thumb|Tagong út it noarden wei thumb|Tagong út it suden wei (Swaddepaed) Leechlân is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân, yn de provinsje Fryslân.

Leechlân leit krekt noardlik fan Bûtenpost, direkt súdeastlik fan It Paradyske en besuden Kollum, dêr't it ek ûnder falt. Leechlân bestiet hjoed-de-dei út njoggen huzen.

De Swadde en de Swaddesleat rinne by de buorskip lâns.

Yn 2013 krige de buorskip in plaknammeboerd mei syn Fryske namme, Leechlân.

Kategory:Buorskip yn Noardeast-Fryslân Kategory:Buorskip yn Kollumerlân Kategory:Kollum