Jingle All the Way is in Amerikaanske krystkomeedzjefilm út 1996 ûnder rezjy fan Briant Levant, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger en de komyk Sinbad. De titel betsjut "Rinkel it Hiele Ein", en is in tekstregel út it bekende krystferske Jingle Bells. It ferhaal giet oer in wurkferslaafde heit dy't de deis foar kryst noch in krystkado foar syn jonge soan besiket te keapjen, as it soarte boartersguod dat it jonkje hawwe wol, oeral al útferkocht is. Syn wanhopige syktocht bringt him yn kontakt mei in psychopatyske postrinder, in autoritêre plysjeman en in klandestine swarthannelsoperaasje fan in groep krystmannen. Fan 'e filmkritisy krige Jingle All the Way oer it algemien negative resinsjes, en it wie yn 'e bioskopen mar in beskieden kommersjeel súkses. Nettsjinsteande dat hat film him troch de jierren hinne ta in soarte fan klassiker ûntjûn, dy't elts jier mei de kryst yn in protte lannen op 'e tillefyzje útstjoerd wurdt.

Plot Yn Minneapolis besteget de wurkferslaafde matrasseferkeaper Howard Langston tefolle oandacht oan syn baan en net genôch oan syn gesin. Dêrby stekt er allegeduerigen min ôf yn ferliking mei syn glûpske en koartby skieden buorman Ted Maltin, dy't temûk in eachje op Howard syn frou Liz hat. Nei't er in wichtige seremoanje fan syn jonge soan Jamie mist hat, wêrby't dy op karateles de pearse bân útrikt krige, besiket er dy jûns út alle macht om it goed te meitsjen mei it teloarstelde jonkje. Dêrom ûnthjit er dat Jamie oer twa dagen mei de kryst alles krije sil dêr't er om frege hat. Wat Jamie hawwe wol, is in beweechbere, selspratende Turboman-pop mei alle tabehear, dy't basearre is op 'e tige populêre bernesearje Turboman, oer de superheld mei deselde namme. Alle bern wolle sa'n pop hawwe, en as er dy net kriget, seit Jamie, sil eltsenien de gek mei him hawwe. Howard bewissiget him dat er nearne oer yn hoecht te sitten.

As se letter dy jûns op bêd geane, freget Liz oft Howard der wol oan tocht hat om in Turboman-pop te keapjen, sa't se him in wykmannich lyn opdroegen hat. Howard antwurdet fan wol, mar it is dúdlik dat it him glêd fergetten is. It komt him raar oer it mad as Liz seit dat dat mar moai is, om't dy dingen no nearne mear te besetten binne. Om't er wiif en bern net wer teloarstelle wol, set Howard op 'e dei foar kryst mei in ferlechje ôf, de stêd yn, dêr't er alle boartersguodwinkels ôfrint. Oeral blykt de Turboman-pop lykwols útferkocht te wêzen, al binne der noch genôch poppen fan Booster, it helpke fan Turboman, dêr't net ien belang by hat.

Op syn syktocht ûntwikkelet Howard in stadichoan út 'e hân rinnende rivaliteit mei Myron Larabee, in postrinder dy't ek oant it lêste momint wachte hat om in Turboman-pop foar syn soan te keapjen. Dêrnjonken kriget Howard it ferskate kearen oan 'e stôk mei de autoritêre plysjeman Hummell, dy't hieltyd by fersin de dupe fan Howard syn rimpenens wurdt. Ek hat er te lijen ûnder útlaitsjende winkelbetsjinden, ynklauwerige winkeleigners en in groep memmen dy't him mei hântaskes tenei komt as se miene dat se mei in pedofyl fan dwaan hawwe.

Yn in winkelsintrum wurdt Howard oansprutsen troch in keardel yn in krystmanpak, dy't him ynflústeret dat er him wol oan in Turboman-pop helpe kin. Hy en syn 'krystelf' Tony nimme Howard mei nei in ôfhandich pakhûs dêr't allegear lju yn krystmanpakken omrinne. It blykt in yllegale swarthanneloperaasje te wêzen. De winkelsintrumkrystman makket Howard mar leafst $300 ôfhandich foar in pop, mar as Howard dy útpakt, blykt it ding Spaansk te praten en boppedat útinoar te fallen as er it mar justjes oanrekket. Howard wol syn jild werom, mar dêr dogge de krystmannen net oan. Ien en oar liedt ta slaanderij fan Howard mei in groep krystmannen dy't abrupt einiget as de plysje in ynfal yn it pakhûs docht en alle krystmannen en krystelven oppakt. Yn 'e gaos wit Howard der tuskenút te knipen troch him foar te dwaan as ien fan 'e resjersjeurs.

As er neitiid ek noch mei syn auto by de dyk lâns komt te stean om't de benzine op is, giet Howard ûntmoedige nei in kafetaria, dêr't er nei hûs bellet om Liz de wierheid te fertellen. It is lykwols Jamie dy't opnimt. It jonkje wol dat Howard noris op 'e tiid thús komt, sadat er mei kin nei de jierlikse krystoptocht. Howard ferliest syn selsbehearsking en beskrobbet syn soan mei útset lûd, wêrnei't Jamie de hoarn derop smyt sûnder in boadskip foar Liz oan te nimmen. Neitiid, as Howard lulk en deprimearre oan 'e bar sit, komt Myron de postrinder de kafetaria binnen. Yn it petear dat folget, foarmje beide mannen in bân trochdat se yn deselde sitewaasje sitte, mar harren gefoel fan ûnderlinge ferbûnenens einiget abrupt as der oer de radio in priisfraach oankundige wurdt mei as priis in Turboman-pop foar dejinge dy't as earste alle rindieren fan 'e krystman opneame kin.

Howard is as earste by de tillefoansel, mar Myron skuort de hoarn fan 'e tillefoan derôf om foar te kommen dat hy de priisfraach winne kin. As se foar it ferstân krije dat it radiostasjon mar in pear strjitten fierderop sit, geane se dêr dravende hinne, wêrby't Howard hurder kin as Myron, dy't in swiere tas mei post meidrage moat. Om flugger te kinnen, begjint Myron brieven, krystkaarten en pakjes fuort te smiten. Howard is dochs as earste by it radiostasjon, dêr't er alle rindieren by namme neamt, mar ûnderbrutsen wurdt as Myron ek arrivearret. In nij gefjocht brekt út, dat pas ophâldt as de radio-discjockey harren fertelt dat er gjin Turboman-pop hat, mar in tegoedbon dy't men by in boartersguodwinkel (úteinlik) foar sa'n pop ynwikselje kin.

Tsjin dy tiid komt de plysje by it radiostasjon oan, dy't troch de discjockey opskille is doe't Howard in glêzen doar stikken sloech om dêr binnen te kommen. Myron bedriget de plysje lykwols mei in pakketsje dêr't neffens him in bom yn sit. Howard pykt út en ek Myron set ôf nei't er it pakketsje by de plysjeminsken efterlitten hat. It is plysjeman Hummell dy't net leaut dat der wier in bom yn sit en it pakketsje iepenmakket. De ûntdekking dat it wol deeglik in bom befettet, komt ek foar Myron, dy't de ûntploffing in pear ferdjippings leger heart, as in ferrassing.

As Howard weromkomt by syn auto, blike dieven dêr alle tsjillen en doarren ôf stellen te hawwen. Hy lit him troch in sleepauto thúsbringe, dêr't er út syn eigen tún wei sjocht hoe't buorman Ted by him yn 'e hûs de piik op 'e krystbeam set. Dat is wat dat Howard sels tradisjoneel altyd docht, dat hy is poer. As him tebinnen komt dat Ted earder dy deis tsjin him sein hat dat er al wiken lyn in Turboman-pop kocht hat foar syn soan Johnny, beslút Howard him in leske te learen troch dy pop foar Jamie te stellen. Hy brekt by Ted yn en pakt it kado mei de pop, mar moat troch de oankomst fan in krystkoar dat by de foardoar krystferskes begjint te sjongen, troch de efterdoar it hûs ferlitte. Op it lêste momint betinkt Howard him en beslút it kado werom te lizzen, mar yn 'e eftertún treft er lykwols it echte rindier dat Ted foar de kryst kocht hat, en dat bist mei Howard om 'e iene of oare reden net lije. Mei it rindier efter him oan flechtet er wer nei binnen ta, dêr't it bist in ravaazje oanrjochtet en op in hier nei it hûs yn ljochte lôge set. As de brânende kop fan it byld fan ien fan 'e trije wizen út in kryststâl dêr't Ted syn wenkeamer mei fersierd hie, troch it rút nei bûten fljocht en lyk foar de fuotten fan 'e koarleden telâne komt, wurdt Howard op syn ynbraak trappearre.

Liz hat gjin goed wurdt foar Howard syn dwaan oer en giet mei Ted, Jamie en Johnny nei de optocht, wylst Howard allinne efterbliuwt mei it rindier, dat er dronken fiert troch it in pear fleskes bier op te boarnen. Foar Liz, dy't der alhiel gjin erch yn hân hat dat Ted har eins de hiele dei al foarsichtich oan it fersieren is, komt it as in folsleine ferrassing as Ted har, nei't se de jonges ôfset hawwe, yn 'e auto besiket te tútsjen. Mar se hat gjin muoite om him dúdlik te meitsjen wat se fan dat idee fynt as se him mei in termoskanne mei eigenmakke advokaat foar de kop huft.

Underwilens is Howard dochs noch op eigen gelegenheid nei de optocht ta set, dêr't er letterlik plysjeman Hummell tsjin it liif rint en sa by fersin gleonhjitte kofje oer de (by de ûntploffing fan it pakketsje) ferbrânde hannen fan 'e man griemt. Efterfolge troch de lulke plysjeman siket Howard beskûl yn ien fan 'e omlizzende pakhuzen, dêr't er oansjoen wurdt foar de akteur dy't Turboman spylje sil by de optocht. De oarspronklike akteur is nammentlik swierferwûne rekke by in ûngemak mei it jetpack dat ûnderdiel útmakket fan 'e taris fan Turboman. Sa komt Howard ferklaait as Turboman op 'e wichtichste pronkwein fan 'e optocht. It docht bliken dat Turboman in bern út it publyk útkieze mei om in ekstra fraaie Turboman-pop oan út te rikken. Howard sjocht syn kâns skoan en kiest syn soan Jamie út.

It senario fan 'e optocht, dêr't Howard gjin weet fan hat, befettet in gefjocht tusken Turboman en syn aartsfijân Dementor, mar de akteur dy't Dementor spylje sil, is oerweldige en fêstbûn troch Myron de postrinder, dy't syn plak ynnommen hat. Myron hat it nammentlik foarsjoen op 'e Turboman-pop dy't Howard krekt oan Jamie útrikt hat. Der ûntstiet op 'e nij slaanderij tusken de beide mannen, wêrby't alle oanwêzigen mar miene dat it om in yn 't foar pland en goreografearre gefjocht giet. Allinne Liz beseft dat dat net sa is, om't se wit dat Jamie, dy't der ek by belutsen rekket, der nea foar oefene hat. Uteinlik moat 'Turboman' mei gefaar foar eigen libben syn jetpack brûke om syn soan te rêden, dy't efterfolge troch 'Dementor' nei it dak fan in omlizzend gebou flechte is en dêr ôf driget te kneppeljen. Grut is de ferheardens fan Jamie en Liz as blykt dat 'Turboman' nimmen oars as Howard is. Myron wurdt arrestearre troch de plysje, mar as Jamie him sizzen heard dat er allinne mar in Turboman-pop foar syn soan besocht te besetten, beslút er de Turboman-pop dy't Howard him jûn hat ôf te stean, want sels hat er no ommers de echte Turboman thús.

Yn in sêne dy't nei ôfrin fan 'e ôftiteling noch folget, set Howard dy jûns, sa't tradysje is, de piik op 'e krystbeam (dy't Liz der wer ôfhelle hie nei't Ted him der, earder dy deis, op set hie). As Liz him dêrnei freget wat er har eins foar de kryst jaan sil, beseft Howard ta syn ôfgriis dat er fergetten is om in krystkado foar syn frou te keapjen.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Howard Langston Arnold Schwarzenegger Myron Larabee Sinbad

byrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| personaazje | style="background:gold"| akteur/aktrise

| Liz Langston | Rita Wilson |- | Ted Maltin | Phil Hartman |- | Jamie Langston | Jake Lloyd |- | plysjeman Alexander Hummell | Robert Conrad |- | Johnny Maltin | E.J. de la Peña |- | krystman yn it winkelsintrum | James Belushi |- | radio-discjockey mei hynstesturt | Martin Mull |- | keatlingsmokende Booster | Curtis Armstrong |- | Tony de krystelf | Danny Woodburn |- | tige grutte krystman | Paul Wight |- | tige lytse krystman | Verne Troyer |- | kommentator Gale Force | Phil Morris |- | kommentatrise Liza Tisch | Amy Pietz |- | Turboman yn Turboman-ôflevering | Daniel Riordan |- | Dementor yn Turboman-ôflevering | Richard Moll |- | presidint fan 'e Feriene Steaten yn Turboman-ôflevering | Harvey Korman |- | first lady fan 'e Feriene Steaten yn Turboman-ôflevering | Laraine Newman |- | winkelbetsjinde yn boartersguodwinkel | Chris Parnell |- | winkelbetsjinde by toanbank | Nick LaTour

Produksje en distribúsje