Michael Fassbender (berne op 2 april 1977 yn Heidelberch) is in Dútsk-Ierske akteur en filmprodusint
Biografy Fassbender waard as soan fan in Dútske heit en in Ierske mem berne yn Heidelberch. Hy waard sûnt syn twadde jier yn Killarney yn it súdwêst fan Ierlân grutbrocht. Syn memmetaal is Ingelsk en hy praat ek Dútsk, mar mei in swier Ingelsk aksint. Dêrom wurdt er yn Dútsktalige films neisyngronisearre.
Yn 2017 troude Fassbender mei de Sweedske aktrise Alicia Vikander, mei wa't er yn "The Light Between Oceans" spile en yn 2021 in bern mei krige. Fassbender wennet yn Portugal.
Wurkpaad Syn earste grutte rol hie Fassbender yn 2001 yn de searje "Band of Brothers". Dêrnei spile Fassbender yn ferskillende Ingelske tillefyzjeproduksjes, werûnder ferskate kearen in gastrol yn "Murphy’s Law".
Yn 2008 krige Fassbender in earste haadrol yn Steve McQueen's drama "Hunger", dy't him op ferskillende festivals prizen oplevere. Rollen yn "Jonah Hex" (2010), "Jane Eyre" (2011) en "X-Men: First Class" (2011) folgen. Foar syn rol yn Steve McQueen's "Shame" as hyperseksuële man krige er yn 2011 ek meardere ûnderskiedings.
Fassbender waard foar syn titelrol yn de filmbiografy fan de stifter fan Apple Steve Jobs nominearre foar in Oskar yn de kategory bêste akteur.
Films JierTitel (Alternative titel)Rol2006 300 Stelios 2007 Angel Esmé 2008 Hunger Bobby Sands 2008 Eden Lake Steve 2009 Blood Creek Richard Wirth 2009 Fish Tank Conor 2009 Inglourious Basterds Lt. Archie Hicox 2010 Centurion Quintus Dias 2011 Jane Eyre Rochester 2011 X-Men: First Class Magneto 2011 Haywire Paul 2011 Shame Brandon 2012 A Dangerous Method Carl Jung 2012 Prometheus David 2013 12 Years a Slave Edwin Epps 2013 The Counselor Counselor 2014 Frank Frank 2014 X-Men: Days of Future Past Magneto 2015 Slow West Silas Selleck 2015 Macbeth Macbeth 2015 Steve Jobs Steve Jobs 2016 X-Men: Apocalypse Magneto 2016 The Light Between Oceans Tom Sherbourne 2016 Assassin's Creed Callum Lynch / Aguilar de Nerha 2017 Song to Song Cook 2017 Alien: Covenant David / Walter 2017 The Snowman Harry Hole 2019 X-Men: Dark Phoenix Magneto 2023 The Killer moardner 2023 Next Goal Wins Thomas Rongen
Tillefyzje JierTitelRolTal ôfleverings 2001 Hearts and Bones Hermann trije ôfleverings 2001 Band of Brothers Sgt. Burton 'Pat' Christenson sân ôfleverings 2004-2005 Hex Azazeal tretjin ôfleverings 2005 Murphy's Law Caz Miller fiif ôfleverings 2008 The Devil's Whore Thomas Rainsborough trije ôfleverings Keppeling om utens IMDb Moviemeter
Kategory:Dútsk filmakteur Kategory:Dútsk telefyzje-akteur Kategory:Dútsk filmprodusint Kategory:Iersk filmakteur Kategory:Iersk telefyzje-akteur Kategory:Iersk filmprodusint Kategory:Dútsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Iersk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1977