De Julianatsjerke is in tsjerkegebou yn de Súd-Hollânske stêd Doardt. De tsjerke datearret út 1927 en waard yn in ienfâldige fariant fan de Amsterdamske Skoalle boud.
Skiednis De tsjerke waard yn 1927 boud foar de groeiende Grifformearde Tsjerke fan Doardt. De tsjerke wie grut genôch om 900 minsken te bergjen, mar yn 1976 waard de tsjerke sletten. In jier letter naam de Grifformearde Gemeente de tsjerke oer, dy't op 9 novimber 1930 ynstituearre wie. Yn 2004 waard der útein set mei in restauraasje. Fanwegen de groei fan 'e gemeente is ek it bankeplan feroare en in kreake fergrutte. De âlde banken binne doe nei de hersteld-herfoarme gemeente fan Nieuwerkerk (Seelân) en Roemeenje gien. Tsjintwurdich is der romte foar 1020 minsken.
Oargel It oargel fan 'e Julianatsjerke waard yn 1967 troch Van den Berg en Wendt boud yn 'e tsjerke fan 'e grifformearde gemeente oan it Kasperspad. By de ferhûzing nei de Julianatsjerke waard ek it oargel meinommen en yn it ramt dêrfan fergrutte fan 19 nei 26 registers ferdield oer haadwurk, rêchwurk en twa pedaaltuorren. Mei de renovaasje fan 'e tsjerke yn 2004 waard it oargel renovearre en útwreide. Bernardt Edskes fernijde de wynfoarsjenning, de wynladen, de traktuer, de kassen en tongwurken en fergrutte it oargel nei 32 registers ferdield oer haadwurk, rêchwurk en pedaal. Ek de spyltafel krige in nij plak tusken haadwurk en rêchwurk.Orgelnieuws, 21 april 2006
Keppeling om utens Orgelsite: Disposysje fan it orgel
Kategory:Bouwurk yn Doardt Kategory:Tsjerkegebou yn Súd-Hollân Kategory:Bouwurk út 1928 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân