei't Huxley úteinlik syn bal weromhelle hat, riidt Susan yn syn auto fuort, wêrfan't se úthâldt dat it harres is. Huxley set de efterfolging yn en mist sa syn golfwedstryd mei Peabody.

As er dy jûns in nije ôfspraak mei de abbekaat makke hat yn in restaurant, treft er dêr Susan wer, dy't him derfan beskuldiget dat er har oeral folget. Troch har tadwaan falt Huxley earst boppe-op syn hege hoed en rekket letter it jaske fan syn rokkostúm útskuord. As er by ûngelok op 'e seame fan Susan har jurk stean giet, skuort dêr fan efteren ek in stik ôf, wêrnei't er har, hear dat er is, nei har appartemint begeliedt om derfoar te soargjen dat nimmen har ûnderbroek sjocht. Dêrtroch mist er fannijs syn moeting mei Peabody. It docht lykwols bliken dat Susan kunde hat oan Peabody en wit wêr't de man wennet. As se jûns let dêrhinne geane, leit de abbekaat lykwols al op bêd. Susan beslút him wekker te meitsjen troch stientsjes tsjin syn sliepkeamersrút te smiten, mar as Peabody earder iependocht as ferwachte, goait se him mei in stien bewusteleas.

De oare deis wurdt by Huxley einlings de langferwachte tuskenribskaaibonke fan 'e brontosaurus besoarge. Wylst er risselwearret om dy by it museum ôf te jaan en dan nei juffer Swallow ta foar de trouwerij, wurdt er opskille troch Susan. Har broer Mark hat har út Brazylje wei in nuete panter stjoerd dy't Baby hjit. Se wit net wat se mei it bist oan moat en freget Huxley om help. Hy makket har dúdlik dat er neat mear mei har te krijen hawwe wol, mar as Susan stroffelet en delkneppelet mei in bats en in gjalp, mient er dat de panter har oanfallen hat, in misferstân dat sy frijmoedich oanfiteret. Hy hastiget him dêrom nei har appartemint ta, dêr't fuortendaliks útkomt dat der mei Susan neat mis is. Se hat lykwols al in echte panter yn har badkeamer, dy't neffens it begeliedend brief fan Mark delbêde wurde kin troch it liet I Can't Give You Anything But Love, Baby te sjongen. Neffens itselde bryfke hâldt it bist ek fan hûnen, al is it net dúdlik oft er graach mei hûnen omgean mei of dat se syn leaflingsiten binne.

Om't se de panter dúdlik net yn har appartemint hâlde kin, hat Susan besletten dat Baby nei it lângoed fan har famylje yn Connecticut ta moat, sadat se ris beprakkesearje kin wat se mei it bist oan moat. Se manipulearret Huxley om har te helpen en bring Baby dêrhinne. (Har motiven dêrfoar binne op dat stuit noch ûndúdlik, mar letter bychtet se oan har muoike op dat it foar har leafde op it earste gesicht wie doe't se Huxley op 'e golfbaan seach, en dat alle nuvere dingen dy't se sûnt útheefd hat, bedoeld wiene om him tsjin eltse priis by har te hâlden en foar te kommen dat er mei juffer Swallow trouwe koe.)

Nei in stikmannich brike aventoeren ûnderweis nei Connecticut arrivearje Huxley en Susan úteinlik mei Baby op it lângoed, dêr't se de panter opslute yn in hynstestâl. Om't Huxley ûnderweis Baby út in swannepoel wei wrakselje moatten hat, giet er ûnder de dûs. Susan makket fan 'e gelegenheid gebrûk om syn klean wei te nimmen en fuort te stjoeren om wosken en stoomd te wurden. (Dêrby is it har lykwols net te dwaan om 'e steat fan syn klean, mar om derfoar te soargjen dat er net fuort kin.) Underwilens komt Susan har muoike thús, dy't nimmen oars blykt te wêzen as Elizabeth Carlton Random, de pontinsjele skinkster fan jild oan it museum. Huxley, dy't op dat punt fan it ferhaal yn in neglizjee omrint om't dat it iennichste stik klean is dat er fine kin, smeket Susan om har muoike net te fertellen wa't er is, mei't er him gjin mindere earste yndruk foarstelle kin as dy't er op dit stuit ôfjaan moat. Susan, dy't gau-gau in namme foar him betinke moat, stelt him dêrom oan har muoike foar as menear Bone ("Bonke"), fanwegen de tuskenribskaaibonke fan 'e brontosaurus dy't Huxley noch hieltyd oeral hinne meidraacht.

Wylst Huxley gaadliker klean lient fan frou Random har túnman Gogarty, ûntdekt George, it hûntsje fan frou Random, de bonke, dêr't er mei útnaait. Huxley is yn alle steaten as er ûntdekt dat George de bonke, dy't fan ûnskatbere wearde is, earne op it lângoed bedobbe hat. As frou Random dy jûns majoar Horace Applegate útnûget sadat se mei har fjouweren dinearje kinne, rint Huxley, dy't noch altyd trochgiet foar Bone, hieltyd by de tafel wei as George nei bûten giet, om te sjen oft de hûn him ek nei syn bonke liede sil. Underwilens is der yn in plak deunby it lângoed in sirkus mei in panter dy't de dompteur oanfallen hat. De sirkusdirekteur beslút it bist ôfmeitsje te litten en stjoert twa fan syn mannen der mei de panter op út om nei in slachthûs yn in oanbuorjend plak ta, dat oer in gaskeamer beskikt.

Under iten kriget frou Random in tillegram fan Mark. Ut it petear dat folget, blykt dat Baby eins net bedoeld wie foar Susan, mar foar frou Random, mei't hja altyd al in panter hawwe wollen hat. Tsjin dy tiid is Baby lykwols út 'e stâl ûntsnapt mei't Gogarty sûnder euvelmoed de stâldoar iepenstean litten hat. As Susan dat foar it ferstân kriget, giet se der by tsjuster temûk mei Huxley op út om Baby te sykjen, hoewol't it Huxley mear te dwaan is om George, dy't ek útnaaid is. Se ûntdekke beide bisten oare kant in beekje, mar as se dat oerstekke wolle, blykt it lykwols ûnferwachts sa djip te wêzen dat se kopke-ûnder geane. As se úteinlik dweiltrochwiet de oare kant berikke, binne hûn en panter poater. Letter sjogge se oan 'e trochgeande wei de frachtwein fan it sirkus mei efterop de koai mei de panter. Susan sjocht dat bist foar Baby oan en nimt oan dat de mannen de panter fongen hawwe. Wylst Huxley harren oan 'e praat hâldt, lit sy de panter út 'e koai, wêrnei't dy fuortendaliks útpykt.

Te neare nacht ûntdekke Susan en Huxley ien fan 'e panters op it dak fan in oanbuorjende wente. Om him nei ûnderen te lokjen, begjinne se I Can't Give You Anything But Love, Baby te sjongen. Dat makket de bewenners, de psychiater Fritz Lehman en de frou, wekker, dy't de útlis fan 'e sjongende lju ûnder har finster net leauwe, en de plysje belje. Fan syn berop út nimt Lehman oan dat er mei lju fan dwaan hat dy't wat sljochtsinnich binne. De pleatslike konstabel, Slocum, en syn plysjes komme del om Susan en Huxley mei te nimmen nei it plysjeburo, dêr't se yn sellen opsletten wurde. Slocum leaut it betize ferhaal fan Susan en Huxley likemin, temear om't frou Random, as er har opskillet om te freegjen oft se in muoikesizzer hat dy't Susan hjit, him derfan bewissiget dat Susan op bêd leit en sliept. In dronken Gogarty wurdt troch Slocum-en-dy ek opsletten as er oer in panter begjint. Letter kriget frou Random foar it ferstân dat Susan mist, en set se nei it plysjeburo ta mei majoar Applegate, dy't ûnderwilens in eigen ûnoangename moeting mei de sirkuspanter hân hat. Tsjin dy tiid leaut Slocum neat mear en smyt er harren ek yn 'e sel as er by it tillefoantsje nei it lângoed frou Gogarty, de húshâldster, derfoar kriget, dy't úthâldt dat de echte frou Random op bêd leit en sliept.

Susan fertelt Slocum úteinlik mar wat er hearre wol, nammentlik dat se in trochwintere misdiedichster is dy't "Swingin' Door Susie" neamd wurdt. Mei alle oare finzenen foarmet se de Panterbinde, dy't ferantwurdlik is foar in hiele rige ûnoploste misdriuwen. Wylst Slocum kontrolearret oft har ferklearring wol goed opskreaun wurdt troch syn assistint, ûntkomt Susan troch in iepensteand finster. Ear't de plysjes har efternei kinne, arrivearret abbekaat Alexander Peabody, waans identiteit garandearre wurdt troch dokter Lehman, dy't him inkele dagen lyn noch troffen hat yn itselde restaurant dêr't Susan har jurk teskuord rekke. Peabody kin dêrop ynstean foar de identiteit fan alle oaren.

Slocum beseft syn flater en lit al syn finzenen frij, hoewol't er noch hieltyd it ferhaal oer in panter net leaut. Dat feroaret as George de terriër op eigen manneboet opdaagjen komt mei Baby de panter op sleeptou. Baby wurdt opsletten yn ien fan 'e sellen. Fuort dêrnei arrivearje de beide mannen fan it sirkus om by de plysje oan te jaan dat se hjir yn 'e omkriten in gefaarlike panter weitôge hawwe. Dat hawwe se amper sein of Susan komt werom mei Baby (tinkt se) oan in tou. De oars sa meigeande Baby akselet no lykwols danich tsjin, mar dochs slagget it har om it bist mei te krijen it plysjeburo yn, sadat se oan alle oanwêzigen sjen litte kin dat der in echte panter yn Connecticut omrint. De oaren begripe no lykwols dat it om 'e sirkuspanter gean moat, en Huxley rêdt Susan it libben fan it yrritearre bist troch it mei in stoel yn in oare sel te driuwen.

Inkele dagen neitiid, as Huxley wer werom yn New York is, set juffer Swallow him oan 'e dyk, mei't er de ôfrûne dagen neffens har sjen litten hat hoe't er wier yninoar sit. Hy is sadwaande net de man mei wa't sy trouwe wol. Letter, as Huxley oan it skelet fan syn brontosaurus wurket, siket Susan him yn it museum op. Se hat dagenlang George alle stappen efternei rûn en úteinlik hat de hûn har nei de missende bonke ta laat. Se beklimt in hege en wiffe ljedder om Huxley de tuskenribskaaibonke oer te langjen, en fertelt him ek dat har muoike oan har de miljoen dollar jûn hat en dat sy besletten hat dy oan it museum te skinken. Huxley is dêr wol tige wiis mei en as Susan him fertelt dat se fan him hâldt, moat er tajaan dat er ek gefoelens foar har ûntwikkele hat. Se ferrinnewearret lykwols fjouwer jier fan syn wurk as har ljedder omtrûdelet en se fan needs op it brontosaurusskelet klimt, dat ynstoart ûnder har gewicht. Huxley kin har noch krekt beetpakke en op syn steger helpe. Nei't Susan him bepraat hat om har te ferjaan, liket Huxley him derby del te lizzen dat syn libben tenei ien en al gaos wêze sil en krûpt er har oan foar in tút.