Live and Let Die is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1973 ûnder rezjy fan Guy Hamilton, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond en Jane Seymour as Bond girl Solitaire. De titel betsjut "Libje en Stjerre Litte", in wurdboarterij op 'e bekende útdrukking live and let live ("libje en libje litte"). De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1954 fan Ian Fleming.
It ferhaal folget Bond as er ûndersyk docht nei de moard op trije aginten fan MI6, dy't allegearre te krijen hawwe mei in snoad plan fan 'e Amerikaanske drugsbaron Mr. Big en dr. Kananga, de diktator fan it (fiktive) Karibyske eilânsteatsje San Monique om it monopoalje op 'e drugshannel yn 'e Feriene Steaten te bemachtigjen. Live and Let Die waard makke op it hichtepunt fan it blaxploitation-tiidrek, en mei't Bond it diskear opnimt tsjin negroïde kriminelen, binne in protte blaxploitationeleminten yn 'e film opnommen, lykas skelnammen foar blanken (honky), súksesfolle swarte gangsters en pimpmobiles (grutte, djoere en útwrydsk tariste auto's dêr't dy gangsters yn omride). De film befette fierders de earste swarte frou dêr't Bond mei op bêd giet, te witten Rosie Carver, spile troch Gloria Hendry.
Live and Let Die wie it achtste diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Diamonds Are Forever. It wie de earste film mei Roger Moore as Bond, in rol dy't yn op ien nei alle foargeande films fertolke wie troch Sean Connery. Fan 'e filmkritisy krige Live and Let Die oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e filmsearje, The Man with the Golden Gun, kaam út yn 1974.
Plot Binnen fjouwerentweintich oeren tiid wurde der ûnder mysterieuze omstannichheden trije geheim aginten fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 út 'e wei romme: Dawes yn it Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes yn New York, Hamilton yn in swarte folkswyk yn New Orleans en Baines yn it lytse (fiktive) eilânsteatsje San Monique, yn it Karibysk Gebiet. M, de sjef fan MI6, giet derfan út dat de trije moarden mei-inoar te krijen hawwe. Hy draacht it ûndersyk op oan syn bêste man: geheim agint 007, James Bond. Dyselde set ôf nei New York, dêr't Dawes de gongen neirûn fan dr. Kananga, de diktator fan San Monique. Bond wurdt by de lofthaven ôfhelle troch in ûnderhearrige fan syn freon Felix Leiter, dy't foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wurket. Underweis nei Leiter syn lokaasje wurdt de sjauffeur fan Bond lykwols temûk fermoarde troch Whisper, ien fan Kananga syn trewanten, út in passearjende auto wei. Dat soarget foar in auto-ûngemak dat Bond mar nauwerneed oerlibbet.
It kentekennûmer fan Whisper syn auto liedt Bond nei de swarte wyk Harlem, dêr't er finzen nommen wurdt troch Mr. Big. Dat is in swarte drugsbaron dy't tige ynfloedryk is en as fasade foar syn kriminele praktiken in keatling restaurants mei de namme Fillet of Soul eksploitearret. Yn it selskip fan Mr. Big is de tsjeppe Solitaire, in wiersizzeresse mei de macht fan obeah (koartsein de foarm fan voodoo dy't bestiet yn 'e eardere Britske koloanjes fan it Karibysk Gebiet). Hja makket gebrûk fan tarotkaarten om yn 'e takomst te sjen en kin sa teffens foarfallen yn it hjoed gewaarwurde dy't fier fuort plakfine. Solitaire is de assistinte fan dr. Kananga, en it is ûndúdlik wat se by Mr. Big moat. Bond lûkt by har de kaart fan 'e Minners; dat ûntrêstget Solitaire bot, mei't se leaut dat it betsjut dat sy en Bond minners wurde sille. Mr. Big lit Bond ôffiere om him te deadzjen, mar Bond ûntsnapt mei help fan 'e swarte CIA-agint Harry Strutter.
Bond noch de CIA begrypt wat de machtichste gangster fan New York te krijen hat mei de lieder fan in ûnbelangryk minysteatsje. Dêrom fljocht Bond neitiid nei San Monique om op ûndersyk út te gean. Hy moetet dêr de swarte CIA-aginte Rosie Carver en de Jamaikaanske MI6-agint Quarrel jr. Nei't Bond in nije moardoanslach troch Whisper oerlibbe en de nacht trochbrocht hat mei Rosie, geane Quarrel, Rosie en hy op in angelfiskersboat op ferkenning. Fan see ôf sjogge se de filla dêr't Solitaire wennet, en dêr't nimmen útsein Kananga sels doar te kommen fanwegen har ysbaarlike, boppenatuerlike jeften. Bond en Rosie geane oan lân by it plak dêr't Baines fermoarde is, mar Bond is erchtinkend oer Rosie wurden. It docht bliken dat se yndie in dûbelaginte foar Kananga is, mar se wegeret te praten út eangst foar de voodoopoppen yn 'e foarm fan fûgelferskrikkers dy't rûnom steane. As se besiket út te naaien, wurdt se troch Kananga mei in fan op ôfstân betsjinne fjoerwapen deade.
De jûns kringt Bond de filla fan Solitaire binnen, dêr't er har in kaart lûke lit dy't op 'e nij de Minners is. (Feitliks hat Bond in tarotkaartspul by him dat inkeld út eksimplaren fan dy spesifike kaart bestiet.) Sa bedraacht er har om te leauwen dat harren leafde in lotsbestimming is dy't fêstleit. Neitiid ferliedt er har en bringe se de nacht mei-inoar troch. As Bond lykwols de oare moarns wol dat se de kaarten foar him lêst, docht bliken dat er himsels te fluch ôf west hat: om't har wiersizzend fermogen ferbûn wie oan har fammesteat, hat Solitaire no har jeften ferlern. Dat op himsels liket har net safolle te spiten, mar it besef dat Kananga har no fermoardzje sil nammenste mear. Se beslút dêrom en naai út mei Bond. Op harren flecht ûntdekke se op San Monique útstrutsen papaverfjilden foar de produksje fan heroïne. Dat geheim beskermet Kananga mei de help fan in voodoo-preester dy't himsels nei ien fan 'e loa Baron Samedi neamt en dêr't de pleatslike befolking deabenaud fan is.
Mei de trewanten fan Kananga op 'e hakken flechtsje Bond en Solitaire yn in stellen dûbeldekkerbus oant se de efterfolgers ôfskodde hawwe. Se jouwe har by Quarrel op 'e boat en ûntkomme oer see, wêrnei't se trochreizgjen nei New Orleans. Dêr hat Bond ôfpraat mei Felix Leiter, mar hy en Solitaire wurde ûntfierd troch de taksysjauffeur by wa't se yn 'e auto stappe. Se wurde ôflevere by Mr. Big, dy't Solitaire finzen nimt. Bond wit te ûntsnappen en bejout him mei Felix Leiter nei it Fillet of Soul-restaurant yn New Orleans, dêr't se lykwols of raffinearre wize faninoar skaat wurde. Bond wurdt sa dochs noch finzen nommen troch Mr. Big, dy't witte wol oft Bond Solitaire ûntfamme hat. Bond wegeret te antwurdzjen en seit dat er dêr wol mei Kananga oer prate sil. Dêrop skuort Mr. Big syn gesichtsproteze (in echt lykjend masker) ôf en docht bliken dat hy en Kananga ien en deselde man binne. Hy leit op selsfoldiene wize oan Bond út dat er syn eigenprodusearre heroïne yn 'e Feriene Steaten fergees weijaan sil om alle konkurrinsje út 'e merk te drukken, om dêrnei, as er it monopoalje op 'e ferkeap fan heroïne hat, de oarspronklike priis te ferdûbeljen.
As Bond noch altyd wegeret te praten oer syn relaasje mei Solitaire, stelt Kananga Solitaire op 'e proef mei in fraach dêr't hy it antwurd op wit, mar dêr't sy it antwurd op yn har kaarten lêze moat. Hja liket korrekt te antwurdzjen, en Kananga jout syn ienearmige trewant Tee Hee opdracht om Bond ôf te fieren. Nei't se fuortgien binne, docht lykwols bliken dat Solitaire it ferkearde antwurd jûn hat, ek al hie se 50% kâns om it goed te hawwen. Kananga lit har werombringe nei San Monique, dêr't se by in voodoo-seremoanje troch Baron Samedi deade wurde sil.
Underwilens nimme Tee Hee en in oare trewant fan Kananga, dy't Adam hjit, Bond mei nei in krokkedillefokkerij yn 'e bayou's fan 'e Mississippydelta, dy't in dekmantel is foar in drugslaboratoarium. Dêr litte se him efter op in minuskúl eilantsje midden yn in poel fol roppige krokkedillen. Se binne lykwols sa dom om net ôf te wachtsjen oant er ferslynd wurdt, wat Bond de kâns jout om fan it eilantsje te ûntsnappen troch de rêgen fan in stikmannich krokkedillen as stapstiennen te brûken wylst er it wetter fan 'e poel oerstekt nei de fêste wâl. Ienris dêr lit er de krokkedillen los en stekt er it laboratoarium yn brân, wêrnei't er ûntsnapt yn in speedboat. Adam en ferskate oare trewanten fan Kananga sette yn har eigen speedboaten de efterfolging yn, wêrby't se yn oanfarring komme mei de rjochtlinige Louisiaanske sheriff J.W. Pepper, dy't him ek by de efterfolging oanslút. De measte oare speedboaten reitsje ûnderweis wrakslein, en Bond weeft mei Adam ôf troch him by in skipswerf in amer terpentine yn it gesicht te smiten en dêrnei syn boat yn 'e brân te stekken, dat dy ûntploft.
Nei't Felix Leiter en de CIA de hiele ravaazje behimmele hawwe dy't Bond en syn efterfolgers oanrjochte hawwe, reizget Bond jitris ôf nei San Monique. Diskear geane Leiter en syn mannen mei, dy't eksplosiven oanbringe yn 'e papaverfjilden, wylst Bond nei de voodoo-seremoanje op in pleatslik tsjerkhôf giet om Solitaire te rêden. Hy smyt dêrby Baron Samedi yn in deakiste mei gifslangen, wat dyselde net oerlibje kin. Mei de lift dy't yn in grêf oanbrocht is sadat Baron Samedi ta skrik fan 'e pleatslike befolking letterlik út it grêf oprize kin, ûntkomme Bond en Solitaire nei it ûndergrûnske haadkertier fan Kananga, dêr't se lykwols allebeide wer finzen nommen wurde. Kananga en syn trewant Whisper bine harren fêst en risselwearje om harren yn in fan 'e haaien optillende seegrot del te litten, sadat se ferslynd wurde sille. Bond wit lykwols los te brekken, wêrnei't er earst Whisper út 'e wei rommet en dan Kananga twingt om in patroan mei gearparse gas troch te slokken, dat ornaris brûkt wurdt foar haaiepistoalen. As it gas frijkomt, wurdt de diktator opblaasd as wied er in ballon, oant er útinoar barst.
Werom yn New Orleans set Leiter Bond en Solitaire op 'e trein nei New York, in betinksel fan Bond, dy't noch rêstich wat tiid mei de tsjeppe Solitaire trochbringe wol ear't er nei hûs moat. Kananga syn trewant Tee Hee glûpt lykwols ek oan board fan 'e trein en kringt nachts de kûpee fan Bond en Solitaire binnen. Hy besiket Bond te deadzjen troch gebrûk te meitsjen fan syn earmproteze, mar Bond wit in neilskjirke te pakken te krijen, wêrmei't er de keabeltsjes yn 'e proteze trochknipt. No't syn fijân fierhinne ûntwapene is, slagget it Bond sûnder muoite om him út it finster en fan 'e trein te smiten. Dêrop ferfettet er syn ferlieding fan Solitaire, mar it lêste byld fan 'e film lit in laitsjende Baron Samedi sjen dy't op 'e kowefanger fan 'e trein sit.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise MI6-agint James Bond Roger Moore Solitaire Jane Seymour
byrollen personaazje akteur/aktrise dr. Kananga / Mr. Big Yaphet Kotto Tee Hee Johnson Julius W. Harris CIA-agint Felix Leiter David Hedison "Baron Samedi" Geoffrey Holder Whisper Earl Jolly Brown Rosie Carver Gloria Hendry sheriff J.W. Pepper Clifton James Quarrel jr. Roy Stewart Adam Tommy Lane M, haad fan MI6 Bernard Lee juffer Moneypenny Lois Maxwell CIA-agint Harry Strutter Lon Satton Dambala Michael Ebbin swarte taksysjauffeur Arnold Williams juffer Caruso Madeline Smith frou Bell Ruth Kempf Charlie Joie Chitwood froulike winkelbetsjinde Kubi Chaza sjongster yn restaurant B.J. Arnau
Produksje en distribúsje Produksje Live and Let Die waard regissearre troch Guy Hamilton, dy't earder ek de James Bond-films Goldfinger (1964) en Diamonds Are Forever (1971) makke hie. Hy wurke nei in senario fan Tom Mankiewicz op basis fan 'e roman Live and Let Die, fan Ian Fleming, út 1954. Richard Maibaum, dy't as senarioskriuwer by frijwol alle foargeande Bond-films belutsen west hie, bewearde letter dat er ek frege wie foar Live and Let Die, mar dat er ôfsizze moatten hie om't er te drok mei oare dingen wie. Hy mocht net oer it senario fan Mankiewicz, mei't er sei: "Drugs ferbouwe yn 'e midden fan 'e jungle is gjin Bond-film."