Tomorrow Never Dies is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1997 ûnder rezjy fan Roger Spottiswoode. De haadrollen waarden fertolke troch Pierce Brosnan as geheim agint James Bond, Michelle Yeoh as Bond girl Lin Wai, en Jonathan Pryce as de smjunt Elliot Carver. De titel betsjut "Moarn Stjert Nea", en ferwiist skynber nei de krante dy't Carver útjout, dy't Tomorrow ("Moarn") hjit. Tomorrow Never Dies waard makke nei in folslein orizjineel senario.
De film folget James Bond, dy't diskear it útbrekken fan in driigjende oarloch tusken syn heitelân en de Folksrepublyk Sina foarkomme moat. Hy smyt dêrfoar de lapen gear mei de Sineeske geheim aginte Lin Wai. Tegearre ûntdekke se dat de sadistyske, megalomane mediamagnaat Elliot Carver beide kanten bespilet om aktyf in oarloch te feroarsaakjen, poer om't him dat útstjoerrjochten opleverje soe yn Sina, dat syn ynfloed oant no ta bûtendoar holden hat.
Tomorrow Never Dies wie it achttjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op GoldenEye, út 1995. It wie it earste diel út 'e rige dat makke waard nei it ferstjerren fan filmprodusint Albert R. Broccoli, dy't fan it begjin ôf oan by de rige belutsen west hie. Tomorrow Never Dies is oan him opdroegen. Fan 'e filmkritisy krige Tomorrow Never Dies mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e rige, The World Is Not Enough, kaam út yn 1999.
Titel De titel fan Tomorrow Never Dies hat neat mei libben of wurk te krijen fan Ian Fleming, de geastlike heit fan James Bond, mar waard ynstee ynspirearre troch de namme fan it liet Tomorrow Never Knows ("Moarn Wit Nea") fan 'e Beatles. Dêr waard fan makke Tomorrow Never Lies ("Moarn Liicht Nea"), ferwizend nei de krante Tomorrow, dy't yn 'e film de wichtichste publikaasje is fan it mediaympearium fan sakeman Elliot Carver. De úteinlike titel ûntstie troch in typflater: de l fan lies waard by fersin ferfongen troch de d fan dies. Filmdistributeur Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) fûn it op dy manear ûntstiene Tomorrow Never Dies sa oantreklik, dat it moast en soe de titel fan 'e wurde.
Plot Yntroduksjesêne James Bond, in geheim agint foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6, ferkent "oan 'e Russyske grins" in merk op it mêd fan 'e yllegale wapenhannel, wêrby't er fan op ôfstân begelaat wurdt troch syn superieuren yn Londen. Skout-by-nacht Roebuck fan 'e Britske Keninklike Marine slacht de goerie fan M, de sjef an MI6, om Bond syn misje ôfmeitsje te litten, yn 'e wyn. Hy jout it Britske fregat de HMS Chester befel om 'e merk mei in krúsraket op te blazen. Pas neitiid ûntdekt Bond de oanwêzigens fan twa nukleêre torpedo's oan 'e wjukken fan in Aero L-39 Albatros-strieljager, dy't te keap oanbean wurdt. De krúsraket is dan al bûten berik fan 'e HMS Chester en kin net weromroppen of ferneatige wurde. Bond moat alles op alles sette om 'e L-39 te kapen en dermei fuort te fleanen ear't de krúsraket doel treft, om sa in kearnramp foar te kommen, mar it slagget him.
Film It Britske fregat de HMS Devonshire is op patrûlje yn 'e Súdsineeske See as it oerflein wurdt troch in pear Shenyang J-11-strieljagers fan 'e Loftstriidkrêften fan it Folksbefrijingsleger (de Sineeske loftmacht), dy't in warskôging ôfjouwe om't it skip him djip yn territoriale wetters fan 'e Folksrepublyk Sina befynt. De bemanning fan 'e Devonshire checkt de posysje fan harren skip oan 'e hân fan GPS-ynformaasje dy't streekrjocht ôfkomstich is fan satelliten, en stelt fêst dat se har noch altyd yn ynternasjonale wetters befine. De spanning tusken beide partijen rint heech op.
Wat noch de Britten, noch de Sinezen witte, is dat mediamagnaat Elliot Carver fia de Amerikaanske techno-terrorist Henry Gupta (dy't oanwêzich wie op deselde yllegale wapenmerk dêr't Bond earder de L-39 stiel) in kodearapparaat bemachtige hat dat stellen is fan 'e Amerikaanske Striidkrêften. Dêrmei kinne GPS-gegevens ferfalske wurde. Carver syn trewant Richard Stamper, oan board fan in mei stealthtechnology tarist skip, dat fuortby de HMS Devonshire fart mar ûnsichtber foar de radar is, hat der mei dat apparaat foar soarge dat it Britske skip mear as 70 seemyl fan koers rekke is en him yndie djip yn 'e Sineeske territoriale wetters befynt.
As de Sineeske strieljagers op 'e nij oerfleane, stjoert Stamper in op eigen krêft ûnder wetter fuortbewegende boarmasine op 'e Devonshire ôf, dy't troch de Britten oansjoen wurdt foar in troch de Sinezen ôfwurpen torpedo. De boar boarret troch de romp fan it marineskip, sadat dat sinkt sûnder dat der bot skea oanrjochte wurdt. De bemanning stjoert in berjocht nei de Britske Admiraliteit dat se ta sinken brocht binne troch de Sinezen. Stamper sjit ien fan 'e beide strieljagers del, sadat de Sinezen miene dat it fleantúch delsketten is troch de Britten. Neitiid sjit er de Britske drinkelingen dea mei in mitrailleur mei Sineeske munysje. Dûkers fan it stealthskip stelle ien fan 'e krúsraketten út it sonken wrak fan 'e Devonshire.
Yn Londen is de top fan 'e Britske Striidkrêften yn alle steaten. Skout-by-nacht Roebuck stiet der by de minister fan Definsje op oan om 'e Britske float nei de Súdsineeske See te stjoeren. M besiket wat reedlikens yn 'e sitewaasje yn te bringen, troch te sizzen dat der earst mar ris ûndersocht wurde moat wat der no eins bard is, foar't it Feriene Keninkryk de Folkrepublyk Sina de oarloch ferklearret. De minister hinget nei har stânpunt oer, mar as dan de media fan Carver bekendmeitsje dat de Fjetnameeske kustwacht liken fan 'e drinkelingen fan 'e HMS Devonshire fûn hat dy't trochsingele binne mei Sineeske kûgels, feroaret er fan gedachten en jout Roebuck de frije hân om 'e float te stjoeren. M kriget sadwaande mar 48 oeren om in oarloch tsjin te kearen.
M is erchtinkend wurden foar Carver oer om't MI6 wit dat de nijsberjochten oer de trochsingele liken yn 'e media fan Carver oeren earder publisearre binne as dat de Fjetnameeske autoriteiten de liken eins fûn hawwe. Dêrom stjoert se James Bond nei Hamburch, dêr't it haadkertier fan Carver syn bedriuw stiet, om 'e man ris goed ûnder de lûp te nimmen. Hja oarderet him om Paris, de frou fan Carver, mei wa't Bond yn it ferline in relaasje hân hat, te brûken om oan ynformaasje te kommen.
Yn Hamburch docht Bond him foar as bankier en ynfiltrearret er de feestlike gearkomste yn it haadkertier fan Carver om 'e earste útstjoering fia in nij satellytnetwurk te fieren. Dêrmei binne Carver syn nijsprogramma's no yn 'e hiele wrâld te folgjen, útsein yn 'e Folksrepublyk Sina, dêr't him noch altyd útstjoerrjochten ûntholden wurde. Op it feest moetet Bond Paris wer, dy't him by wize fan begroeting in klap yn it gesicht jout, om't er al dy jierren lyn ôfskie fan har nommen hat mei de wurden "Ik bin direkt werom." Bond moetet ek in tsjeppe Sinese, Lin Wai, dy't seit dat se foar it parseburo New China wurket. Yn in petear mei Carver lit Bond ferskate kearen hints falle oer "ferdwaald wêzen" en "fan koers reitsjen" om 'e man út 'e tinte te lokjen. Dat slagget as Carver in kwartet swiere jonges op him ôf stjoerd om him yn in lûdtichte keamer te mishanneljen oant er fertelt wa't er is en wat er wol. Bond jout ynstee de fjouwer mannen in bêst wan bruien en bedjert dan Carver syn taspraak oan 'e wrâld fia it nije satellytnetwurk, troch de elektrisiteit yn it hiele gebou út te skeakeljen.
Letter kriget Bond yn syn hotelkeamer besite fan Paris, mei wa't er de nacht trochbringt nei't se har mei-inoar fermoedsoene hawwe. De oare moarns fertelt se him dat Carver boppe-yn syn haadkertier in geheim laboratoarium hat wêrfan't sy it bestean eins net heart te witten, en dat dat tagonklik is troch in lûk yn it dak. Underwilens is Carver poerrazen dat Bond him foar de hiele wrâld oer foar gek set hat. Gupta hat it petear fan Bond mei Paris op it feest, dat er ôflústere hat, ûntdien fan eftergrûnlûden, sadat it te ferstean is. Ut har wurden blykt dúdlik dat Paris altyd al wist dat Bond gjin bankier mar in geheim agint wie. Carver beskôget dat as ferrie en stjoert guon fan syn mannen efter har oan.
Bond kringt fia it lûk yn it dak it geheime laboratoarium binnen, dêr't er it kodearapparaat fan Gupta weromfynt en efteroer drukt. As er wer fuort sil sûnder opmurken te wêzen, brekt Lin Wai de haadtagongsdoar nei it laboratoarium iepen, mei as gefolch dat it alaarm ôfgiet. Bond en Lin witte allebeide, mei muoite, te ûntkommen, mar as Bond weromkeart yn syn hotelkeamer, treft er Paris dêr dea op syn bêd oan. Hja is fermoarde troch dr. Kaufmann, in Dútske hiermoardner dy't yn opdracht fan Carver wurket, en dy't Bond opwachtet en finzen nimt, mei de bedoeling om syn selsmoard yn sêne te setten. De beide moarden kinne dan ôfdien wurde as in gefal fan moard-selsmoard. Bond is Kaufmann lykwols te fluch ôf en deadet him ynstee.
Neitiid reizget Bond nei in basis fan 'e Amerikaanske Loftmacht op Okinawa, yn 'e Japanske Rjûkjû-eilannen. Dêr helpt syn âlde freon Jack Wade, in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, him om fêst te stellen dat fia it kodearapparaat yndie knoeid is mei de posysjebepaling fan 'e HMS Devonshire. Oan 'e hân fan 'e gegevens dy't yn it apparaat fêstlein binne, kin de wiere posysje fan it skip fêststeld wurde. De Amerikanen sette Bond dêr ôf mei in fleantúch, wêrnei't er him mei in parasjutesprong yn see weaget. Hy fynt it wrak fan 'e Devonshire werom, dat prekêr balansearre leit op 'e râne fan in ûnderseeske ôfgrûn. Hy giet it wrak binnen en ûntdekt dat ien fan 'e krúsraketten stellen is. Hy komt in oare dûker tsjin, mei wa't er hàst yn gefjocht rekket, oant er ûntdekt dat it Lin Wai is. Op dat stuit begjint it skip stadichoan yn 'e ôfgrûn te glydzjen, en inkeld troch gear te wurkjen witte Bond en Lin op 'e tiid te ûntsnappen.
As se boppe wetter komme, blykt Lin har skip ûnderwilens lykwols oernommen te wêzen troch Stamper en oare trewanten fan Carver, dy't har en Bond finzen nimme. Se wurde mei hânboeiens oaninoar fêstset en meinommen nei it regionale haadkertier fan Carver yn Súdeast-Aazje, dat sitewearre is yn it Fjetnameeske Saigon*. Lin, dy't in geheim aginte blykt te wêzen fan 'e Sineeske Eksterne Folksfeilichheidstsjinst, ken dêr de Sineeske generaal Chang werom, dy't krekt nei bûten komt. As Bond en Lin by Carver brocht binne, wol dy bêst útlizze wêr't er mei dwaande is, om't er dochs fan doel is en romje harren beiden út 'e wei. Hy skûlet ûnder ien tekken mei generaal Chang en wol in wapene konfrontaasje útlokje tusken de Britske en Sineeske floaten. As it Sineeske polytburo dan yn Peking yn spoedsitting gearkomt, is er fan doel en sjit de stellen krúsraket út 'e HMS Devonshire ôf op dat gebou, dêr't generaal Chang dan as iennichste polytburolid 'tafallich' net oanwêzich wêze sil om't er fêstsit yn 'e file. Neitiid sil it foar Chang in kâld keunstke wêze om frede mei it Feriene Keninkryk te berikken, mei't net ien fan beide partijen wier oarloch hawwe wol. Mei in nije reputaasje as fredesstifter sil nimmen yn Sina Chang noch fan 'e macht ôfhâlde kinne. En Carver kriget dan einlings de troch him sa fel begearde útstjoerrjochten yn 'e Folksrepublyk, sadat syn programma's tenei echt oeral op 'e wrâld te sjen binne. *) eins Ho Chi Minhstêd, mar yn 'e film wurdt konsekwint de âlde namme brûkt.
De beide geheim aginten wegerje lykwols om oan Carver syn snoade plannen mei te wurkjen. Se ûntkomme, noch altyd oaninoar boeid, op spektakulêre wize troch boppe-yn 'e wolkekliuwer út it finster te springen en har oan in reuseftich spandoek mei de likenis fan Carver nei ûnderen sakje te litten. Se stelle in motorfyts en besykje wei te wurden yn 'e grimelgrammel fan strjitsjes en steechjes yn 'e âlde binnenstêd fan Saigon, wêrby't se earst efterfolge wurde troch Carver syn trewanten yn in pear auto's en letter troch guon yn in helikopter. Troch iendrachtich gear te wurkjen, witte se mei alle tsjinstanners ôf te weven.