Arie Ribbens (Eindhoven, 22 jannewaris 1937 – Emmeloard, 3 desimber 2021) wie in Nederlânske sjonger. Ribbens wenne jierrenlang yn Beetstersweach.
Libben en wurk Ribbens is hikke en tein yn Eindhoven. Nei de middelbere skoalle spile er yn ferskate bantsjes. Dêrnei waard er slachwurker yn ferskate regionale orkesten. Op it lêst waard er lieder by it kwartet fan Arie Ribbens.
Ribbens syn repertoire bestie benammen út feest- en karnavalsmuzyk en omfettet ûnder mear de nûmers Brabantse nachten zijn lang, Polonaise Hollandaise, Akketdoe, Polonaise achteruit, Ik ben verliefd op Hanja Maij-Weggen en Reggae te gek he. Polonaise Hollandaise is in min ofte mear Nederlânske oersetting, mar mei in eigen Nederlânske tekst, fan it nûmer Polonaise Blankenese fan de Dútsk-Poalske sjonger Gottlieb Wendehals. Skûlnamme fan Werner Böhm.
Ribbens spile in gastrol yn de film Filmpje! fan Paul de Leeuw. De lêste jierren skoarde er gjin grutte hits mear, mar yn it schnabbelsirkwy wie Ribbens oant febrewaris 2015 noch wol aktyf. Sûnt novimber 2008 trede hy tegearre mei Maggie MacNeal op as it duo Mouth & MacNeal. Hy ferfong de oarspronklike Mouth Willem Duyn, dy't yn 2004 ferstoar.
Ribbens brocht yn 2011 in nije single út: Met jou word ik honderd. Yn maaie 2013 lansearre Ribbens, yn de âlden fan 76 jier, yn de Feriene Steaten syn cd Een Nieuwe Weg per raket. Dan maar de lucht in: Arie Ribbens lanceert cd in Texas, het grootste Brabant ter wereld, Omroep Brabant, 30 maaie 2013
Yn febrewaris 2015 makke Ribbens bekend dat er ophâlden wie mei sjongen fanwege skansearre stimbannen. Arie Ribbens stopt met zingen, telegraaf.nl, 2 febr. 2015. Argivearre op 19 febrewaris 2016.Ribbens krige yn 2009 foar de earste kear longkanker. De sykte kaam dêrnei in oantal kearen werom en yn 2019 die bliken dat der gjin genêzing mear mooglik wie. Dêrneist hie er swierrichheden mei de nieren, in stikkene heup en faskulêre demintens. Hy ferstoar yn de âldens fan 84 jier. De direkte deadsoarsaak wie COVID-19.https://www.omroepbrabant.nl/nieuws/4003849/arie-ribbens-overleed-aan-corona-weduwe-op-tijd-hersteld-voor-uitvaart. Argivearre op 10 desimber 2021.
Diskografy (ûnfolslein) Albums 1973: 100 Jaar Arie Ribbens 1995: 15 Jaar feest 2001: 15 Jaar 2001: Feest met Arie Ribbens 2002: Het beste van Arie Ribbens 2002: Hollands goud 2013: Een nieuwe weg
Singles 1969: Bloemen aan de muur 1969: Laat nu de kat maar komen/Oy, Oy, Oy (Wat staat ie je mooi) 1973: Mijn kleine Nathalie/Kwekkerde Kwek Kwek 1980: Brabantse nachten zijn lang 1982: Polonaise Hollandaise 1989: Liefde is leven (mei Nathalie) 1997: Laat je ketsjien, ketsjien 1997: Maria van de pizzeria 1998: De ouderwetse boerenblaaskapel 2000: Olie, olie, lekker in de olie
Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Beetstersweach Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2021