Jeanne Malivel (Loudéac, 15 april 1895 – Rennes, 2 septimber 1926) wie in Frânsk ûntwerpster en yllustratrise fan etnysk Bretonsk komôf. Har wurk foarme de ynspiraasje foar de oprjochting fan it Bretonsk-nasjonalistyske keunstnerskollektyf Seiz Breur. __TOC__ Libben en karriêre Malivel waard yn 1895 berne yn Loudéac, yn Bretanje. Hja ûntjoech har ta in keunstneresse dy't it âlde ambacht fan it meitsjen fan houtgravueres nij libben ynblies foar har yllustraasjes yn it Bretonsk-nasjonalistyske boek Histoire de notre Bretagne ("Skiednis fan Us Bretanje"), fan Jeanne Coroller-Danio út 1922. By it meitsjen fan dy yllustraasjes waard Malivel beynfloede troch it eardere syntetisisme fan Paul Geguin en Émile Bernard.
De yllustraasjes waarden tige bewûndere troch keunstner en etnograaf René-Yves Creston. Hy fûn dat se de grûnslach beaen foar in nije, of fernijde, Bretonske keunststyl. Creston en Malivel arbeiden neitiid mei-inoar op by in stikmannich wurken. Ut dy gearwurking ûntstie it nasjonalistyske keunstnerskollektyf Seiz Breur, dat yn Bretanje fluch oan ynfloed wûn. De namme wie ûntliend oan in Bretonsk folksferhaal oer sân bruorren (Bretonsk: seiz breur), dat optekene en yllustrearre waard troch Malivel.
Njonken har wurk as yllustratrise skildere Malivel ek fresko's en ûntwurp se meubilêr en keramyk. Ek wie se aktyf mei borduerwurk. Yn 1925 naam se diel oan 'e Ynternasjonale Tentoanstelling fan Dekorative Keunst en Moderne Niverheid, dêr't se meubels útstalle liet dy't se tegearre mei Creston ûntwurpen en makke hie.
Ferstjerren Jeanne Malivel kaam yn 1926, doe't se noch mar tritich jier wie, hommels en ûntidich yn Rennes te ferstjerren. De lieding oer de Seiz Breur-beweging kaam neitiid yn 'e hannen fan Creston.
Galery
Kategory:Frânsk ûntwerper Kategory:Frânsk yllustrator Kategory:Frânsk keunstskilder Kategory:Frânsk keramist Kategory:Frânsk meubelmakker Kategory:Bretonsk nasjonalist Kategory:Bretonsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1895 Kategory:Persoan stoarn yn 1926