GoldenEye is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1995 ûnder rezjy fan Martin Campbell. De haadrollen waarden fertolke troch Pierce Brosnan as geheim agint James Bond, Izabella Scorupco en Famke Janssen as Bond girls Natalja Simjonova resp. Xenia Onatopp, en Sean Bean as de smjunt Alex Trevelyan. De titel betsjut "GoudenEach", en ferwiist yn 'e film nei in Russysk romtewapen, mar is eins ôflaat fan Goldeneye, it lângoed yn Jamaika fan Ian Fleming, de geastlike heit fan James Bond. GoldenEye waard makke nei in folslein orizjineel senario.
De film folget de Britske geheim agint James Bond as dyselde de dieverij fan 'e bestjoeringsskiven fan 'e GoldenEye-satelliten ûndersiket. Dat binne twa elektromagnetyske strielingswapens fan 'e Sovjet-Uny út 'e Kâlde Oarloch, dy't alle elektroanyske apparatuer binnen in omtrek fan 100 km fan har doelwyt útskeakelje kinne. Bond ûntdekt dat de dieven leden fan it Janus-misdiesyndikaat binne, dat ûnder lieding blykt te stean fan in âlde bekende.
GoldenEye wie it santjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Licence to Kill, út 1989. It wie de earste film wêryn't de rol fan Bond spile waard troch Pierce Brosnan. Fan 'e filmkritisy krige GoldenEye oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e rige, Tomorrow Never Dies, kaam út yn 1997.
Plot Yn 1986 wurde James Bond en Alec Trevelyan, twa geheim aginten foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6, op in misje stjoerd om in fabryk by Archangelsk, dêr't de Sovjet-Uny gemyske wapens produsearret, te ferneatigjen. Kolonel Arkady Grigorovitsj Oeromov, in ofsier fan it Reade Leger dy't oan it haad fan it fabryk stiet, kriget Trevelyan te pakken en eksekutearret him stânrjochtlik foar de eagen Bond. Dy wit lykwols it fabryk te ferneatigjen en sels te ûntkommen.
Njoggen jier letter, nei de Fal fan it Izeren Gerdyn en it ynstoarting fan 'e Sovjet-Uny, is Bond yn 1995 yn Monako op it spoar fan leden fan 'e Russyske organisaasje Janus, in misdiesyndikaat dat him taleit op 'e hannel yn yllegale wapens. In heechpleatst lid fan Janus, de tsjeppe Xenia Onatopp, ferliedt in Kanadeeske admiraal. As se him ienris op bêd hat, blykt se lykwols in sadistyske lustmoardneresse te wêzen en bringt se har slachtoffer om troch him tusken har skonken fyn te knipen oant er it troch ferstikking bestjert. Neitiid witte Xenia en in oar lid fan Janus, troch de identiteit fan 'e admiraal en syn frou oan te nimmen, tagong te krijen ta de presintaasje yn Monte Carlo fan in prototype fan in nije Frânske gefjochtshelikopter, dy't ûnkwetsber is foar elektromagnetyske strieling.
Ienris trochkrongen op it fregat dêr't de presintaasje plakfynt, nimme Xenia en har partner, dy't nimmen oars as kolonel Oeromov blykt te wêzen, it plak yn fan 'e beide testpiloaten nei't Xenia de echte piloaten fermoarde hat. Underwilens ûntdekt Bond op it jacht fan Janus dêr't Xenia de ûngelokkige admiraal mei nei ta nommen hie, yn in kleankast it stoflik omskot fan 'e man. Bond beseft wat Janus fan doel wêze moat en hastiget him nei de presintaasje ta om 'e misdiedigers tsjin te kearen. Hy wurdt lykwols sels tsjinholden troch befeiligingspersoniel, en moat helpleas tasjen hoe't Xenia en Oeromov sûnder swierrichheden mei de nije helikopter fuortfleane kinne.
Hja sette dermei nei in militêr satellytkontrôlesintrum yn it Sibearyske Sjevernaja, dêr't Oeromov beart dat er in ferrassingsynspeksje útfiert en sa de kommandant safier kriget dat dy him de bestjoeringsskiven fan 'e GoldenEye-satelliten oerlanget. Dat binne twa elektromagnetyske strielingswapens fan 'e Sovjet-Uny út 'e Kâlde Oarloch, dy't mei in nukleêre elektromagnetyske puls alle elektroanyske apparatuer binnen in omtrek fan 100 km fan har doelwyt útskeakelje. Neitiid sjit Xenia de kommandant en alle oare stêfleden dea, op kompjûterprogrammeur Boris Grisjenko nei, dy't ek foar Janus wurket. Foar't se fuortgeane, stelt Oeromov ien fan 'e satelliten, de Petja, yn om Sjevernaja mei elektromagnetyske strieling te treffen. Alle apparatuer yn it satellytkontrôlesintrum wurdt dêrtroch ferneatige en de skûtelantinne stoart yn. Trije strieljagers dy't troch de Russyske Loftmacht stjoerd binne nei't ien fan 'e meiwurkers foar syn dea it alaarm ôfgean litten hat, stoarte del. Yn 'e stellen helikopter binne Oeromov, Xenia en Grisjenko lykwols ymmún foar de ynfloed fan 'e strieling.
Yn it satellytkontrôlesintrum fan Sjevernaja is ien oerlibbene fan it bloedbad dat Xenia Onatopp dêr oanrjochte hat: de jonge froulike kompjûterprogrammeur Natalja Simjonova. Hja ûntkomt op 'e nij oan 'e dea as de skûtelantinne troch it dak fan it kontrôlesintrum sakket. It biedt har lykwols al in útwei út it kompleks, troch by it metalene skelet fan 'e skûtel op te klimmen. Bûtendoar ûntdekt se in hûneslide dêr't se mei út Sjevernaja ûntkomt.
Yn it haadkertier fan MI6 yn Londen binne Bond, stêfsjef Bill Tanner en M, it haad fan MI6, tsjûge fan it barren yn Sjevernaja. Hja wiene nammentlik op satellytbylden de oanwêzigens fan 'e stellen helikopter dêre gewaarwurden, en holden Sjevernaja sadwaande yn 'e rekken. As ynienen it byld swart wurdt, ta teken dat it kontakt mei de spionaazjesatellyt ferlern gien is, freegje Bond-en-dy har ôf hoe't dat no kin. Al rillegau komt der lykwols in oare satellyt binnen berik en sjogge se dat it kompleks alhiel ferrinnewearre is. Oan 'e hân dêrfan en fan 'e delstoarte strieljagers en de ferdwûne helikopeter riddenearret Bond út dat de Sovjets ein 1980-er jierren dochs it GoldenEye-projekt trochset hawwe moatte, wylst it Westen ornearre hie dat de Sovjet-Uny dêr doe de middels net mear ta hie. Hy freget him ôf wat him krekt yn it kontrôlesintrum fan Sjevernaja ôfspile hat, mar as er in persoan fia de resten fan 'e skûtelantinne út it gebou klimmen sjocht, beslút er dat der in tsjûge is dy't dat krekt wit.
Bond reizget nei Sint-Petersburch, dêr't it Janus-syndikaat fêstige is, en wurdt dêr by de lofthaven ôfhelle troch Jack Wade, in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA. Dy kin him net yn kontakt bringe mei de mysterieuze lieder fan it Janus-syndikaat, mar wol mei de wichtichste konkurrint fan Janus: Valentin Zûkovsky, in eardere KGB-agint dy't gangster wurden is, en dy't syn mankepoatsjen oan Bond te tankjen hat. Zûkovsky is net botte tankber dat Bond, sa't dy it sels neamt, him net sasear yn 'e skonk rekke, as wol de rest fan him mist hat. Mar Bond wit him om te keapjen om foar him in moeting mei de lieder fan Janus te beävensearjen. Underwilens is Natalja ek yn Sint-Petersburch oankommen, dêr't se fia e-mail kontakt opnimt mei Grisjenko, mei't se mient dat hy krekt as sysels ûntsnapt is oan 'e slachting yn Sjevernaja. As se lykwols mei him ôfpraat, ûntdekt se dat er gearwurket mei de moardners en wurdt se finzen nommen.
Op 'e moeting mei Bond yn in sauna, dy't Zûkovsky regele hat, komt net de lieder fan Janus, mar Xenia Onatopp ôf, dy't Bond besiket te fermoardzjen. Bond is har lykwols te fluch ôf en twingt har om him by de echte lieder fan Janus te bringen. Dat blykt nimmen oars te wêzen as syn âlde maat Alec Trevelyan, dy't njoggen jier earder yn Archangelsk syn eigen dea yn sêne set hat. It docht bliken dat Trevelyan syn âldelju Ljents-Kozakken wiene, in befolkingsgroep dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch oerrûn wie nei de kant fan nazy-Dútslân om tsjin 'e kommunisten te fjochtsjen. Oan 'e ein fan 'e oarloch joegen se har oer oan it Britske Leger yn Eastenryk, yn 'e ferwachting dat se nei in skoftke yn kriichsfinzenskip ferbleaun te hawwen, oanhelle wurde soene as bûnsgenoaten yn 'e Kâlde Oarloch fan it Westen tsjin 'e Sovjet-Uny. Ynstee leveren de Britten har daliks út oan 'e Sovjets, wêrnei't de hiele befolkingsgroep systematysk útrûge waard troch it Reade Leger. Trevelyan is dat nea fergetten en hat syn hiele libben op wraak tsjin it Feriene Keninkryk sind. No is it momint nei-oan kommen dat er dy wraak yn 'e praktyk bringe kin. As Bond dat allegear heard hat, besiket er Trevelyan dea te sjitten, mar ynstee wurdt er sels troffen troch in pylkje út in ferdôvingsgewear, wêrnei't er bewusteleas rekket.
As er wer bykomt, sit Bond mei Natalja fêstbûn yn 'e stellen helikopter, wylst de raketten fan 'e helikopter programmearre binne om ôffjurre te wurden en dêrnei de helikopter sels te ferneatigjen. Bond wit krekt op 'e tiid mei syn holle de sjitstoel te aktivearjen, sadat hy en Natalja op it nipperke ûntkomme oan 'e ûntploffing fan it tastel. Nei't se oan parasjutes wer del kommen binne, wurde se lykwols arrestearre troch Russyske troepen. Fan Natalja komt Bond oan 'e weet dat kolonel Oeromov de direkt ferantwurdlike is foar it bloedbad yn Sjevernaja. De beide finzenen wurde yn in kazerne yn Sint-Petersburch foarlaat oan Dimitri Mjisjkin, de Russyske minister fan Definsje, dy't Bond en MI6 as de dieders fan 'e slachting yn it satellytkontrôlesintrum sjocht. Der ûntstiet tusken Bond en de minister in heechoprinnende rûzje, dy't Natalja delbêdet mei de meidieling dat Oeromov de skuldige is en dat der noch in twadde elektromagnetyske-strielingswapen is, de Grisja, dêr't Oeromov de bestjoeringsskiven fan hat. Ear't Mjisjkin wat dwaan kin mei dy ynformaasje, wurdt er deasketten troch Oeromov, dy't dêrfoar Bond syn (yn beslach nommen) pistoal brûkt om it lykje te litten as is Bond de moardner.
Bond beslút net ôf te wachtsjen wat Oeromov fierder mei him fan doel is, en slacht de man bewusteleas. Hy en Natalja ûntsnappe út 'e ferhearkeamer, mar foar't se út 'e kazerne fuortkomme kinne, wurdt Natalja wer finzen nommen troch Oeromov-en-dy. Hja wurdt troch him en syn trewanten ûntfierd yn in auto. Bond kaapt op it binnenplak fan 'e kazerne in tank en giet der efteroan. By in spektakulêre efterfolging mei de tank troch de binnenstêd fan Sint-Petersburch rjochtet Bond gâns skea oan. Oeromov-en-dy witte lykwols te ûntkommen nei de pânsere trein fan Trevelyan, dêr't se de stêd mei ferlitte. Bond, dy't harren troch hat, snijt in stik ôf en stelt syn tank boppe-op 'e rails yn in spoartunnel op, sjit mei it kanon de lokomotyf oan grôt en sjocht dêrnei fan feilige ôfstân ta hoe't de trein troch de botsing mei de tank ûntspoart.
Bond giet oan board fan it wrak fan 'e trein en komt de fersufte Trevelyan en Xenia oer it mad. Hy hâldt harren ûnder skot, mar der ûntstiet in Mexican standoff as Oeromov deryn komt, dy't Natalja mei in fjoerwapen bedriget. Foar it blok set, kiest Bond derfoar om Oeromov dea te sjitten ear't er Natalja wat oandwaan kin, wat Trevelyan en Xenia de kâns biedt om te ûntkommen. Bond en Natalja komme fêst te sitten yn 'e treinwagon as Trevelyan de tagongen ôfslút. Hy lit Bond witte dat der in tiidbom yn 'e trein oanbrocht is dy't oer trije minuten ôfgean sil en pykt dan mei Xenia út yn in helikopter dy't út it dak fan 'e efterste, ûnskansearre wagon opstiget. Wylst Bond mei syn fan in laserstriel foarsjoene horloazje in gat yn 'e flier fan 'e wagon brânt, besiket Natalja op 'e yn 'e wagon oanwêzige kompjûter te trasearjen wêr't har "freon" Boris Gisjenko him befynt. Se komt derefter dat er earne yn Kuba wêze moat, wat har begryplik foarkomt, om't de Sovjet-Uny dêr in reservesatellytkontrôlesintrum boud hat. Sy en Bond ûntkomme op it nipperke oan 'e ûntploffing fan 'e trein.