It Circuit of the Americas, is in sirkwy yn Teksas, yn de buert fan Austin.

It 5,513 km lange sirkwy is yn 2012 oanlein, foar ûnder oaren de Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten dy't al sûnt 2008 net mear plak fûn hie.

De eartste plannen foar it sirkwy en de Grand Prix stamme út 2010. It sirkwy is it earste sirkwy yn de Feriene Steaten dat spesjaal boud is foar de Formule 1. It sirkwy is ûntwurpen mei de help fan de Dútske arsjitekt Hermann Tilke, dy 't meardere sirkwys ûntwurpen hat.

Americas, Circuit Kategory:Bouwurk út 2012 Kategory:Bouwurk yn Teksas Kategory:Austin (Teksas)