Terminator 2: Judgment Day, ek wol koartwei Terminator 2 neamd, is in Amerikaansk-Frânske science fiction-aksjefilm út 1991 ûnder rezjy fan James Cameron, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Linda Hamilton, Robert Patrick en Edward Furlong. De titel betsjut "Beëiniger 2: Oardielsdei". It wie it twadde diel út 'e Terminator-filmsearje, nei The Terminator, út 1984.
It ferhaal giet oer de jonge John Connor, dy't yn 'e takomst de lieder fan it minsklik ferset wurde sil yn 'e oarloch tsjin in leger fan masines dat oanstjoerd wurdt troch de keunstmjittige yntelliginsje Skynet. Om syn tsjinstanner út te skeakeljen foar't er syn posysje berikke kin, stjoert Skynet jitris in robot werom yn 'e tiid om 'e jonge Connor te deadzjen, mar op 'e nij wit it ferset in beskermer werom te stjoeren om Connor te rêden. Dan is it inkeld noch de fraach wa fan beiden him it earst berikke sil.
De special effects fan Terminator 2: Judgment Day wiene baanbrekkend; sa waarden yn dizze film foar it earst yn 'e filmskiednis motion capture-techniken brûkt. Fan 'e filmkritisy krige Terminator 2: Judgment Day oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. De film wûn fjouwer Oscars, twa BAFTA's, fiif Saturn Awards en in Hugo Award, en wurdt beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms ea makke. Yn 2003 ferskynde in trêde diel yn deselde rige, mei as titel Terminator 3: Rise of the Machines.
Plot Wat foarôf gie Yn 2029 wurdt de Ierde oerhearske troch it Skynet, in keunstmjittige yntelliginsje dy't begûn is as in avansearre kompjûtersysteem. Nei't it op 29 augustus 1997 selsbewustwêzen krige, besleat it dat de minskheid in gefaar foar syn fuortbestean foarme dat útrûge wurde moast. It begie dy deis in genoside troch in kearnoarloch út te lokjen wêrby't mear as trije miljard minsken omkamen. De oerlibbenen neamden dat barren de 'Oardielsdei' ("Judgment Day"). Neitiid ûntjoech der him in oarloch tusken it leger troch Skynet oanstjoerde masines en it restant fan 'e minskheid, dy't him yn it foardiel fan Skynet ûntwikkele oant John Connor it befel oer it minsklik ferset oernaam.
Skynet boude in masine foar tiidreizgjen en stjoerde de Terminator, in cyborg mei in metalen skelet oerdutsen troch libben weefsel dy't it oansjen fan in minske hie, werom yn 'e tiid nei 1984 om Connor syn mem Sarah de deadzjen noch foar't se fan him yn ferwachting reitsje koe. It ferset ferovere lykwols de fasiliteit foar tiidreizgjen en Connor stjoerde in frijwilliger, Kyle Reese, werom yn 'e tiid om syn mem (en dêrmei himsels) te rêden. Sarah en Reese rekken fereale en brochten ien nacht mei-inoar troch foar't Reese omkaam yn 'e striid mei de Terminator. Dyselde faalde lykwols yn syn opset en waard ferneatige (sjoch: The Terminator). Neitiid bliek Sarah swier te wêzen.
Terminator 2: Judgment Day Yn 1995 wennet de teenager John Connor yn Los Angeles by pleechâlden Todd en Janelle Voight. Syn mem Sarah is opnommen yn in psychiatrysk sikehûs nei't se besocht hat in bomoanslach út te fieren op it fabryk fan kompjûterprodusint Cyberdyne Systems. Hja hat him syn hiele libben taret op syn takomstige rol as lieder fan it minsklik ferset yn 'e oarloch tsjin 'e masines, mar om't er it fan alle kanten te hearren krigen hat, is John begûn te leauwen dat syn mem sljochtsinnich is. Hy is der sadwaande fan oertsjûge rekke dat al har ferhalen neat oars as paranoïde optinksels binne. Nei de eardere mislearring besiket Skynet it op 'e nij en stjoert jitris in Terminator werom yn 'e tiid. It slagget Connor-en-dy om dêr wer in eigen beskermer efteroan te stjoeren.
De nije cyborg dy't troch Skynet stjoerd wurdt, is in T-1000, in avansearre prototype makke fan in mimetyske mearfâldige legearing dy't oantsjut wurdt as 'floeiber metaal'. It ding kin dêrom de foarm oannimme fan elts mooglik foarwerp fan gelikense grutte. It kin ek syn earms of oare lichemsdielen feroarje yn blanke wapens lykas swurden en daggen, mar net yn fjoerwapens, om't dat apparaten mei bewegende dielen binne. De T-1000 deadet nei oankomst yn 1995 in plysjeman, stelt syn plysje-auto en nimt de foarm fan in man yn plysje-unifoarm oan. Underwilens arrivearret ek John syn beskermer yn 1995: in ferâldere, troch it ferset werprogrammearre T-800 Model 101 Terminator, dy't der krekt sa útsjocht as de Terminator dy't yn 1984 stjoerd waard om Sarah Connor te fermoardzjen. Hy giet nei in kroech dy't besocht wurdt troch ûnhuere motorriders, mishannelet dêr in groepke fan dyselden en stelt de klean, wapens en motorfyts fan ien harren.
De Terminator en de T-1000 folgje allebeide it spoar fan 'e noch yn loksillige ûnwittendheid ferkearende John nei in winkelsintrum, dêr't de T-1000 him it earst gewaar wurdt. Om't John net fiis fan wat stellerij is, naait er út foar wat er tinkt dat in plysje is. Dêrby rint er de Terminator tsjin it liif, dy't de T-1000 sa lang opkeart dat John op syn brommer ûntsnappe kin. De T-1000 kaapt in passearjende truck, wêrmei't er John efterfolget troch in drûchsteand ôffierkanaal foar wetteroerskotten, dat dwers troch Los Angeles rint. As John op it punt stiet om deariden te wurden, ferskynt de Terminator op syn motor, dy't him it libben rêdt. De truck riidt tepletter tsjin in te behindige brêge oan, mar de T-1000 oerlibbet it sûnder ek mar de minste skea op te rinnen.
Neitiid leit de Terminator oan John út wat der oan 'e hân is, en John moat eefkes bekomme as er beseft dat alles dat syn mem him ferteld hat dus dochs wier is. Ut in tillefoantsje nei syn pleechâlden meitsje John en de Terminator op dat de T-1000 Todd en Janelle fermoarde hat en John dêre no opwachtet wylst er de foarm en stim fan Janelle oannommen hat. Om't John bang is dat de T-1000 ek syn biologyske mem fermoardzje sil, oarderet er de Terminator om him te helpen om Sarah út it psychiatrysk sikehûs te befrijen.
Underwilens is yn it psychiatrysk sikehûs de plysje by Sarah op besite west, mei't deselde man dy't yn 1984 in hiel plysjeburo útmoarde (sjoch: The Terminator) dy middeis troch befeiligingskamera's filme is by in sjitpartij yn in winkelsintrum. Se wolle fan har witte wa't er is en wêr't se him fine kinne, mar Sarah, dy't beseft dat Skynet wer in nije Terminator stjoerd hawwe moat, hâldt har fan 'e domme en drukt in paperclip efteroer. Dy jûns brûkt se dy om 'e boeiens dêr't se mei oan har bêd fêstset is, los te meitsjen, en de doar fan har sel fan 't slot te krijen. Se slacht in sadistyske bewekker yninoar en stelt syn kaaibosk om dêrnei de selsynnommen psychiater Peter Silberman yn gizeling te nimmen. It slagget har op in hier nei om út te brekken, mar dan ferskynt de T-1000 yn it psychiatrysk sikehûs, dy't in nachtwachter deamakket en syn identiteit oannimt.
John en de Terminator arrivearje krekt op 'e tiid om Sarah te rêden, en trijeresom flechtsje se yn in stellen plysje-auto. Underweis ljochtet de Terminator John en Sarah yn oer de skiednis fan Cyberdyne Systems en de wittenskipper Miles Dyson, dy't mei koarten in technologyske trochbraak boeke sil dy't de basis foarmje sil foar de fierdere ûntwikkeling fan Skynet. Se bejouwe har nei in âlde freon fan Sarah, de Latino Enrique Salceda, dy't mei syn húshâlding deunby de Meksikaanske grins wennet. Op it terrein fan syn autosloperij hat Sarah in grut ûndergrûnsk arsenaal fjoerwapens ferskûle, sadat sy, John en de Terminator harren bewapenje kinne. It is de bedoeling om dy jûns nei it fallen fan it tsjuster oer de grins te flechtsjen, mar nei't se, yn 'e sliep weisakke, in nachtmerje oer de Oardielsdei kriget, betinkt Sarah har. Se lit Enrique it boadskip oan John en de Terminator oerbringe om harren oan it plan te hâlden en de grins oer te gean om wei te wurden yn Midden-Amearika, mar sels keart se werom nei Los Angeles om te besyken de Oardielsdei tsjin te kearen.
As John ûntdekt dat syn mem fuort is, riddenearret er maklik út dat se fan doel is om Miles Dyson te fermoardzjen ear't er syn baanbrekkend ûndersyk ôfrûnje kin. Hy en de Terminator sette har efternei om har tsjin te hâlden, om't je, sa leart John de cyborg, no ienris net samar minsken fermoardzje kinne. Sarah berikt de filla fan Dyson it earst, dêr't se him deasjitte wol foar de eagen fan syn frou Tarissa en syn jonge soan Danny. As it derop oankomt, kin se it lykwols net oer har hert ferkrije, al rekket se him wol yn it skouder en sjit se mei har mitrailleur út klearebare frustraasje syn studearkeamer oan grôt. John en de Terminator arrivearje yn 'e neisleep fan alle drama, wêrnei't de Terminator troch de ienfâldige, mar ysbaarlike, metoade om it libbene weefsel fan ien fan syn earms te strûpen sadat syn metalen skelet sichtber wurdt, Dyson derfan oertsjûget dat er yndie út 'e takomst komt. De Terminator fertelt Dyson dêrnei oer de takomstige konsekwinsjes fan syn wurk, dy't him oant yn 'e kearn fan syn wêzen skokke.
Dyson wol fuortendaliks ûntslach nimme, mar Sarah makket him dúdlik dat it dêr net mei takin. As in oar gewoan syn funksje oernimt, sjit net ien dêr wat mei op. Al syn wurk moat ferneatige wurde. Dyson fertelt dat it meastepart fan syn ûndersyk basearre is op reverse engineering fan 'e skansearre mikroprosessor en de ûnskansearre rjochterearm fan 'e Terminator út 1984, dy't nei Sarah har finale konfrontaasje mei de cyborg yn it fabryk weromfûn binne. Om dy beide foarwerpen en syn ûndersykswurk te ferneatigjen, brekke Dyson, Sarah, John en de Terminator dyselde jûns noch yn by Cyberdyne Systems, dêr't se de mikroprosessor en de eam út 'e klûs helje en eksplosiven yn it kantoargebou en laboratoarium oanbringe. De oermastere befeiligingslju witte lykwols los te kommen en skilje de plysje, dy't mei mannemacht arrivearret. As de mobile ienheid it gebou binnenkringt, wurdt Dyson trochsingele mei kûgels, mar mei in deademansknop bringt er de springstofladings ta ûntploffing nei't Sarah, John, de Terminator en alle plysjes de ferdjipping ferlitten hawwe.
De Terminator, Sarah en John brekke yn in stellen plysjebuske troch de besingeling fan it kompleks hinne en spylje fan ruten, dêrby efterfolge troch de T-1000, dy't harren weromfûn hat troch de berjochten oer de plysjeradio te belústerjen. Diskear hat er in helikopter kaapt wêrmei't er leech oer grûn efter harren oan fljocht om harren te besjitten, mar dêr weeft de Terminator mei ôf troch op in stuit hurd op 'e rem te traapjen, sadat de helikopter te pletter fljocht tsjin 'e efterkant fan it buske oan. Hy ferliest dêrop lykwols de behearsking oer it stjoer, sadat it buske kantelet. Neitiid stelle John, de Terminator en Sarah, dy't in skotwûne oan har boppeskonk oprûn hat, in pick-uptruck, wylst de T-1000 in tankwein kaapt dy't laden is mei floeibere stikstof. Se bedarje úteinlik yn in stielfabryk, dêr't de tankwein op 'e side rekket en iepenbrekt. De T-1000 rekket beferzen troch de stikstof, en as de Terminator him besjit mei in pistoal, brekt er yn hûnderten lytse brokjes útinoar.
Troch de hjitte fan 'e stielsmidderij ûntteie de brokstikken fan 'e T-1000 lykwols wer, wêrnei't se as floeiber metaal stadichoan wer nei-inoar ta begjinne te rinnen. Sarah, John en de Terminator flechtsje it fabryk yn, dêr't de Terminator de T-1000 besiket tsjin te hâlden yn in man-tsjin-mangefjocht. De T-1000 set de lofterearm fan 'e Terminator fêst tusken yn in swiere masine, mar de Terminator brekt mei in metalene stange syn earm ôf. Underwilens binne Sarah en John útinoar rekke. De T-1000 fynt Sarah en martelet har om har te twingen om John foar him te roppen, mar Sarah wegeret. As er har deadzje wol, springt de ienearmige Terminator him wer op 'e hûd, sadat Sarah fuortkomme kin. De T-1000 weeft no foargoed ôf mei de Terminator troch him de stange troch it boppeliif te slaan, wernei't it reade ljocht yn it each fan 'e Terminator, dêr't ûnderwilens it libbene weefsel ôfskrabe is, útdôvet.