Guy Ropartz (folút: Joseph Guy Marie Ropartz; Guingamp, 15 juny 1864 – Lanloup, 22 novimber 1955) wie in Frânsk komponist, dirigint, muzikant en dichter fan etnysk Bretonsk komôf. Syn komposysjes omfiemen fiif symfonyen, trije fioelsonates, twa sellosonates, seis snaarkwartetten, in pianotrio, in snaartrio, trije balletten, in stikmannich koraalwurken en in ferskaat oan oare muzykstikken. Yn syn wurk liet Ropartz him hast altyd ynspirearje troch en ferwiisde er gauris nei syn Bretonske erfskip.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Ropartz waard yn 1864 berne yn Guingamp, yn it Frânske departemint Côtes-du-Nord, yn Bretanje. Hy folge syn muzikale oplieding yn 't earstoan yn Rennes, mar ferfolge dy fan 1885 ôf oan it Konservatoarium fan Parys yn Parys. Dêr studearre er ûnder Théodore Dubois en dêrnei ûnder Jules Massenet, en rekke er goed befreone mei de jonge Georges Enesco. Letter learde er foar oargelist ûnder César Franck.
Karriêre Fan 1894 oant 1919 stie Ropartz oan it haad fan it Konservatoarium fan Nancy yn Nancy, dat doedestiden in depindâns wie fan it Konservatoarium fan Parys. Dêr stifte er opliedings yn 'e altfioel (1894), de trompet (1895), de harpe en it oargel (1897) en de tromboane (1900). Hy sette ek útein mei in jierliks weromkearend seizoen fan symfonykonserten mei it troch him stifte orkest fan it konservatoarium, dêr't letter it Orchestre Symphonique et Lyrique de Nancy út fuortkomme soe.
Ropartz wurdt sterk assosjearre mei de weroplibbing fan 'e Bretonske kultuer út dy tiid, mei't er de teksten fan Bretonske skriuwers lykas Anatole Le Braz en Charles Le Goffic op muzyk sette. Hy stipe de striid foar selsbestjoer foar Bretanje, en joech him yn 1898 by de Bretonske Regionalistyske Uny (URB). Hy wie ek earefoarsitter fan 'e Bretonske Feriening fan Komponisten (ACB), dy't yn 1912 oprjochte waard.
Oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch kaam komponist Albéric Magnard, in freon fan Ropartz, om doe't er syn hûs ferdigene tsjin 'e binnenfallende Dútske troepen. De wente waard neitiid troch de Dútsers yn ljochte lôge set en baarnde oan 'e grûn ta ôf. Dêrby giene ferskate noch net publisearre manuskripten Magnard ferlern. Ropartz rekonstruëarre neitiid út syn ûnthâld wei ien fan 'e weirekke wurken, Magnard syn opera Guercœur.
Nei ôfrin fan 'e oarloch wie Ropartz fan 1919 oant 1929 direkteur fan it Konservatoarium fan Straatsburch yn Straatsburch, dat er ferhuze nei it it gebou fan it eardere parlemint fan Elzas-Loataringen. Yn dyselde tiid wied er ek dirigint fan it Filharmoanysk Orkest fan Straatsburch. Yn dy hoedanichheid oefene er gâns ynfloed út op 'e foarming fan jonge muzikanten lykas Charles Munch. Ropartz wie ek behelle, as sjuerylid, yn 'e takenning fan 'e Prix Blumenthal, in stúdzjebeurs dy't fan 1919 oant 1954 takend waard oan gâns ûnthjittende Frânske keunstskilders, byldhouwers, graveurs, skriuwers en muzikanten.
Lettere jierren en ferstjerren Yn 1929 gie Ropartz mei pinsjoen, wêrnei't er him weromloek yn syn lânhûs yn it Bretonske Lanloup. Yn 1949 waard er keazen as lid fan 'e Académie des Beaux-Arts ("Akademy fan 'e Skiene Keunsten"), dêr't er Georges Hüe opfolge. Ropartz gie troch mei it komponearjen fan muzykstikken oant er yn 1953 syn gesichtsfermogen alhiel ferlear en blyn rekke. Hy kaam twa jier letter, yn 1955, te Lanloup te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 91 jier.
Muzikale komposysjes Orkestrale muzyk symfonyen 1894–1895 – Symfony Nû. 1 Sur un choral Breton 1900 – Symfony Nû. 2 yn F lyts 1905–1906 – Symfony Nû. 3 yn E grut foar orkest, koar en soloisten 1910 – Symfony Nû. 4 yn C grut 1945 – Symfony Nû. 5 yn G grut 1887 – La Cloche des morts 1887 – Lamento foar hobo en orkest 1888 – Les Landes 1888 – Marche de fête 1889 – Cinq pièces brèves 1889 – Carnaval 1893 – Dimanche breton 1897 – Fantaisie en ré majeur 1912 – À Marie endormie 1912 – La Chasse du prince Arthur 1913 – Sons de cloches 1913 – Soir sur les chaumes 1928 – Rapsodie foar sello en orkest 1932 – Sérénade champêtre 1939 – Bourrées bourbonnaises 1943 – Petite symphonie en mi bémol majeur 1950 – Pastorales
Balletten 1887 – Fethlene 1893 – Pêcheur d'Islande 1912 – Le Pays
Keamermuzyk 1893–1949 – 6 snaarkwartetten 1904–1919 – 2 sellosonates 1907–1927 – 3 fioelsonates 1908 – Pièce yn E lyts, foar tromboane and piano 1892 – Fantaisie brève sur le nom de Magnard foar in snaarkwartet 1918 – pianotrio yn A lyts 1924 – 2 stikken foar in blaaskwintet 1928 – Prélude, Marine et Chanson foar fluit, fioel, altfioel, sello en harpe 1934–1935 – snaartrio yn A lyts 1936 – Entratta et Scherzetto foar in blaastrio 19?? – Andante et allegro foar trompet en piano
Koraalmuzyk 1886 – Kyrie solennel foar 4 solisten, koar en oargel 1889 – Offertoire pascal foar oargel 1897 – Psaume 136: "Super flumina Babylonis" foar koar en orkest 1900 – Cinq Motets foar 4 mongene stimmen à cappella 1921 – Messe brève en l'honneur de Sainte Anne foar trije lykstimmige stimmen en oargel 1923 – Messe en l'honneur de Sainte Odile foar mingd koar en oargel 1926 – Messe "Te Deum laudamus" foar 3 mongene stimmen en oargel 1938 – Requiem foar solisten, koar en oargel 1941 – Salve Regina foar mingd koar en oargel 1942 – Psaume 129: "De profundis" foar solisten, koar en oargel
Fokale muzyk Foar stim en orkest 1??? – Trois Prières 1??? – La Fleur d'or 1??? – Sous bois
Foar stim en piano 1894 – Berceuse 1899 – 4 Poèmes de l'intermezzo 1902 – Veilles de départ 1914 – Odelettes 1927 – Les Heures propices 19?? – La Mer 19?? – Amour d'hiver 19?? – Lied 19?? – Le Petit enfant 19?? – Sous bois 19?? – Rondel pour Jeanne 19?? – Rondel de miséricorde 19?? – Rondeau pour un délaissé de s'amye
Foar koar 1905 – Le Miracle de Saint Nicolas 1911 – Dimanche 1926 – Nocturne 1927 – Les Vêpres sonnent 19?? – Kyrie 19?? – Les Fileuses de Bretagne foar frouljuskoar
Pianomuzyk 1904 – Ouverture, variations et final 1904 – Choral varié 1911 – Nocturne No. 1 1913 – Dans l'ombre de la montagne 1916 – Nocturne No. 2 1916 – Nocturne No. 3 1916 – Scherzo 1917 – Musiques au jardin 1918 – Croquis d'été 1929 – Croquis d'automne 1929 – Jeunes filles 1936 – À la mémoire de Paul Dukas
Oargelmuzyk 1894 – Trois Pièces: Sur un thème Breton, Intermède, Fugue en mi mineur 1896 – Vêpres du commun des saints 1896–1901 – 6 Pièces pour grand orgue: Prélude funèbre, Prière, Sortie, Thème varié, Prière pour les trépasses, Fantasie 1917 – Introduction et allegro moderato 1919 – Rapsodie sur deux Noëls populaires 1919 – Trois Méditations 1919 – Au pied de l'autel
Literêre publikaasjes 1888 – Adagiettos (dichtbondel) 1889 – Modes mineurs (dichtbondel) 1892 – Les Muances (dichtbondel)
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Association Guy Ropartz
Kategory:Frânsk komponist Kategory:Frânsk dirigint Kategory:Frânsk muzikant Kategory:Frânsk dichter Kategory:Bretonsk persoan Kategory:Bretonsk nasjonalist Kategory:Persoan berne yn 1864 Kategory:Persoan stoarn yn 1955