Dian Fossey (útspr.: [dai̭ˈæn ˈfɔsi], likernôch: "dai-jen fossy"; San Francisco, 16 jannewaris 1932 – Karisoke Research Center (Rwanda), 27 desimber 1985) wie in Amerikaansk mammaloge, publisiste en natoerbeskermster dy't yn Afrika wurke. Hja krige bekendheid troch har net wurch te krijen ynset foar de krityk bedrige berchgorilla yn Rûanda, dêr't se fan 1966 oant har dea yn 1985 ûndersyk nei die. Fossey wie ien fan 'e saneamd 'trimaten', trije promininte froulike biologen dy't mei primaten wurken en dêrfoar útsocht waarden troch paleöntolooch Louis Leakey (de oare beiden wiene Jane Goodall, dy't mei sjimpansees wurke en Birutė Galdikas, dy't orang ûtans bestudearre).
Njonken har wittenskiplike wurk krewearre Fossey fûleindich foar it behâld fan 'e berchgorilla, wêrby't se der net foar tebekskrille om fijannen te meitsjen. Dêrmei rêde se nei alle gedachten de berchgorilla fan it útstjerren. Yn 1983 publisearre se Gorillas in the Mist, in autobiografysk ferslach fan har wurk yn Rûanda en har eardere libben. Ein 1985 waard se mei in masjete deahoud yn har wente yn it troch har oprjochte Karisoke Research Center yn it Nasjonaal Park De Fulkanen. Hoewol't in ûndersyksassistint letter by ferstek foar de moard feroardiele waard, bestiet der oer de skuldfraach noch altyd gjin konsensus. Fossey har libben en wurk waarden popularisearre troch de biografyske film Gorillas in the Mist út 1988, mei Sigourney Weaver yn 'e haadrol.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Fossey waard yn 1932 berne yn San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de dochter fan George E. Fossey III, in assuradeur, en dy syn frou Kathryn "Kitty" Kidd, in mannekên. Har âlden skieden doe't se seis jier wie, en Fossey kaam by har mem te wenjen, dy't in jier letter wertroude mei sakeman Richard Price. Har heit besocht kontakt mei har te hâlden, mar har mem die war om dat te ûntmoedigjen en meitiid gie alle kontakt tusken heit en dochter ferlern.
Underwilens wegere har strange styfheit om Fossey as syn eigen bern te behanneljen; sa mocht se by it iten net by him en har mem oan tafel sitte. Fossey socht har taflecht yn har leafde foar bisten, dy't begûn mei har earste goudfisk en har hiele fierdere libben oanhâlde soe. Mei seis jier sette se útein mei hynsteriden. Fossey genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Lowell High School. Neitiid begûn se op oantrúnjen fan har styfheit mei in saaklike oplieding oan it Kolleezje fan Marin yn San Francisco, mar doe't se mei njoggentjin jier in simmerfakânsje op in ranch yn Montana trochbrocht, besefte se dat se eins mei bisten wurkje woe.
Tsjin 'e winsken fan har âldelju yn sette Fossey útein mei in tariedende oplieding foar bistedokter. Om't se net efter har libbenskar stiene, wegeren har rike âlden om har noch finansjele stipe te jaan. Fossey moast harsels sadwaande ûnderhâlde mei baantsjes as administratyf meiwurkster, laborante en fabryksarbeidster. Hoewol't se har tige by tige talei op har stúdzje, hie se grutte muoite mei bêtafakken as natuerkunde en skiekunde, dat se sakke foar it twadde jier fan har bistedoktersoplieding. Dêrop liet se harsels oerpleatse nei it Steatskolleezje fan San Jose yn San Jose, dêr't se fierder learde foar beropsterapeute. Yn 1954 studearre se ôf mei in bachelorstitel yn dy stúdzjerjochting.
Karriêre Iere jierren Fan 1954 ôf wurke Fossey yn 't earstoan mei tuberkuloazepasjinten yn ferskate Kalifornyske sikehuzen. Har leafde foar hynsteriden brocht har yn 1955 nei Kentucky ta, dat it sintrum fan 'e rutersport yn 'e Feriene Steaten is. Yn 1956 naam se yn Louisville (Kentucky) in baan oan as terapeute yn it Kosair Crippled Children's Hospital, dêr't se mei ynfalide bern wurke. Troch har bleue en ôfhâldige persoanlikheid koe Fossey iroanysk genôch goed mei bern opsjitte. Al rillegau rekke hja goed befreone mei Mary White Henry, de sekretaresse fan 'e direkteur fan it sikehûs, dy't mei dokter Michael J. Henry troud wie. De Henry's nûgen har út om har nei wenjen te setten op harren ranch, dêr't se njonken har wurk yn it sikehûs op deistige basis mei bisten wurkje koe. Ek ûnderfûn se dêr it leafdefolle gesinslibben dat se altyd misse moatten hie.
Yn 1963 sleat Fossey in liening fan $8.000 ôf (in jiersalaris) en foege dêr al har sparjild oan ta, sadat se op reis gean koe troch Afrika. Yn septimber fan dat jier arrivearre se yn Nairobi, de haadstêd fan Kenia, dêr't se de ferneamde akteur William Holden mette, dy't har yn 'e kunde brocht mei safarygids John Alexander. Dyselde begelate har de folgjende sân wiken op har reis troch Kenia, Tanzania, de Demokratyske Republyk Kongo en Rodeezje. Fossey besocht û.m. it Nasjonaal Park Tsavo, de sâltmar fan Manyara, dêr't flamingo's gearkomme, en de Ngorongoro-krater, dy't bekendstiet om syn wylderige floara en fauna.
Yn Tanzania die Fossey de Olduvai-kleau oan, dêr't se de Ingelske paleöntolooch Louis Leakey en syn frou Mary mette. Yn 'e Kongo besocht se de berch de Mikeno, dêr't de Amerikaanske soölooch George Schaller yn 1959 in jier lang baanbrekkend ûndersyk dien hie nei de berchgorilla (Gorilla beringei beringei), in ûndersoarte fan 'e eastlike gorilla (Gorilla beringei). Neitiid kaam se yn in hotel yn Oeganda yn 'e kunde mei Walter Baumgärtel, in natoerbeskermer dy't him o sa ynsette foar it behâld fan 'e berchgorilla. Baumgärtel brocht har yn 'e kunde mei de fotografen Alan en Joan Root, dy't har en Alexander meinamen it Virungaberchtme yn. Dêr seach Fossey op in dei foar it earst yn har libben mei eigen eagen berchgorilla's yn harren natuerlike habitat. Nei in ferbliuw by freonen yn Rodeezje kearde se werom nei Louisville om har liening ôf te lossen. Se publisearre trije artikels oer har Afrikaanske reis yn 'e pleatslike krante The Courier-Journal.
Oankomst yn Afrika en ûndersyk yn 'e Kongo Doe't Louis Leakey in pear jier letter in rûnreis troch de Feriene Steaten makke om lêzings oer syn wurk te hâlden, lei Fossey op 'e nij kontakt mei him doe't er yn Louisville spriek. Leakey koe har noch en stelde har letter foar dat se in langjierrich ûndersyk nei de berchgorilla yn 'e Kongo ûndernimme koe, krekt sa't in oare beskermelinge fan him, Jane Goodall, die by de sjimpansees yn Tanzania. Doe't Leakey dêrfoar de finansiering regele, folge Fossey in kursus Swahily (de lingua franca yn dat diel fan Afrika) en ferdjippe har acht moannen lang yn primatology. Se sei har baan op en sette ôf nei Afrika, dêr't se yn desimber 1966 yn Nairobi arrivearre. Underweis nei de Kongo die se it Gombe Stream Research Centre yn Tanzania oan, dêr't se yn 'e kunde kaam mei Goodall en dy har ûndersyksmetoaden mei sjimpansees observearre.
Fossey sette har eigen ûndersyk yn begjin 1967 útein, wêrby't se har op itselde plak fêstige dêr't George Schaller sân jier earder syn kamp hân hie. Alan Root learde har de fûneminten fan it spoarsykjen nei gorilla's en syn eigen spoarsiker Sanwekwe bleau neitiid efter om Fossey fierder by te stean. Sy en har assistinten wennen yn tinten en ieten oer it algemien ynblikt guod. Fossey identifisearre al rillegau trije ûnderskate famyljegroepen berchgorilla's yn har stúdzjegebiet, mar it slagge har yn 't earstoan net om deun by harren yn 'e buert te kommen. Letter ûntdiek se dat de gorilla's har akseptearren, of alteast gedoogden, as se harren hâlden en dragen neibearde, troch grommeljende lûden te meitsjen en in pleatslike plant te iten dy't besibbe is oan selderij. Yn har boek Gorillas in the Mist soe se har súkses mei it kontakt lizzen mei gorilla's fierhinne taskriuwe oan har eftergrûn as terapeute, mei't se in protte mei autistyske bern wurke hie.
Yn 1965 hie luitenant-generaal Joseph-Désiré Mobutu by in steatsgreep de macht grypt yn 'e Demokratyske Republyk Kongo. Dêrop folgen fiif jierren fan gaos yn it lân (de saneamde Kongokrisis), wêrby't ferskate opstannen plakfûnen yn 'e eastlike provinsje Kivu, dêr't Fossey har ûndersyksgebiet diel fan útmakke. Op 9 july 1967 krongen soldaten fan it regearingsleger it kamp fan Fossey binnen om har en har assistinten te arrestearjen, mei't se sjoen waard as in útlânske spionne. Se waard twa wiken fêstholden yn Rumangabo, foar't se wist te ûntsnappen troch har sipiers om te keapjen. Se berikte úteinlik it hotel fan Walter Baumgärtel yn it Oegandeeske Kisoro, dêr't se befrege waard troch de Oegandeeske autoriteiten, dy't har sterk ôfretten om noch nei de Kongo werom te kearen. By in moeting mei Louis Leakey yn Nairobi besleat Fossey, tsjin 'e goerie fan 'e Amerikaanske ambassade yn Kenia yn, om har ûndersyksprojekt hielendal op 'e nij te begjinnen yn Rûanda, oan 'e eastkant fan it Virungaberchtme.
Undersyk yn Rûanda Yn Rûanda hie Fossey kunde oan 'e Amerikaanse Roz Carr, en fia dyselde mette se de Belgise Alyette De Munck, dy't har holp in gaadlik plak te finen foar har nije ûndersykskamp. Op 24 septimber 1967 stifte Fossey it Karisoke Research Center yn in ôfhandich oerwâld op 3.000 m boppe seenivo, yn 'e bedelte tusken de fulkanen de Karisimbi yn it suden en de Bisoke yn it noarden. (De oantsjutting foar it kamp waard foarme út 'e nammen fan 'e beide bergen.) Fossey kaam mank de pleatslike befolking bekend te stean as Nyiramacibiri, dat safolle betsjut as "it frommes dat allinne op 'e berch wennet".
Oars as de berchgorilla's oan 'e Kongoleeske kant fan 'e bergen wiene de bisten yn Rûanda nea wend rekke oan ûndersikers en koene se minsken inkeld as streupers. It duorre dêrom folle langer ear't Fossey de gorilla's yn har nije ûndersyksgebiet oan har wenne litten hie en se fan deunby bestudearje koe. Yn 'e jierren dy't folgen, stalde se net inkeld in skatting fan it oerbleaune oantal berchgorilla's gear, mar die se ek wichtige ûntdekkings oer de libbenswize fan 'e bisten. Sa beskreau se hoe't wyfkes oergeane fan 'e iene nei de oare famyljegroep, hokker lûden gorilla's meitsje, wat se ite, hoe't de hierargy en sosjale relaasjes yn in troep wurkje, en dat der hiel selden ynfantiside foarkomt.
It ûndersyk fan Fossey waard, oant syn ferstjerren fia Leakey, fierhinne finansierd troch de Amerikaanske National Geographic Society. Yn 1970 stjoerde dy organisaasje de Australyske fotograaf Bob Campbell nei Rûanda foar in fotoreportaazje oer Fossey en har wurk. Fossey woe dêr earst net oan meiwurkje, mar Campbell wist har te bepraten mei it argumint dat ynnimmende foto's fan har en de gorilla's yn it populêre tydskrift National Geographic Magazine helpe soene om streuperij tsjin te gean. Sadwaande stie Fossey dat jiers op in omslach fan it bekende blêd, wat har op slach ta in bekend persoan makke.
Tsjin 1980 waard Fossey, dy't yn 1976 har doktoraat yn mammalogy behelle hie oan 'e Ingelske Unversiteit fan Cambridge, rûnom erkend as wrâlds liedende ekspêr op it mêd fan 'e fysiology en it hâlden en dragen fan 'e berchgorilla. Fan 1981 oant 1983 wie se as heechleararesse ferbûn oan 'e Cornell Universiteit yn 'e Feriene Steaten. Yn 1983 publisearre se Gorillas in the Mist, in autobiografysk ferslach fan har wurk mei de gorilla's en har libben dêrfoar, dat priizge waard troch de Nederlânske ornitolooch en Nobelpriiswinner Niko Tinbergen. Gorillas in the Mist is noch altyd it meast toanoanjaande wittenskiplike wurk oer gorilla's. Fossey naam te Karisoke ek ferskate Westerske ûndersyksassistinten oan, mar in protte fan dyselden joegen al rillegau op om't se net oer de drege (kâlde, wiete, dûnkere en drekkige) kondysjes yn Karisoke koene, dêr't men jin ornaris mei in masjete in paad klearje moast troch gers fan mear as twa meter heech.
Krewearjen tsjin streuperij