Jetze Rodenhuis (Harns, 11 jannewaris 1788 - dêre, 16 desimber 1847) wie boargemaster fan Harns fan 1833 oant syn dea yn 1847.

By it jirpelopskuor yn Harns hie de boargemaster him ferstoppe yn syn kast, wylst in lulke massa syn hûs plondere. De dei foar syn dea waarden op it skavot fan Harns, tsjinoer it stedhûs, inkelde beskuldigen fan it opskuor yn Harns eksekutearre. It ferhaal giet dat er sa fan it sintrum wie doe't er dat seach, dat er dêrtroch in beroerte krige en ferstoar.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Harns Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1788 Kategory:Persoan stoarn yn 1847