Kyck over den Dyck is in nôtmûne oan 'e Noordendijk yn 'e Súd-Hollânske stêd Doardt. Fan 'e 100 mûnen dy't Doardt ea ryk wie, is Kyck over den Dyck de iennige mûne dy't bewarre bleaun is.

Skiednis Oarspronklik stie op it plak in yn 1612 boude houten standermûne, dy't mout mealle foar de Doardtske bierbrouwerijen. De standermûne waard yn 1713 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de hjoeddeiske rûne stiennen stellingmûne.

Sûnt 1739 meallet de mûne nôt. Yn 1871 rekke de mûne troch in wynhoas skeind. Beide roeden brieken en de stelling wie skansearre. Yn 1932 krige de mûne in elektromotor en dêrnei rekke de mûne yn ferfal.

Fan 1952 oant 1997 wie de gemeente eigner fan 'e mûne. Yn dat lêste jier waard de mûne oan 'e stifting Molen Kyck over den Dyck oerdroegen. Dy stifting liet de mûne wer mealree restaurearje. Yn oktober 2021 waard in restauraasje fan 'e wjukken foltôge.

Frijwillige mounders litte de mûne regelmjittich wurkje. Yn de mûne is in winkel mei ambachtlike produkten.

De flecht fan 'e mûne is 25,9 meter, de hichte fan 'e stelling 16,30 meter. Keppeling om utens De Hollânske Mûne Mûnedatabase Allemolens.nl

Kategory:Bouwurk yn Doardt Kategory:Stellingmole Kategory:Mole yn Súd-Hollân Kategory:Ryksmonumint yn Súd-Hollân Kategory:Bouwurk út 1713