Casablanca is in Amerikaanske romantyske film tsjin 'e eftergrûn fan 'e Twadde Wrâldoarloch (mar eins gjin oarlochsfilm) út 1942 ûnder rezjy fan Michael Curtiz. De haadrollen waarden fertolke troch Humphrey Bogart en de Sweedske aktrise Ingrid Bergman, ûnderstipe troch wichtige byrollen fan Claude Rains, Paul Henreid, Dooley Wilson en Conrad Veidt. De titel ferwiist nei it plak fan hanneling: de Marokkaanske stêd Kasablanka. De film waard basearre op it (doe noch) net yn produksje nommen toanielstik Everybody Comes to Rick's fan Murray Burnett en Joan Alison.
It ferhaal giet oer Rick Blaine, in Amerikaan om utens, dy't hâldt fan Ilsa Lund, in troude frou. Har man Victor Laszlo is in foaroanman fan it Tsjechoslowaakske ferset dy't op 'e flecht is foar de nazys. Yn it troch Vichy-Frankryk en syn nazy-Dútske bûnsgenoaten behearske Kasablanka komt Blaine foar de kar te stean om 'e oare kant út te sjen as Laszlo arrestearre wurdt, sadat er Ilsa foar himsels winne kin, of om Laszlo en Ilsa te helpen en ûntkom nei it neutrale Portegal.
Hoewol't der dúdlik tinkflaters yn 'e film sitte, krige Casablanca fan 'e filmkritisy yn 1942 oer it algemien positive resinsjes. De makkers beskôgen it lykwols net as in útsûnderlike produksje, en dat de film yn 1944 trije Oscars wûn (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) kaam dan ek as in ferrassing. Neitiid woeks de reputaasje fan Casablanca oanhâldend oan, en tsjintwurdich wurdt de film rûnom beskôge as in wiere klassiker en ien fan 'e bêste films aller tiden. De haadpersoanen, de titelmuzyk (As Time Goes By) en ferskate sitaten út 'e dialooch hawwe allegear ikoanyske status berikt. Yn 1989 waard Casablanca foar preservearring opnommen yn it National Film Registry.
Plot Yn desimber 1941 is de synyske Rick Blaine, in Amerikaan om utens, eigner fan in nachtklub (en klandestyn kasino) yn Kasablanka, in stêd yn it Frânske protektoraat Marokko. Yn Rick's Café Américain, sa't de gelegenheid hjit, komme lju fan alderhanne slach gear: oerheidsfunksjonarissen fan it kollaborearjende Vichy-rezjym dat it yn in grut part fan Frankryk foar it sizzen hat, nazy-Dútske militêren, wanhopige flechtlingen út hiel Jeropa dy't fia Vichy-Frankryk en Marokko nei Portegal wolle om dêrwei de Atlantyske Oseaan oer te stekken nei Noard-Amearika, en bûsehifkers en swarthannelers dy't oan sokken fertsjinje.
Hoewol't Rick allegeduerigen úthâldt dat er, krekt as syn heitelân, neutraal is yn 'e oangeande Twadde Wrâldoarloch, is bekend dat er yn 1935 wapens smokkele nei Abessynje ûnder de Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch, wylst er yn 1936 yn 'e Spaanske Boargeroarloch as frijwilliger oan 'e Republikeinske kant focht (tsjin 'e faksisten fan generaal Franco).
De lytse krimineel Ugarte skept tsjin Rick op oer de 'brieven fan frije trochtocht' dy't er yn syn besit hat. Om't de Vichy-Frânske plysje en de nazy-Dútske militêren efter de moardners fan twa Dútske koeriers oan sitte dy't sokke brieven ûntstellen binne, konkludearret Rick dat Ugarte dêr efter sitte moat. Op fertoan fan dy brieven kinne minsken sûnder fierdere jildige identiteitspapierren fan Kasablanka nei it neutrale Portegal reizgje, en foar de yn Kasablanka gearklofte en strâne flechtlingen binne se dêrom fan ûnskatbere wearde.
Ugarte is fan doel om dêrmei yn Ricks Café Américain syn grutte slach te slaan, en Rick, dy't ommers neutraal is, fielt gjin oanstriid om him wat yn 'e wei te lizzen. Ear't er in moeting mei in potinsjele keaper hat, freget Ugarte Rick lykwols om 'e brieven foar him te bewarjen, sadat se him net sûnder betelling ûntnadere wurde kinne. Rick nimt se yn ûntfangst en ferberget se. Ugarte wurdt lykwols noch foàr syn moeting arrestearre troch de pleatslike Frânske plysje, dy't ûnder lieding stiet fan 'e iepentlik korrupte prefekt Louis Renault. Letter komt er yn finzenskip om (nei't suggerearre wurdt by ferhear troch de nazys).
De reden foar it synisme fan Rick Blaine komt oan it ljocht as Ilsa Lund, in Noarse, syn nachtklub binnenkomt. Hja ken Sam werom, Rick syn swarte pianist en freon, en freget him om (as fan âlds) it liet As Time Goes By te spyljen. As Rick dy meldij heart, stoarmet er út syn kantoar wei, poerrazen dat Sam syn opdracht yn 'e wyn slein hat om dat liet nea wer te spyljen. Hy is mei stomheid slein as er Ilsa sjocht, dy't yn 1940 yn Parys syn minneresse wie. Se hiene ôfpraat om tegearre út te naaien op 'e dei dat de Wehrmacht nei de Frânske nederlaach yn 'e Slach om Frankryk de stêd yntriek, mar se liet him sitte en briek dêrmei syn hert.
Ilsa is lykwols net allinne, mar wurdt beselskippe fan har man Victor Laszlo, in ferneamde lieder fan it Tsjechoslowaakske ferset, dy't op 'e flecht is foar de nazys en al trije kear út Dútske finzenskip ûntkommen is. Laszlo en de frou binne kommen foar de moeting mei Ugarte, mei't se ferlet hawwe fan 'e brieven fan frije trochtocht om nei Amearika te ûntkommen. Dêrwei wolle se harren krewearjen tsjin it Trêde Ryk fuortsette. De nazys hawwe majoar Strasser, in ofsier fan 'e Gestapo, efter Laszlo oan stjoerd nei Kasablanka, om derfoar te soargjen dat syn flecht dêr einiget. Let dy jûns, nei't de nachtklub ticht is, komt Ilsa allinne werom om mei Rick te praten, mar tsjin dy tiid hat er himsels bedronken. Hy wol net nei har harkje en makket har inkeld bittere ferwiten.
Mei Ugarte dea en de brieven weirekke moatte Laszlo en Ilsa wat oars betinke om fierder te reizgjen. As Laszlo by dizze en jinge neifraach docht nei de mooglikheden, heart er fan signor Ferrari, in rike en foaroansteande swarthanneler, dat Ugarte nei alle gedachten de brieven oan Rick yn bewarring jûn hat. Laszlo moetet Rick en freget ûnder fjouwer eagen oft dat wier is, wat Rick befêstiget. Hy wegeret lykwols de brieven tsjin lykfol hokker priis oan Laszlo te ferkeapjen. As dy witte wol wêrom, antwurdet Rick dat er dat syn frou mar freegje moat.
De beide mannen wurde ûnderbrutsen as Strasser en in groepke oare Dútske ofsieren Sam by de piano wei ferbalje sadat se sels mei útset lûd ûnder pianobegelieding Die Wacht am Rhein sjonge kinne, ta argewaasje fan alle oare besikers fan Rick's Café Américain. Laszlo stapt nei it hûsorkest ta en freget de muzikanten om 'e Marseillaise te spyljen. De orkestleden sjogge nei Rick, dy't knikt. Dêrop begjint it orkest dwers troch it sjongen fan 'e Dútsers hinne it Frânsk folksliet te spyljen, dat alle oanwêzige Frânsen daliks mei nasjonalistysk fjoer begjinne mei te sjongen. De dêrtroch oerstimde Dútsers falle op 't lêst stil. Om wraak te nimmen jout Strasser oan Renault oarders om Rick's Café Américain te sluten. Dyselde foldocht dêroan troch te bearen dat er krekt ûntdutsen hat dat der yn in efterseal yllegaal gokt wurdt (wêrnei't er noch gau eefkes syn eigen winst fan 'e rûlettetafel yn 'e bûse triuwt).
Werom yn syn hotelkeamer fertelt Laszlo oan Ilsa wat Rick tsjin him sein hat. Letter dy jûns giet er nei in moeting mei it pleatslike ferset. Dêrop set Ilsa nei de no lege nachtklub ta, dêr't se Rick opsiket. Se freget him om 'e brieven fan frije trochtocht oan har en Laszlo te ferkeapjen. As er wegeret, bedriget se him mei in pistoal, mar hy daget har út om 'e trekker oer te heljen. Dat kin se net, want, sa bychtet se op, se hâldt noch altyd fan him. Ilsa leit út dat se, doe't se Rick oardel jier earder yn Parys mette, yn 'e oertsjûging ferkearde dat Laszlo omkommen wie yn in Dútsk konsintraasjekamp. Doe't se risselwearre om mei Rick út te naaien ear't de Dútsers Parys besetten, krige se lykwols berjocht dat er noch libbe en ûnderdûkt siet. Dat se koe net oars as Rick ferlitte en har wer by har man jaan. No wit se net mear wat se moat, mei't se fan harren beiden hâldt. Se seit tsjin him dat hy mar foar harren beiden tinke moat.
No't er begrypt wêrom't se him sitte litten hat, lit Rick syn bitterheid farre. Hy seit Ilsa syn help ta en praat mei har ôf dat se by him bliuwe sil as Laszlo út Kasablanka wei ûntsnapt. Fuort dêrnei dûkt Laszlo ûnferwachts op yn 'e nachtklub, nei't er mei de ober Carl ûntkommen is doe't de plysje en de Dútsers in wraam diene op 'e moeting fan it ferset. Rick lit Ilsa troch Carl temûk werombringe nei har hotelkeamer, sadat Laszlo gjin lucht kriget fan har oanwêzigens yn Rick's Café Américain. Yn it petear tusken Laszlo en Rick dat folget, besiket Laszlo Rick te bepraten om 'e brieven fan frije trochtocht te brûken om Ilsa yn feilichheid te bringen, wylst er sels efterbliuwe sil yn Kasablanka.
De oare deis wurdt Laszlo einlings oppakt troch de plysje, al stelt it fergryp dêr't de arrestaasje op basearre is, net folle foar. Rick bepraat Renault om him wer frij te litten, mei't er der sels foar soargje sil dat Renault Laszlo op 'e die trappearje kin as dy besiket de stellen brieven fan frije trochtocht te keapjen. Dat is in earnstich misdriuw, dêr't Laszlo ûnbeskate tiid foar fêstholden wurde kin. Hy leit Renault út dat er de brieven neitiid brûke sil om sels mei Ilsa nei Portegal te reizgjen en dêrwei nei de Feriene Steaten. Nei't Laszlo frijlitten is, praat Rick dy jûns mei him en Ilsa ôf.
By de moeting dy jûns besiket Renault, lykas ôfpraat, Laszlo wer te arrestearjen nei't Rick de brieven fan frije trochtocht oan him oerlange hat. Dêrop lûkt Rick in pistoal, dêr't er de prefekt mei bedriget en twingt om te helpen by de ûntsnapping fan Laszlo. Renault is him lykwols te slim ôf: ynstee dat er it fleanfjild fan Kasablanka opskillet om it fleantúch ree te meitsjen foar de ôfreis, sa't Rick him opdroegen hat, skillet er Strasser op mei it foar de majoar kryptyske boadskip dat er it fleantúch klearsette moat. Strasser begrypt dêr lykwols al út dat der wat geande is op it fleanfjild. Rick, Laszlo, Ilsa en Renault bejouwe harren nei it fleanfjild, dêr't Rick Ilsa bepraat om mei har man te gean, om't se der perfoarst spyt fan krije soe as se dat net die.
Nei't Laszlo en Ilsa oan board fan it fleantúch gien binne, komt Strasser opdaagjen, dy't besiket it tastel tsjin te kearen. Dêrop sjit Rick him dea. It fleantúch set feilich ôf nei Portegal. Ferskate plysjes komme op it lûd fan it skot ôf, mar ynstee dat Renault harren opdracht jout om Rick te arrestearjen, seit er inkeld: "Majoar Strasser is delsketten. Pak de wenstige fertochten mar wer op." De plysjes sette ôf mei it stoflik omskot fan Strasser, wêrnei't Renault tsjin Rick suggerearret dat se har mei syn beiden by de Frije Frânsen fan De Gaulle yn Brazzaville jaan kinne. Wylst se tegearre fuortstappe troch de mist, seit Rick: "Louis, it tink dat dit it begjin is fan in prachtige freonskip."
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Rick Blaine Humphrey Bogart Ilsa Lund Ingrid Bergman
byrollen personaazje akteur/aktrise prefekt Louis Renault Claude Rains Victor Laszlo Paul Henreid Sam Dooley Wilson majoar Heinrich Strasser Conrad Veidt signor Ferrari Sydney Greenstreet Carl de ober S.Z. Sakall signor Ugarte Peter Lorre de bûsehifker Curt Bois Sasha de barkeeper Leonid Kinskey Yvonne Madeleine Lebeau Annina Brandel (de Bulgaarske flechtlinge) Joy Page Berger John Qualen Emil de krûpier Marcel Dalio Jan Brandel Helmut Dantine Dútske bankier Gregory Gaye Nederlânske bankier Torben Meyer gitaarspylster Corinna Mura Marokkaanske tapytferkeaper Frank Puglia kolonel Heinze Richard Ryen Abdul de útsmiter Dan Seymour Ingelsk slachtoffer fan bûsehifkerij Gerald Oliver Smith frou fan dy Ingelsman Norma Varden
Produksje en distribúsje Preproduksje