For Your Eyes Only is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1981 ûnder rezjy fan John Glen, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond en Carole Bouquet as Bond girl Melina Havelock. De titel betsjut "Allinne foar dyn Eagen". De film is basearre op twa koarte ferhalen út 'e ferhalebondel mei deselde namme fan Ian Fleming út 1960. It ferhaal draait om in raketliedsysteem yn in ta sinken brocht skip, dat Bond tsjin eltse priis weromfine moat foar't it yn 'e hannen fan 'e Sovjet-Uny falt. By syn ûndersyk rekket er behelle yn 'e fete tusken twa lûsje Grykske sakelju, de syktocht fan in jonge frou om har fermoarde âldelju te wreekjen, en de training fan in jonge sportster foar it wrâldkampioenskip keunstriden. For Your Eyes Only wie it tolfde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Moonraker. De titelsong fan 'e film, songen troch Sheena Easton, waard nominearre foar sawol in Oscar as in Golden Globe. Fan 'e filmkritisy krige For Your Eyes Only doedestiden mingde, mar no oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e James Bond-rige wie Octopussy, dat útkaam yn 1983.
Filmbeskriuwing Iepeningssêne De film iepenet mei in sêne dy't folslein los stiet fan 'e eigentlike plot. Dêryn wurdt der in omslachtige moardoanslach op Bond útfierd mei in radiografysk bestjoerde helikopter troch in net dúdlik yn byld brochte keale man yn in rolstoel. Dyselde hat alle skaaimerken fan Bond syn aartsfijân Ernst Stavro Blofeld. (Waans namme lykwols net brûkt wurde koe omreden fan in langrinnend juridysk skeel oer de filmrjochten op 'e roman Thunderball mei de Ierske filmprodusint Kevin McClory.) De konfrontaasje einiget as Bond de kontrôle oer de helikopter wit te bemachtigjen, de rolstoel opskept mei ien fan 'e glydstangen en syn fijân yn 'e skoarstien fan in yndustrieel kompleks smyt, dêr't er te pletter falt.
Plot It Britske spionaazjeskip de St. George's, dy't ûnder de Malteeske flagge fart en him foardocht as in fisktreiler, hellet op 'e Ioanyske See, foar de kust fan Albaanje, by fersin in âlde seemyn binnen yn syn netten. As dy ûntploft, blaast dat ûnder de wetterline in grut gat yn 'e romp fan it skip, mei as gefolch dat dat binnen inkele minuten sinkt. Der is in Automatic Targeting Attack Communicator (ATAC) oan board fan it skip, in apparaat wêrmei't de aktiviteiten (bombardeminten ynbegrepen) fan alle mei nukleêre wapens tariste dûkboaten fan 'e Britske Keninklike Marine koördinearre wurde. As dat yn ferkearde hannen falt, kinne bûtenlânske grutmachten Britske ûnderseeërs brûke om it Feriene Keninkryk te bombardearjen. Yn Londen is it regear sadwaande yn alle steaten as it ferlern gean fan 'e St. George's bekend wurdt.
De renommearre marine argeolooch sir Timothy Havelock wurdt frege om ûnder it mom fan it dwaan fan argeologyske opgravings op 'e seeboaiem de lokaasje fan it skipswrak fan 'e St. George's te bepalen en de ATAC yn feilichheid te bringen. De KGB is lykwols op 'e hichte fan it sinken fan it skip. Generaal Gogol, dy't oan it haad stiet fan dy ynljochtingetsjinst fan 'e Sovjet-Uny, fermoedet de oanwêzigens fan in ATAC oan board en kriget fan syn superieuren tastimming om dêr in wraam nei te dwaan. Havelock en syn Grykske frou Iona wurde neitiid foar de eagen fan harren dochter Melina fermoarde troch Héctor Gonzales, in Kubaanske hiermoardner. Melina swart wraak.
Yn Londen wurdt James Bond, de bêste geheim agint fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, by Bill Tanner, de stêfsjef fan MI6 roppen. Dyselde en sir Frederick Gray, de minister fan Definsje, jouwe him de opdracht om út te sykjen wa't der efter de moard op 'e Havelocks sit en teffens om 'e ATAC feilich te stellen. Bond reizget ôf nei Spanje, dêr't er ynfiltrearret op it hiem fan 'e filla fan Gonzales yn 'e hope om oan 'e weet te kommen wa't de hiermoardner ynhierd hat. Hy is der tsjûge fan hoe't Gonzales in koffer mei jild yn ûntfangst nimt, mar wurdt dan opmurken en finzen nommen. Gonzales jout syn trewanten opdracht om Bond dea te meitsjen, mar ear't dat syn beslach krije kin, wurdt er sels út it strewelleguod wei deasketten mei in pylk út in krúsbôge. Bond wit yn 'e gaos dy't dêrop folget te ûntsnappen. Yn 'e boskjes komt er Melina Havelock mei in krúsbôge tsjin en nimt har op sleeptou.
Bond syn Lotus Esprit is ûnderwilens ûntdutsen troch ien fan Gonzales syn bewekkers, dy't besiket om deryn yn te brekken. Dêrmei stelt er by fersin it selsferneatigingsmeganisme fan 'e auto yn wurking, dy't sadwaande eksplodearret. Bond en Melina pike dêrom út yn Melina har Lilke Ein en witte nei in lange, spektakulêre efterfolging te ûntkommen. Bond set Melina op it fleantúch werom nei Grikelân en drukt har op it hert om 'e saak fierders rêste te litten, mar sy fertelt him dat Grykske froulju altyd de moard op dejingen fan wa't se hâlde wreekje.
Mei de help fan in futuristysk kompjûterprogramma fan Q, de kertiermaster fan MI6, identifisearret Bond de man dy't Gonzales de koffer mei jild brocht as de Belgyske krimineel Émile Léopold Locque, dy't koartby sinjalearre is yn Cortina d'Ampezzo, yn noardlik Itaalje. Bond set ôf dêrhinne en wurdt ûnthelle troch de pleatslike agint fan MI6, in Luigi Ferrara. Dyselde bringt Bond yn 'e kunde mei in ynformant fan him, de Grykske sakeman Aristoteles Kristatos, dy't yn Cortina d'Ampezzo is om 'e trainings by te wenjen fan syn protezjee, de sechstjinjierrige Amerikaanske keunstrydster Bibi Dahl. Kristatos fertelt Bond dat Locque yn 'e tsjinst stiet by de Grykske krimineel en drugssmokkeler Milos Columbo. Dat is in eardere striidmakker fan him út 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't se tegearre yn it ferset sieten, en út 'e Grykske Boargeroarloch, doe't se tegearre tsjin 'e kommunisten fochten. Neitiid binne se lykwols folslein ferskillende wegen gien en no ûnderhâlde se al jierren in fete.
Bibi ferget Bond derop om har dy middeis te beselskipjen nei in biatlon, mei't Kristatos oare ferplichtings hat en leaver net wol dat se allinnich giet. Bond stimt út fatsoen ta. Nei't er him ôfjûn hat, sjocht er yn in winkelstrjitte Melina Havelock werom, dy't op it punt stiet om in krúsbôge te keapjen. Bond rêdt har fan in moardoanslach troch in pear mannen op motors. It docht bliken dat se in bryfke fan Bond ûntfongen hie om har yn Cortina d'Ampezzo te moetsjen, dat hy beslist net ferstjoerd hat. Mei muoite wit er har derfan te oertsjûgjen om werom te gean nei Grikelân.
As er letter werom komt yn syn hotelkeamer, treft Bond dêr Bibi Dahl ûnder de dûs oan. Hja is wisberet en ferliedt Bond om seks mei har te hawwen, mar hy fynt har te jong en slacht it oanbod ôf. As er har neitiid begeliedt nei de biatlon, wiist se him op 'e Eastdútske biatleet Erich Kriegler, op wa't se (ek) fereale is. Nei't Bond en Bibi útinoar gien binne en hy troch it wâld wer nei syn hotel skyt, wurdt er oanfallen troch Kriegler, dat in agint fan 'e KGB blykt te wêzen, en twa mannen op motors. Nei in lange efterfolging wit Bond harren úteinlik allegear te fluch ôf te wêzen, sadat er fuortkomme kin. Dy jûns, as Ferrara him nei it fleanfjild bringe sil, hâlde se ho by de iisbaan, sadat Bond, lykas ûnthjitten, ôfskie nimme kin fan Bibi. Neitiid wurdt er oanfallen troch trije iishockeyers, en as er dy fan him ôf slein hat, treft er Ferrara bûten mei in trochsniene kiel yn 'e auto oan, mei in spjeldsje yn 'e opkrôle fûst dat Bond earder by Locque op 'e klean sjoen hat.
Bond bejout him nei it Grykske eilân Korfû, dêr't Columbo him befynt. Hy moetet dêr Kristatos wer, dy't him meinimt nei it kasino fan Columbo. Dêr binne se neffens him feilich, want Columbo soe nea wat dwaan om 'e ynkomsten út it kasino yn gefaar te bringen. Kristatos stiet der by Bond op oan om Columbo te fermoardzjen, mei't dat de iennichste manear wêze soe om fan him ôf te kommen. Harren petear wurdt lykwols ôfharke troch Columbo, dy't dêrnei in lyts toanielstikje foar harren opfiert wêrby't er beart dat er rûzje kriget mei syn mêtresse, grevinne Liesl von Schlaf. Hoewol't Bond gjin momint leaut dat de rûzje echt is, biedt er dochs oan om Liesl thús te bringen. Sy lit har dêrta oerhelje en nûget him deryn, wêrnei't se mei-inoar op bêd geane. Se jout al rillegau ta dat Columbo har oanset hie om Bond te ferlieden om mear oer him te witten te kommen.
De oare moarns rinne Bond en Liesl yn in mûklaach fan Locque en syn trewanten as se in stikje te kuierjen geane op it strân. Liesl wurdt fermoarde troch Locque, en Bond rekket besingele. Ear't se Bond ek fermoardzje kinne, wurde Locque-en-dy lykwols oanfallen troch Columbo syn mannen, dy't ien fan harren deameitsje en de rest op 'e flecht jeie. Bond wurdt finzen nommen en by Columbo brocht, dy't him fertelt dat Locque foar Kristatos wurket. Kristatos is nammentlik de echte drugssmokkeler, en hy wurdt ek betelle troch de KGB om 'e ATAC te besetten. Om syn fertrouwen te winnen, jout Columbo oan Bond syn pistoal werom wylst er sels op dat stuit gjin wapens hat.
Dy jûns nei tsjuster kringe Bond, Columbo en dy syn mannen in pakhûs yn súdlik Albaanje binnen, dat Kristatos brûkt foar de opslach fan 'e rouwe opium dy't er smokkelet. Bond ûntdekt dêr seeminen fan itselde type as dy dêr't de St. George's troch sonken is, wêrmei't suggerearre wurdt dat it ynsidint mei it spionaazjeskip dochs gjin ûngemak wie. As Bond-en-dy ûntdutsen wurde, brekt der in sjitpartij út, dy't einiget as Locque it pakhûs opblaast. Dêrnei besiket er yn 'e auto te ûntkommen, mar dêrfoar moat er fia hierspjeldbochten de wei heuvelop folgje. Bond beklimt te foet in treppen en is as earste boppe, dêr't er Locque opwachtet en ferwûnet. Locque rekket fan 'e dyk ôf en komt mei syn auto heal oer de râne fan in klif te hingjen. Bond smyt him it spjeldsje ta dat de deade Ferrara yn 'e fûst hie en jout de auto in skop, sadat dy oer de râne glidet en Locque te pletter falt.
Neitiid jout Bond him by Melina op it jacht fan har âlden. Hy fertelt har wat har heit eins by de ein hie en sy seit har help ta by it boppe wetter heljen fan 'e ATAC. Mei in miny-ûnderseeër geane se omleech nei it wrak fan 'e St. George's, dêr't se mei taris foar djipseedûken nei binnen geane en de ATAC fine en los keppelje. In oare dûker besiket harren it ding te ûntnaderjen, mar Bond wit him op slûchslimme wiene út te skeakeljen. Nei't se weromkeard binne yn harren miny-ûnderseeër, wurdt dy oanfallen troch in oare miny-ûnderseeër, mar Bond wit ek dy oanfal ôf te slaan. As se wer by it wetteroerflak komme, docht lykwols bliken dat Kristatos en syn mannen it jacht fan 'e Havelocks kaapt en de bemanning deamakke hat.
Kristatos stelt de ATAC en sleept de oaninoar fêstbûne Bond en Melina efter syn eigen jacht oan troch it wetter sadat se oer it skerpe koraal fan in koraalrif sleept wurde en begjinne te blieden, wat haaien oanlokket. Bond wit himsels en Melina lykwols te rêden troch it koraal te brûken om it sleeptou stikken te snijen. Ien fan Kristatos syn mannen, dy't oerboard knoffelet, wurdt opfretten fan 'e haaien, wylst Bond en Melina ûntkomme nei de seeboaiem, dêr't Melina earder by de argeologyske opgraving fan in timpel út 'e Aldheid in soerstofflesse efterlitten hat. As se lang ûnder wetter bliuwe, ornearret Kristatos dat se dea wêze moatte. Hy hat mei Kriegler ôfpraat om 'e ATAC "by Sint-Syrillus" oan 'e KGB oer te dragen yn ruil foar syn betelling, en dêr set er hinne ôf.