De Petrus en Paulustsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn 'e Súd-Hollânske stêd Maasslús.

Skiednis It futuristyske tsjerkegebou is in ûntwerp fan 'e arsjitekten Mari Baauw en René Olivier fan it buro Royal Haskoning en waard keazen út de ynstjoerings fan in troch it bisdom Rotterdam útskreaune priisfraach. De tsjerke ferfong de eardere Andréastsjerke (sletten yn 2000) en de Petrus en Paulustsjerke, dy't nei de foltôging ôfbrutsen waard.

De earste eucharistyfiering fûn op 29 april 2007 plak, wylst biskop Van Luyn de tsjerke op 1 july 2007 ynwijde. Yn 'e tsjerke is plak foar 300 minsken.

Ynterieur It liturgysk sintrum hat de foarm fan in ellips. It tabernakel en it alter binne modern. In pear bylden en de krúswei binne ôfkomstich út de âlde tsjerke. De bylden fan 'e apostels Petrus en Paulus binne 19e-iuwsk. Efter de twa bylden is op glês de tekst fan Jehannes 1:1-18 oanbrocht. Bûten stiet it keunstwurk "De ropping fan Andréas" fan Dick Tulp.Artway.eu, oproppen 10 desimber 2021

Oargel It oargel is ôfkomstich út de âlde tsjerke en waard dêr boud troch de firma Vermeulen mei û.o. piipwurk fan in âlder oargel. Nei de foltôging fan 'e nijbou waard it oargel restaurearre en efter in nije oargelkas yn in wat oare disposysje opboud.

Trivia Om't de tsjerke tinken docht oan it operagebou yn Sydney wurdt de tsjerke gekjeijend ek wol Sidney aan de Waterweg neamd.

Keppeling om utens Disposysje oargel

Kategory:Bouwurk yn Maasslûs Kategory:Tsjerkegebou yn Súd-Hollân Kategory:Bouwurk út 2007 Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Rotterdam