Kathleen Doyle Bates (Memphis, 28 juny 1948) is in Amerikaanske aktrise en tillefyzjeregisseur.

Wurkpaad Bates studearre toaniel oan de Southern Methodist University en ferhûze neitiid nei New York foar in karriêre as aktrise. Hja krige ynearsten lytse rollen oant hja keazen waard foar har earste rol op it doek yn Taking Off (1971). Har earste optreden yn in lytsskalige teäterproduksje wie yn 1976. Yn de jierren 1970 en oant it begjin fan de jierren 1980 bleau hja aktyf op it poadium. Yn 1983 waard Bates nominearre foar in Tony Award as bêste haadrolspylstyer yn in toanielstik foar har rol yn 'night, Mother en yn 1988 wûn hja in Obie Award foar har prestaasje yn Frankie en Johnny in the Clair de Lune.

Har rol as Annie Wilkes yn de psychologyske thriller Misery (1990) betsjutte har grutte trochbraak yn Hollywood. Dy rol levere har de Academy Award op foar de bêste aktrise. Mear erkenning folge yn haar rollen yn Dolores Claiborne (1995), The Waterboy (1998), Fried Green Tomatoes (1991) en Titanic (1997). Oskar-nominaasjes folgen foar har bydragen oan Primary Colors (1998), About Schmidt (2002) en Richard Jewell (2019). Foar har tillefyzjewurk is hja in grut tal kearen nominearre foar in Emmy Award.

Njonken aktearwurk is Bates ek warber as regisseur.

Libben Yn 1991 troude Bates mei Tony Campisi, by wa't hja yn 1997 wei gyng. Bates is lid fan de United Methodist Church en de Demokratyske Partij.

Filmografy JierTitel (Alternative titel)Rol 1971 Taking Off Audysje sjongeres 1978 Straight Time Selma Darin 1982 Come Back to the Five and Dime, Jimmy Dean, Jimmy Dean Stella Mae 1983 Two of a Kind frou fan de meubelferkeaper 1989 Roe vd Wade Jessie 1989 No Place Like Home Bonnie Cooper 1990 White Palace Rosemary Powers 1990 Misery Annie Wilkes 1991 Shadows and Fog Prostitué 1991 At Play in the Fields of the Lord Hazel Quarrier 1991 Fried Green Tomatoes Evelyn Couch 1991 The Road to Mecca Elsa Barlow 1992 Prelude to a Kiss Leah Blier 1992 Used People Bibby Berman 1993 A Home of our Town Frances Lacey 1994 North Alaskan mom 1995 Dolores Claiborne Dolores Claiborne 1995 Angus Meg Bethune 1996 Diabolique Shirley Vogel 1996 The War at Home Maureen Collier 1997 Titanic Molly Brown 1997 Swept from the Sea Frou Swaffer 1998 Primary Colors Libby Holden 1998 The Waterboy Helen Boucher 1998 A Civil Action rjochter 1999 Annie 2000 Bruno Oerste 2001 American Outlaws 'Ma' James 2001 Rat Race Iikhoarnfrou 2002 About Schmidt Roberta Herzel 2002 Dragonfly Frou Belmont 2002 Love Liza Mary Ann Bankhead 2002 My Sister's Keeper Christine 2002 Unconditional Love Grace Beasley 2002 Who Shot Victor Fox 2003 The Tulsa Luper Suitcases: The Moab Story 2004 Little Black Book Kippie Kann 2004 Around the World in 80 Days keninginne Victoria 2005 Rumor Has It... muoike Mitsy 2006 Have Mercy 2006 Solace frou fan Marrow 2006 Bonneville Margene 2006 Relative Strangers Agnes Menure 2006 Failure to Launch Sue 2006 Charlotte's Web Bitsy de Ko 2007 Bee Movie Janet Benson 2007 Fred Claus mem fan Fred en Santa Claus 2007 The Golden Compass Hester 2007 P.S. I Love You Patricia 2008 The Family that Preys Charlotte Cartwright 2008 The Day the Earth Stood Still Regina Jackson 2009 Alice Hertenkeninginne 2009 Chéri Charlotte Peloux 2009 The Blind Side Sue 2009 Personal Effects Gloria 2010-2011 The Office US Jo Bennet 2011-2012 Harry's Law Harriet Korn 2011 Midnight in Paris Gertrude Stein 2013-2014 American Horror Story: Coven Delphine LaLaurie 2014 Boychoir Manager fan de skoalle 2014-2015 American Horror Story: Freakshow Ethel Darling 2014-2016 American Horror Story: Hotel Iris 2016 American Horror Story: Roanoke Agnes Mary Winstead 2016 Bad Santa 2 Sunny Soke 2017 Krystal Vera 2018 The Death and Life of John F. Donovan Barbara Haggermaker 2017 Disjointed Ruth 2018 On the Basis of Sex Dorothy Kenyon 2019 The Highwaymen Miriam Ferguson 2019 Richard Jewell Bobi Jewell 2020 Home Bernadette

Underskiedings (kar-út) Academy Award: 1991 (Misery) Emmy Award: 2012 (Two and a Half Men) en 2014 (American Horror Story: Coven) Golden Globe Award: 1991 (Misery) en 1997 (The late Shift) Screen Actors Guild Award: 1997 (The late Shift) en 1999 (Primary Colors) American Comedy Award: 1997 (The late Shift),1999 (Primary Colors) en 2000 (Annie) Blockbuster Entertainment Award: 1998 (Titanic) en 1999 (Primary Colors en The Waterboy)

Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk filmregisseur Kategory:Amerikaansk telefyzjeregisseur Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Persoan berne yn 1948