Uilke (Uko) Post (Meppel, 27 july 1954) is in Nederlânsk keunstskilder dy 't ta de Noardlike Realisten rekkene wurde kin.
Libben en wurk Post folge fan 1972 oant 1978 syn oplieding foar it frije keunstnerskip oan de Akademy Minerva yn Grins. Syn dosinten dêr wiene Piet Pijn, Geert Meyer, Diederik Kraaijpoel, Wout Muller en Ger Siks. Yn 1994 hat er Nederlân ferlitten om him te fêstigjen yn it Eifel-gebiet by Sankt Vith, op de grins fan Dútslân en België.
Wurk Post makket foaral oaljeferveskilderijen yn realistyske styl, mankelyk fan sfear, besibbe oan it magysk realisme. Syn tema's binne fanitas, leechte, fergonklikens, tema's dêr't alle minsken mei te krijen hawwe en wêrmei't se har, neffens de skilder, dreech fermoedsoenje kinne. Post hat geregeld tentoanstellingen yn Nederlân, België en Dútslân.
Wurk fan Post is opnommen yn kolleksjes fan Keninklike DSM Sittard, Wetterliedingmaatskippij Súd-Limboarch en partikuliere samlingen yn de Feriene Steaten, Nederlân, België en Dútslân (û.o. kolleksje Dogan, Schönecken).
Galery (oaljeferveskilderijen op paneel)
Keppelingen om utens
yntroduksje
Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Drintsk persoan Kategory:Akademy Minerva Kategory:Noardlik Realisme Kategory:Persoan berne yn 1954