De Minnistetsjerke is in tsjerkegebou yn Blije yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
De trijesidich sletten sealtsjerke waard yn 1807 boud. De kosterij oan de foarside waard yn 1935 fernijd. It gebou hat gjin tsjerkefunksje mear. De preekstoel gie nei de Meinardstsjerke yn Minnertsgea. De eardere fermanje is in ryksmonumint sûnt 1983.
Kategory:Tsjerkegebou yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Tsjerkegebou yn Ferwerderadiel Kategory:Ryksmonumint yn Ferwerderadiel Kategory:Bouwurk út 1807 Kategory:Blije