Rampage is in Amerikaanske science fiction-aksjekomeedzje út 2018 ûnder rezjy fan Brad Peyton, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson en Naomie Harris. De titel betsjut "mâlens" (yn 'e sin fan to be/go on a rampage, "jin hâlde en drage as in mâlenien"). De film stiet ek bekend as Rampage: Big Meets Bigger ("Mâlens: Grut Moetet Grutter"), en is basearre op 'e fideospultsjesfranchise dy't ek Rampage hjit. It ferhaal giet oer in primatolooch waans freon, in albino-gorilla, as gefolch fan in misrûn eksperimint fan in pear sakelju sûnder skrupules útgroeit ta in reuseftich meunster. Fan 'e filmkritisy krige Rampage mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen groeide de film út ta in reuseftich kommersjeel súkses.

Plot Athena-1 is in romtestasjon dat yn in baan om 'e Ierde draait en eigendom is fan Energyne, it Amerikaanske bedriuw fan Claire Wyden en har broer Brett, dat him dwaande hâldt mei genetyske manipulaasje. Athena-1 wurdt ferwoastge nei't in laboratoariumrôt mutearret ta in meunster en ûntsnapt. It slagget dr. Kerry Atkins, de iennichste oerlibbene fan 'e astronauten yn it stasjon, om fuort te kommen yn in rêdingskapsule foar't it romtestasjon eksplodearret. Ear't dat bart, weaget Atkins har libben om 'e patogenen fan 'e dierproeven op te heljen en mei te nimmen, eat dêr't se ta twongen wurdt troch Claire Wyden, dy't fan op ôfstân op 'e Ierde de tagong ta de rêdingskapsule op en fan it slot dwaan kin.

Ienris by it romtestasjon wei docht lykwols bliken dat de rôt yn syn panyk om te ûntsnappen út it romtestasjon de yntegriteit fan 'e rêdingskapsule oantaaste hat. De kapsule rekket stikken en Atkins komt om, wêrnei't de brokstikken as meteoaren opbaarne as se de atmosfear fan 'e Ierde binnenkomme. Om't de containers ter grutte fan in flesse frisdrinken dêr't de patogenen yn bewarre wurde, makke binne om soks te wjerstean, is Claire Wyden hoopfol dat se it spul noch yn goede steat weromfine sil. Dat falt lykwols ôf, want de containers binne oantaast en begjinne te lekken. Atkins hie trije fan 'e patogenen witten te rêden; ien komt del yn 'e Everglades fan súdlik Floarida en wurdt opfretten troch in skerpsnútkrokkedil, in oaren lânet yn 'e Rocky Mountains fan Wyoming, dêr't in grize wolf it patogeen opsnúft, en de trêde falt yn it San Diego Zoo Safari Park yn súdlik Kalifornje, dêr't in mei albinisme oanhelle westlike leechlângorilla dy't George hjit deroan bleatsteld wurdt.

Primatolooch Davis Okoye, in eardere kommando fan it Amerikaanske Leger en dêrnei de lieder fan in streuperijbestridingsienheid yn Afrika, hat George fan jongs ôf oan grutbrocht en beskôget de gorilla as syn freon. Se kinne op beheinde wize mei-inoar kommunisearje troch it gebrûk fan gebeartetaal. As Davis op in dei op syn wurk komt en ûntdekt dat George de ôfrûne nacht ien fan 'e grizzlybearen fan 'e dieretún deamakke hat en boppedat in stik grutter groeid is as de foargeande dei, is er yn alle steaten om't er net wit wat der mei syn freon oan 'e hân is of hoe't er him helpe moat. Underwilens stjoert Claire Wyden in hierling dy't Burke hjit efter de container oan dy't yn Wyoming delkommen is. Burke en syn team wurde lykwols deade troch in reuseftige en tige agressive wolf mei in skofthichte fan fjouwer meter.

Dr. Kate Caldwell is in genetika dy't foar Energyne wurke om't se genetyske manipulaasje brûke woe om 'e wrâld better te meitsjen troch genêswizen te ûntdekken foar ûngenêslike sykten. Doe't se foar it ferstân krige dat it bedriuw en de Wydens har ûndersyksresultaten brûkten om biologyske wapens te meitsjen, besocht se al har wurk te ferneatigjen, mar waard trappearre. Net inkeld waard se ûntslein, mar de Wydens diene ek oanjefte tsjin har by de plysje, wat derta late dat se oardel jier finzenisstraf oplein krige. As Kate op it nijs oer de reuseftige wolf, de reuseftige gorilla en de ferneatiging fan Athena-1 heart, telt se ien en ien byinoar op en komt ta de konklúzje dat de Wydens derefter sitte. Mei't se yn Los Angeles wennet, reizget se nei San Diego ta, dêr't se kontakt opnimt mei Davis. Se fertelt him dat it patogeen dêr't George oan bleatsteld is, him genetysk mutearre hawwe moat ta in ûnbeheinde en tige flugge groei, in ûnfoarstelber regeneratyf fermogen dat him frijwol ûnkwetsber makket, en in ûnbidige agresje.

De agressive George ûntsnapt út 'e dieretún, mar mei syn oanwêzigens en fertrouwensbân wit Davis it bist te kalmearjen. Fuort dêrnei wurdt de gorilla lykwols út in helikopter wei besketten mei ferdôvingsgewearen, sadat er it bewustwêzen ferliest. De dieders blike leden fan in geheim buro fan 'e Amerikaanske oerheid te wêzen, dy't ûnder lieding steane fan spesjaal agint Harvey Russell. Dyselde wol inkeld kwyt dat er foar "in oare oerheidsynstânsje" wurket. George wurdt yn in frachtfleantúch laden om nei in spesjale fasiliteit by Washington, D.C. brocht te wurden, en Davis en Kate wurde ek meinommen.

Underwilens hat Claire Wyden in nij snoad plan betocht. Op 'e top fan 'e Willis Tower, in ferneamde wolkekliuwer yn Chicago dêr't it haadkantoar fan Energyne fêstige is, stiet ien fan 'e krêftichste radiostjoerders fan 'e Feriene Steaten. Om't eltse genetyske manipulaasje fan Energyne as feilichheidsmaatregel in ûntsjinkearbere oanstriid omfettet om op in beskaat radiosinjaal te reägearjen, kin se George en de reuseftige wolf nei Chicago ta lokje, dêr't se de meunsters troch it Amerikaanske Leger deadzje litte kin om neitiid út 'e liken temûk de patogenen werom te winnen. Se hat op it nijs sjoen dat George yn in fleantúch laden is, mar hat op 'e bylden ek Kate werkend. No hopet se dat George, as se it sinjaal oanset, it fleantúch delstoarte litte sil, sadat Kate omkomt en de regearingsfunksjonarissen oan wa't se de geheimen fan Energyne útbrocht hat ek. Dat de wolf nei alle gedachten de heale Chicago Loop ferwoastgje sil foar't it slagget him ôf te meitsjen, kin har neat skele.

Oan board fan it fleantúch reägearret George op it oansetten fan it radiosinjaal troch wekker te wurden út syn ferdôving. As er foar it ferstân kriget dat er yn in fleantúch sit, wurdt er wyld en agressyf, en Russell en syn minsken binne gjin partij foar him. Yn it gefjocht wurdt de piloat troch in ferdwaalde kûgel deade, sadat it fleantúch delstoart. Davis rêdt it libben fan 'e bewusteleaze Russell troch him mei in parasjute om út 'e laadklep te smiten. Hysels en Kate ûntkomme op deselde wize. As se de grûn berikke, docht lykwols bliken dat George it delkommen oerlibbe hat en ôfset is yn in rjochte line nei Chicago. Russell nimt Davis en Kate as adviseurs mei nei kolonel Blake, de legerofsier dy't belêstge is mei it tsjinhâlden fan 'e wolf en de gorilla foar't se de stêdekloft fan Chicago berikke kinne. De arrogante Blake wol lykwols nei gjin goerie harkje, en lit Davis en Kate ynstee finzensette troch de militêre plysje. It duo ûntsnapt nei't Davis sûnder muoite harren beide bewekkers oermastere hat, en mei help fan Russell witte se yn in militêre helikopter te ûntkommen.

It tsjinhâlden fan George en de wolf troch it leger rint op in fiasko út as de beide meunsters koarte metten mei de troepen meitsje. Neitiid jout kolonel Blake opdracht ta de evakuaasje fan 'e binnenstêd fan Chicago, mar dat hat noch mar foar de helte syn beslach krigen as George en de wolf dêre arrivearje. It leger docht op 'e nij war om harren tsjin te hâlden, en set dêrfoar tanks, gefjochtshelikopters en sels in bommesmiter yn, sadat de binnenstêd yn in slachfjild feroaret. George en de wolf kinne se lykwols net oer, en it wurdt noch helte minder as de reuseftige en meunsterlike krokkedil, dy't út súdlik Floarida wei ek op it radiosinjaal ôf kommen is, him út 'e rivier de Chicago op it drûge hyst.

Davis en Kate kringe it haadkantoar fan Energyne yn 'e Willis Tower binnen om in antysearum te stellen dat de genetyske mutaasjes fan 'e meunsters omkeare moat. Yn it lege (want evakuëarre) gebou witte se it antysearum te finen en trije doazes te besetten, mar neitiid wurde se trappearre troch Claire en Brett Wyden. Claire, dy't harren mei in pistoal bedriget, twingt Kate om it antysearum werom te jaan, mar Kate drukt ien doazis efteroer. Claire fertelt dat it antysearum net de genetyske mutaasjes weromdraaie sil, mar inkeld de ûnbeheinde groei fan 'e meunsters stopsette en harren ûnnatuerlik grutte agresje delbêdzje sil. Om oan te jaan dat it har mienen is, sjit se Davis del, mar hy oerlibbet it. Se nimt Kate mei nei de top fan it gebou, dêr't in helikopter op har wachtet, mar Davis komt harren efternei.

Underwilens hat George ek de top fan it gebou berikt, dêr't er de radiostjoerder besiket te fernielen. Under bedriging fan Kate mei de dea jout Claire de opdracht oan Davis om George ôf te lieden, sadat se ûntkomme kin. Mar Kate stoppet de doazis antysearum dy't se noch hie, yn Claire har hântaske en jout har in triuw yn 'e rjochting fan 'e breinroere George. Dy grypt har fêst en ferslynt har, wêrby't er har en it antysearum stikken kôget. As it antysearum begjint te wurkjen, keart George werom nei syn normale, goedmoedige persoanlikheid, al bliuwt er fjouwer kear sa grut as in normale gorilla. Underwilens hat Brett Wyden besletten syn bazige suster oan har lot oer te litten en geandefoets fan rutens te spyljen. Hy berikt fia de treppen de lobby fan it gebou, dêr't er opwachte wurdt troch agint Russell. Dy ûntnaderet him de laptop mei alle ynformaasje oer de eksperiminten fan Energyne, wêrnei't er him gean lit. Brett Wyden draaft ta de doar fan it gebou út en wurdt fuortendaliks ferplettere troch in fallend brokstik fan 'e top fan 'e wolkekliuwer.

De wolf, de krokkedil en George hawwe de Willis Tower ûnderwilens sa'n skea tabrocht, dat it gebou ynstoart. Davis en Kate oerlibje dat troch yn 'e helikopter fan Claire Wyden in needlâning te meitsjen op Federal Plaza. No't George wer ta himsels kommen is, helpt er Davis om 'e beide oare meunsters te ferslaan, wylst Kate en Russell besykje foar te kommen dat kolonel Blake de hiele binnenstêd mei de grûn lyk makket mei in bombardemint mei in MOAB, de krêftichste net-nukleêre bom dêr't de Amerikaanske Striidkrêften oer beskikke. George en Davis witte de wolf yn 'e rjochting fan 'e krokkedil te lokjen, dy't de wolf tusken de kaken kriget en it meunster ûnthalzet. Dêrnei set de krokkedil Davis efternei, mar George komt tuskenbeiden en Davis wit in granaatgurdle by it meunster nei binnen te smiten.

De krokkedil oerlibbet dat lykwols en wurdt George oermânsk, dy't oan 'e rjochterkant fan it boarst speetst wurdt mei in betonfersterkjende stielene steaf dy't út in ynstoart gebou stekt. Davis wit it meunster ôf te lieden troch it te besjitten mei de masinegewearen en raketten fan in delstoarte Boeing AH-64 Apache-gefjochtshelikopter, mar dat wurdt him op in hier nei fataal as de krokkedil wer efter him oan komt. George is lykwols net dea en hat himsels losskuord. Dêrnei bespringt er it meunster mei de ôfbrutsen stielene steaf yn 'e hân en raamt dat wapen troch it each fan 'e krokkedil, djip de harsens fan it bist yn. Dat is einlings en te'n lêsten genôch om it meunster te deadzjen, en ek noch krekt op 'e tiid om it bombardemint foar te kommen, dat kolonel Blake no annulearret.

George sakket yninoar as giet er dea, en Davis is eefkes alhiel yn triennen, mar it blykt inkeld it aparte gefoel foar humor fan 'e gorilla te wêzen, dy't Davis tefiter nimme woe. As er fan syn wille bekommen is, freget George oan Davis yn net mis te fersteane gebeartetaal oft er al seks hân hat mei Kate. Dyselde beart dat se dêrtroch folslein skandalisearre is, mar temûk is se dat net, en it is dúdlik dat der wat moais tusken har en Davis oan it groeien is. Neitiid begjinne Davis en George mei it rêdingswurk yn 'e púnheapen fan sintraal Chicago.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Davis Okoye Dwayne Johnson dr. Kate Caldwell Naomie Harris

byrollen