De Krite Weener (Dútsk: Kreis Weener) wie fan 1885 oant 1932 in lânkring yn de Prusyske provinsje Hannover.

Geografy De krite omfieme it gebiet fan it Eastfryske part fan it Reiderlân. Parallel westlik fan de Iems rint de Fryske Strjitte, in midsiuwske hannelswei fan Emden nei Múnster.

Yn it noarden grinzge de krite oan de doetiidske lânkring Emden, yn it easten oan de krite Lier, yn it suden oan de krite Aschendorf en yn it westen oan it Keninkryk fan de Nederlannen.

It gebiet fan de krite beslacht it gebiet fan de hjoeddeistige gemeenten Bunde, Jemgum, Weener en it doarp Bingum, dy't hjoed-de-dei ûnder de stêd Lier falt.

Skiednis Yn 1867 waard it Keninkryk Hannover troch Prusen anneksearre en ta de provinsje Hannover omfoarme. Yn it ramt fan de bestjoerlike weryndieling foar de provinsje waard op 1 april 1885 t úit âlde Hannoverske Amt Weener wei de Krite Weener foarme. It haadplak wie de stêd Weener. De krite waard by de Regierungsbezirk Auwerk yndield.

Yn 1932 waard troch in oardering fan it Prusyske Ministearje fan Bûtenlânske Saken de krite Weener opheft en gearfoege by de krite Lier.

Untwikkeling ynwennertal Jier 1890 1900 1910 1925Ynwenners20.43120.52520.53721.329

Gemeenten De gemeenten fan de Krite Weener mei de ynwennertallen fam 1. desimber 1910 en fan 16. juny 1925: GemeenteYw. 1910Yw. 1925 Beschotenweg 289 292 Bingum 735 722 Boen 417 455 Böhmerwold 115 132 Bunde 1811 1985 Bunderhammrich 760 718 Bunderhee 720 817 Bunderneuland 166 165 Charlottenpolder 118 115 Critzum 285 315 Diele 611 616 Ditzum 798 776 Ditzumerhammrich 803 710 Hatzum 351 334 Heinitzpolder 101 183 Holtgaste 293 343 Holthusen 1653 1742 Jemgum 1133 1073 Kirchborgum 332 323 Landschaftspolder 311 305 Marienchor 111 112 Midlum 307 320 Nendorp 135 144 Oldendorp 159 160 Pogum 293 275 Sankt Georgiwold 154 128 Stapelmoor 1214 1276 Vellage 260 235 Weener 3923 4127 Weenermoor 1101 1275 Wymeer 1078 1156

Bestjoerders 1885–1888 Matthias Knaus 1888–1893 Lümko Iderhoff 1893–1904 Adolf Kriege 1904–1909 Karl Gosling 1909–1927 Erich Bachmann 1927–1927 Hans Freiherr von Oldershausen (kommissarisch) 1927–1927 Emil Wehriede (kommissarisch) 1928–1932 Benno Eide Siebs

Krite Weener Kategory:Skiednis fan East-Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1885 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1932