Licence to Kill is in Britsk-Amerikaansk-Meksikaanske spionaazjeskriller út 1989 ûnder rezjy fan John Glen. De haadrollen waarden fertolke troch Timothy Dalton as geheim agint James Bond, Carey Lowell as Bond girl Pam Bouvier en Robert Davi as de smjunt Franz Sánchez. De titel betsjut "Fergunning om te Deadzjen". Dizze film wie de earste yn 'e James Bond-rige dy't in orizjinele titel hie, dy't net ûntliend wie oan in roman of koart ferhaal fan Ian Fleming. It senario wie ek fierhinne orizjineel, mar befette eleminten út 'e roman Live and Let Die en it ferhaal The Hildebrand Rarity.
Yn Licence to Kill wurde CIA-agint Felix Leiter en syn breid Della op harren troudei oerfallen troch drugsbaron Franz Sánchez en syn trewanten. Della wurdt fermoarde en Leiter wurdt oan 'e haaien opfuorre, mar oerlibbet dat. Syn freon, de Britske spion James Bond, is neitiid út op wraak, en as syn baas M dat besiket tsjin te kearen, nimt er ûntslach by MI6. Hy reizget nei it (fiktive) Latynsk-Amerikaanske lân Istmus, dêr't Sánchez tahâldt. Mei help fan 'e Amerikaanske Legerpiloate Pam Bouvier, kertiermaster fan MI6 Q en Sánchez syn gefaarlike minneresse Lupe Lamora set er útein mei in kampanje om Sánchez en syn kriminele organisaasje ûnder fuotten te heljen.
Licence to Kill wie it sechstjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op The Living Daylights út 1987. It wie de twadde en lêste film wêryn't de rol fan Bond spile waard troch Timothy Dalton. Yn it folgjende diel, GoldenEye, út 1995, waard dy rol oernommen troch Pierce Brosnan. Fan 'e filmkritisy krige Licence to Kill oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol.
Plot James Bond, geheim agint fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, en syn freon Felix Leiter, spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, wurde ûnderweis nei Leiter syn trouwerij yn Key West, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, oppikt troch in helikopter fan 'e DEA, de Amerikaanske federale anty-narkotikabrigade, sadat se der by wêze kinne as dy de beruchte drugsbaron Franz Sánchez oppakt yn 'e Bahama's. Sánchez sjocht se lykwols oankommen en pykt út yn in lyts sportfleantúchje. Bond befêstiget de lier fan 'e DEA-helikopter om 'e sturt fan it fleantúch, wêrnei't dat troch de helikopter meiskuord wurdt nei Floarida, dêr't Sánchez yn 'e hechten set wurdt. Leiter en Bond bejouwe har mei parasjutes nei de tsjerke dêr't Leiter syn trouwerij plakhawwe sil, dy't mei fertraging noch trochgong fine kin.
Neitiid is Bond der op 'e brulloft tsjûge fan hoe't Leiter yn syn kantoar in beskriuwbere cd-rom mei dêrop alle gegevens oer de saak-Sánchez yn in foto fan syn breid Della ferberget. Letter jouwe Leiter en Della oan Bond in kado yn 'e foarm fan in sulveren oanstekker dêr't se in tekst yn gravearje litten hawwe. Underwilens keapet Sánchez DEA-agint Ed Killifer om, dy't him foar $2 miljoen helpt om te ûntkommen as er oer de Sânmylsbrêge fan 'e Florida Keys nei it fêstelân fan it Floarida-skiereilân brocht wurdt. Dy jûns, as alle brulloftsgasten op hûs oan gien binne, wurde Leiter en Della yn harren hûs oerfallen troch Dario en inkele oare trewanten fan Sánchez. Leiter wurdt bewusteleas slein en Della fermoarde. (Der wurdt yn tige bedutsen termen ek suggerearre dat se foartiid ferkrêfte wurdt.) Leiter komt letter by yn 'e loads fan Milton Krest, in trewant fan Sánchez, dy't harren drugshannel ferberget ûnder in dekmantel fan in legaal bedriuw dat mei iepenbiere akwaria en partikulieren hannelet yn tropyske fisken dy't by de Florida Keys fongen wurde. Sánchez en Krest litte Leiter yn in tank sakje dêr't se in hongerige tigerhaai yn finzen hâlde.
De oare deis, as Bond it nijs fan 'e ûntsnapping fan Sánchez heart, hastiget er him werom nei de wente fan Leiter, dêr't er Della dea oantreft en Leiter mei ien skonk ôfbiten en in swier skansearre earm. Tegearre mei Sharkey, in oare freon fan Leiter, set Bond útein mei in eigen ûndersyk. Derfan útgeande dat de haaiebiten fan Leiter net tafallich tabrocht binne, komme al rillegau it bedriuw fan Krest op it spoar. As Bond dêr nachts ynbrekt, ûntdekt er de kokaïne dy't dêr ferburgen holden wurdt. Hy wurdt lykwols trappearre en moat ferskate bewekkers út 'e wei romje. De oare deis risselwearje Bond en Sharkey om 'e see op te gean om it jacht de Wavekrest fan Krest te folgjen.
Ear't dat syn beslach krije kin, wurdt Bond oansprutsen troch Hawkins, in DEA-agint, dy't lulk is dat Bond op eigen manneboet in ûndersyk begûn is en de DEA dêrby foar de fuotten rint. Hy twingt Bond om mei te gean en leveret him ôf by it Hemingway House, in bekende besjensweardichheid yn Key West (dêr't de skriuwer Ernest Hemingway foarhinne wenne). Dêr wurdt Bond opwachte troch M, de sjef fan MI6, dy't him hjit mei syn ûndersyk op te hâlden en ynstee in nije misje yn Turkije ta in goede ein te bringen. Bond wegeret. Der ûntstiet in heechoprinnende rûzje, dy't dermei einiget dat Bond ûntslach nimt as agint fan MI6. M lit him syn pistoal ynleverje en seit him oan dat syn fergunning om te deadzjen by dizzen ynlutsen is. As er Bond dêrnei troch in pear oare MI6-aginten finzen nimme litte wol, pykt Bond út en wurdt er in lossleine agint.
Bond en Sharkey geane efter de Wavekrest oan, en Bond giet te djipseedûken. Hy kringt it skip binnen troch in gat ûnderyn, dat brûkt wurdt om in miny-ûnderseeër út te stjoeren en binnen te heljen. Oan board komt Bond yn 'e kunde mei Lupe Lamora, de minneresse fan Sánchez, dy't troch Sánchez mishannele wurdt. As er op it dek komt, is er tsjûge fan 'e oankomst fan Sharkey syn boat: Sharkey is ûnderwilens trappearre en fermoarde troch Krest syn trewanten. Bond ûntsnapt troch ien fan Krest syn dûkers te deadzjen, efter it lyk oan oerboard te springen en ûnder wetter it dûkgereid fan 'e man te stellen. As krekt op dat stuit troch in wetterfleantúch in lading drugs ôflevere wurdt, dy't mei de ûnbemanne miny-ûnderseeër nei it jacht ta oerbrocht wurdt, kaapt Bond de miny-ûnderseeër en ferneatiget er de drugs. Dêrnei ûntsnapt er troch him fêst te klampen oan ien fan 'e driuwers fan it wetterfleantúch as dat opstiget. Hy wurdt de beide mannen yn it fleantúch oermânsk, smyt se derút en fljocht fuort mei de $5 miljoen dy't Krest foar de kokaïne betelle hat.
Werom yn Key West kringt Bond dy jûns nei tsjuster de wente fan Leiter binnen, dêr't er de cd-rom mei alle ynformaasje oer de saak-Sánchez út 'e foto fan Della hellet en yn 'e kompjûter docht. Sa ûntdekt er dat Leiter noch ien libbene ynformant oangeande de drugshannel fan Sánchez-en-dy hat, dy't er de folgjende jûns yn in bar yn Bimini yn 'e Bahama's treffe soe. Bond giet dêr yn Leiter syn plak hinne en moetet Pam Bouvier, in eardere piloate út it Amerikaanske Leger. It docht bliken dat Bouvier al troch Dario en guon oare trewanten fan Sánchez yn 'e gaten holden waard, en tegearre moatte Bond en sy harren in wei út 'e bar fjochtsje. Foar $75.000 hiert Bond har yn om him nei de Republyk Istmus (in fiktyf Latynsk-Amerikaansk lân) te fleanen, dêr't Sánchez libbet ûnder beskerming fan 'e diktator, presidint Héctor López. Dêr oankommen docht Bond him foar as in rike hierling op 'e siik nei wurk. Bouvier, dy't wegeret it jild dat se fertsjinne hat oan te pakken en op te sokkebaljen, docht har foar as Bond syn sekretaresse.
Underwilens hat M der lucht fan krigen dat Bond yn Istmus is, en skeakelet er Fallon, de pleatslike agint fan MI6, yn om Bond finzen te nimmen en ûnder twang werom te bringen nei Londen. Syn sekretaresse Miss Moneypenny, dy't al jierren temûk fereale is op Bond, hat Bond syn bewegings lykwols efter de rêch fan har baas om ek yn 'e gaten holden en nimt kontakt op mei Q, de geniale âlde kertiermaster fan MI6, om Bond te helpen. As de resepsjonist fan syn hotel oan Bond fertelt dat syn "omke" arrivearre is en him opwachtet yn syn hotelkeamer, hat Bond gjin idee wêr't de man it oer hat, mar it blykt Q te wêzen, dy't ferskate gadgets bringt, lykas springstof yn 'e foarm fan in pakje sigaretten en in skerpskuttersgewear yn 'e foarm fan in fotokamera. Mei't Sánchez syn kantoar feilichheidsglês yn 'e finsters hat dat sa tsjûk is dat der gjin kûgel trochhinne komt, bringt Bond earst de springstof oan om it glês út 'e kezinen te blazen. Dêrnei nimt er mei it gewear posysje yn. Hy blaast de ruten derút, mar ear't er Sánchez deasjitte kin, komme in pear maskere lju him oer it mad en slane him bewusteleas.
As Bond wer bykomt, blykt er yn in leechsteand pakhûs finzen nommen te wêzen troch agint Kwang en syn mannen fan 'e Ofdieling Narkotika fan 'e Hong Kong Police Force, dy't al fjouwer jier in undercoveroperaasje tsjin Sánchez rinnen hawwe. Bond hat dy mei syn eigensinnich optreden no hielendal yn 'e bulten jage, dat se binne poerlulk op him. Se drage him oer oan Fallon, de pleatslike MI6-agint, mar ear't se fuortkomme kinne, wurdt harren lokaasje oanfallen troch de Istmyske lânmacht dy't troch presidint López stjoerd is, yn opdracht fan Sánchez. Fallon en Kwang en syn Hongkongers komme om by it gefjocht dat dêrop folget, mar as Sánchez Bond stevich fêstset mei boeiens oantreft, rekket er derfan oertsjûge dat er hìm yn elts gefal fertrouwe kin. Hy nimt Bond mei nei syn filla en lit him dêr bekomme fan syn ferwûnings.
De oare deis Bond makket de paranoïde drugsbaron wiis dat Kwang-en-dy hiermoardners wiene dy't ek ferantwurdlik wiene foar de oanslach op syn libben (dy't fansels eins Bond syn eigen wurk wie). Nei't er fan Lupe heart hat dat Krest dy jûns yn Istmus oankomme sil, liicht er tsjin Sánchez dat er de hiermoardners tsjininoar sizzen heard hat dat se betelle wurde sille troch ien dy't it folste fertrouwen fan Sánchez hat en dy't dy jûns mei it jild arrivearje sil. Dat makket Sánchez erchtinkend foar Krest oer. Nei't er mei Lupe op bêd west hat, ferlit Bond mei har help temûk Sánchez syn filla. As de Wavekrest yn 'e haven fan Istmus City arrivearret, glûpt er dêr mei help fan Q en Bouvier temûk oan board en lit dêr $4½ miljoen efter fan 'e $5 miljoen dy't er earder út it wetterfleantúch stellen hie.
As Sánchez it jacht trochsykje lit om't er Krest net fertrout en dy syn ferhaal fan hoe't Bond de kokaïne ferneatige en it jild stellen hat, frijwat fiersocht fynt, treffe syn mannen it jild oan dat Bond oan board brocht hat. Sánchez nimt daliks oan dat Krest it jild efteroer drukt hat. Dat ferrie ferjildt er troch de man yn in dekompresjekeamer op te sluten en dêrnei de soerstofkeabel troch te snijen, sadat der in eksplosive dekompresje plakfynt dy't Krest oan grôt blaast. As Sánchez letter thúskomt, leit Bond dêr al lang en breed wer yn syn keamer op bêd. Hy fertelt dat er de ferrieder fûn hat, mar dêrop freget Bond him oft er wier mient dat der mar ien ferrieder is, wat de paranoia fan Sánchez noch mear oanfiteret. Dêr wurdt kolonel Heller, Sánchez syn haad befeiliging, úteinlik it slachtoffer fan.
De oare deis nimt Sánchez Bond mei nei it haadkertier fan syn yllegale aktiviteiten, dat operearret ûnder de dekmantel fan in meditaasjesintrum fan in religieuze sekte. Bond ûntdekt dat de wittenskippers dy't Sánchez oan it wurk hat, in prosedee ûntwikkele hawwe om kokaïne op te lossen yn benzine en it der wer út werom te winnen sûnder dat dat it einprodukt oantaast. Op dy wize kinne de drugs tenei maklik smokkele wurde. Sánchez hat plannen om op dy wize net inkeld de drugsmerk fan 'e Amearika's, mar ek dy fan East-Aazje te feroverjen (wat de reden wie dat de Hongkongske plysje efter him oan siet). In grizelige tillefyzjepredikant, professor Joe Butcher, dy't foar de lieder fan 'e sekte trochgiet, wurdt troch Sánchez syn bedriuwslieder Truman-Lodge as tuskenpersoan brûkt: Butcher syn tillefyzjeprogramma fungearret as in ferhoalen manear fan kommunikaasje mei de klanten yn 'e Feriene Steaten, dy't ladings drugs bestelle kinne troch 'skinkings' troch te skiljen nei it tillefoannûmer fan it programma.