300px|thumb|Oersichtskaart fan it Dreieck Leer It Dreieck Leer, (folút: Autobahndreieck Leer, koart: AB Leer) is in ferkearsknooppunt by de Eastfryske stêd Lier (Dútsk: Leer) dy't de Bundesautobahn 31 (Emden - Oberhausen) mei de Bundesautobahn 28 (Lier - Aldenburch - Bremen) ferbynt.

Lizzing It knooppunt leit yn de lânkring Lier tichteby de gemeenten Moormerland en Brinkum. De stedsdielen fan Lier dy't tichteby it knooppunt lizze, binne Siebenbergen, Eisinghausen en Logaerfeld.

It knooppunt leit likernôch 20 km súdeastlik fan Emden, 65 km noardlik fan Meppen en 50 km westlik fan Aldenburch. Justjes westlik fan it knooppunt rint de A31 troch de 945 meter lange Iemstunnel.

Foarm De diken nei it knooppunt ta besteane út 2×2 rydstripen, wylst de ferbiningsbôgen op it knooppunt út ien rydstripe bestean. It knooppunt waard yn de foarm fan in omkeard trompetknooppunt oanlein.

Ferkearsyntinsiteit It knooppunt wurdt deistich troch likernôch 38.000 reauwen brûkt. Fan Nei Trochsneeddeistige reauwen Oandiel swier ferkear AD Leer AS Leer-Ost (A 28) 26.100 12,5 % AS Veenhusen (A 31) AD Leer 22.000 8,7 % AD Leer AS Leer Nord (A 31) 27.800 10,0 %

Kategory:Lier (stêd) Kategory:Knooppunt yn Dútslân Kategory:Wei yn East-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1991