The Man with the Golden Gun is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1974 ûnder rezjy fan Guy Hamilton, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond, Christopher Lee as de smjunt Francisco Scaramanga en Britt Ekland as Bond girl Mary Goodnight. De titel betsjut "De Man mei it Goudene Pistoal", en ferwiist nei Scaramanga, dy't echt in pistoal makke fan goud hat. De film is basearre op 'e yn 1965 postúm útbrochte roman mei deselde namme fan Ian Fleming.
It ferhaal folget Bond as er besiket de Solex Agitator yn 'e hannen te krijen, in apparaat wêrmei't sinneljocht omset wurde kin yn enerzjy. Hy ûntdekt by tafal dat de beruchte hiermoardner Scaramanga behelle is yn 'e dieverij fan dat ding. Scaramanga is in glûpske tsjinstanner mei fierhinne deselde feardichheden as Bond sels, en Bond hat der sadwaande klauwen oan om him de baas te wurden.
The Man with the Golden Gun wie it njoggende diel út James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Live and Let Die. De film lit dúdlik syn tiidgeast sjen, mei't er makke waard tsjin 'e eftergrûn fan 'e Oaljekrisis fan 1973, doe't alternative enerzjyboarnen ynienen nedich achte waarden. Yn 'e film komt ek de mids 1970-er jierren heechtij fierende raazje foar Easterske fjochtsport oan bod, mei ferskate kung fu-sênes en in fierhinne East- en Súdeastaziatyske setting. Fan 'e filmkritisy krige The Man with the Golden Gun mingde resinsjes, hoewol't de film yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses wie. In folgjend diel yn 'e filmsearje, The Spy Who Love Me, kaam út yn 1977.
Plot Yn Londen wurdt in gouden kûgel, mei "007" deryn gravearre, besoarge by de Britske ynljochtingetsjinst MI6. Men ornearret dat dy stjoerd is troch de beruchte mar mysterieuze hiermoardner Francisco Scaramanga, fan wa't nimmen wit hoe't er derút sjocht, mar dy't altyd goudene kûgels brûkt om syn doelwiten út 'e wei te romjen. De kûgel wurdt opfet as in oankundiging dat Scaramanga fan doel is om geheim agint 007, James Bond, te fermoardzjen. M, it haad fan MI6, beslút Bond dêrop te ûntheffen fan 'e saak dêr't er oan wurket, it opspoaren fan 'e wittenskipper Gibson, dy't de Solex Agitator útfûn hat. Dat is in krúsjaal ûnderdiel fan in apparaat wêrmei't sinneljocht omset wurde kin yn enerzjy.
Bond wurdt formeel mei ferlof stjoerd om 'e folgjende set fan Scaramanga ôf te wachtsjen, mar yn bedutsen termen kriget er fan M tastimming om sels efter de hiermoardner oan te gean. Dêrmei begjint er, troch juffer Moneypenny, de sekretaresse fan M, te rieplachtsjen oer de details fan 'e moard op Fairbanks, in oare agint fan MI6. Fan dyselse wurdt fermoede dat er út 'e wei romme is Scaramanga, hoewol't de kûgel nea fûn is. Op basis fan 'e ynformaasje fan Moneypenny reizget Bond ôf nei de Libaneeske haadstêd Beirût, dêr't er de búkdûnseresse Saïda opsiket, yn wa har selskip Fairbanks ferkearde doe't er deasketten waard. It docht bliken dat sy nei de moard de gouden kûgel fûn hat. Nei't er dy har, mei muoite, ûntfytmanne hat, kin Q, de kertiermaster fan MI6, Bond nei ûndersyk fertelle dat de kûgel makke is troch Lazar, in Makaneeske wapensmid yn 'e Portegeeske koloanje Makau.
Yn Makau wit Bond Lazar oan 'e praat te krijen, sadat er in nije foarried gouden kûgels folgje kin, dy't yn in kasino oppikt wurde troch de Andrea Anders, de mêtresse fan Scaramanga. Bond folget har nei de Britske kroankoloanje Hongkong, dêr't er fersterking kriget fan in oare geheim agint fan MI6, de tsjeppe Mary Goodnight. Yn it Peninsula Hotel kringt er Anders har hotelkeamer binnen en mishannelet har oant se him fertelt hoe't Scaramanga derút sjocht en wat er fan doel is. Op har oanwizings set Bond dy jûns nei de Bottoms Up Club, in ferneamde stripklub, dêr't er Scaramanga op 'e strjitte opwachtet. Dyselde leit dêr lykwols ek foar de doar op 'e loer, en hoewol't er der alle kâns ta hat, sjit er net Bond dea, mar in oare man, dy't ta Bond syn ûntsteltenis de wittenskipper Gibson blykt te wêzen dêr't er sels in skoft efteroan sitten hat. Nick Nack, de mei dwerchgroei oanhelle assistint fan Scaramanga, bûsehifket de Solex Agitator fan it lyk foar't immen it troch hat.
Bond, dy't syn pistoal lutsen hie doe't njonken him in man delsketten waard, wurdt arrestearre troch ynspekteur Hip fan 'e Hongkongske plysje. Mar ynstee dat er nei in plysjeburo brocht wurdt, nimt Hip him mei nei it skipswrak fan 'e RMS Queen Elizabeth yn 'e haven fan Hongkong, dat it pleatslike haadkertier fan MI6 blykt te wêzen. Sawol M as Q is dêr oanwêzich. Bond kriget opdracht om gear te wurkjen mei Hip om 'e Solex Agitator werom te stellen.
Bond riddenearret út dat Scaramanga yn opdracht fan Hai Fat wurkje moat, in Taisk sakeman en krimineel fan etnysk Sineesk komôf foar wa't Gibson wurke foar't er fermoarde waard. It tinken is dat Gibson útnaaid wie mei de Solex Agitator en dat Hai Fat him troch Scaramanga ombringe litten hat om it apparaat werom te krijen. Bond is der ûnderwilens fan oertsjûge rekke dat hysels nea it doelwyt fan Scaramanga west hat, sadat er him wer wat frijer doar te bewegen. Hy reizget mei Mary Goodnight en Hip, dy't dêr famylje wenjen hat, nei de Taiske haadstêd Bangkok ta, dêr't er de swierbewekke filla fan Hai Fat binnenkringt troch himsels foar te dwaan as Scaramanga. Dêrby fertrout er derop dat Hai Fat de hiermoardner ek nea met hat. Hai Fat nûget Bond út om dy jûns werom te kommen foar in diner, mar sûnder dat Bond it wit rint syn plan yn it hûndert as bliken docht dat Scaramanga op dat stuit yn 'e filla fan Hai Fat ferbliuwt, en dat Bond dus hielendal nimmen foar it lapke holden hat.
As er dy jûns weromkomt by de filla fan Hai Fat, wurdt Bond oanfallen troch Nick Nack en in pear mânske trewanten. Hy wurdt bewusteleas slein, mar as Nick Nack him fermoardzje sil, hâldt Hai Fat him tsjin, dy't dat hjir yn syn wente net hawwe wol. Ynstee wurdt Bond oerbrocht nei in fjochtsportskoalle, dêr't de learlingen duëls oant de dea útfjochtsje en ynstruksje krije om Bond út 'e wei te romjen. Mei help fan Hip en dy syn karatefjochtsjende omkesizzers wit er de learlingen fan him ôf te slaan, wêrnei't er oer de rivier útpykt yn in motorisearre sampan. Dêrby wurdt er sjoen troch in Amerikaanske toerist: nimmen oars as sheriff J.W. Pepper, mei wa't Bond earder gedoente hân hat yn Louisiana (sjoch: Live and Let Die). Underwilens wurdt Hai Fat deasketten troch Scaramanga, dy't dêrnei syn sakeryk en plannen foar de ferkeap oan 'e heechste bieder fan 'e Solex Agitator oernimt.
Nachts yn syn hotelkeamer, as Bond krekt op bêd sil mei Mary Goodnight, wurdt er ûnderbrutsen troch Andrea Anders. Sy fertelt dat sy dejinge is dy't de goudene kûgel nei Londen stjoerd hat. Se wol fan Scaramanga ôf, mar is derfan oertsjûge dat er har deameitsje sil as se it gewoan mei him útmakket. Dêrom hat se Bond yn 'e saak behelle, mei't hy de iennichste man is dy't tsjin Scaramanga opwoeksen is. Bond giet mei har op bêd wylst Mary Goodnight yn 'e kleankast ferburgen sit, en praat mei har ôf dat er mei Scaramanga ôfweve sil as sy him de Solex Agitator taspilet.
De oare deis, by in muay thai-bokswedstryd dêr't Anders it apparaatsje oan him oerdrage sil, nimt Bond njonken har plak. As hja net op syn fragen reägearret, mar inkeld stilwei foarút stoarret, ûntdekt er dat se deasketten is mei in kûgel troch it hert. Scaramanga giet njonken him sitten en stelt himsels oan Bond foar. Hoewol't Bond fan efteren ûnder skot holden wurdt troch Nick Nack, wit er de Solex Agitator, dy't op 'e flier fallen is, oan Hip ta te spyljen sûnder dat syn beide fijannen it merke. Hip jout it ding troch oan Goodnight. Mar as sy letter Nick Nack rinnen sjocht, folget se him nei Scaramanga syn auto, in AMC Matador. Wylst se dêr in stjoerderke yn 'e kofferbak besiket oan te bringen, sadat se de auto folgje kinne, wurdt se troch Scaramanga trappearre en sels yn 'e kofferbak smiten, mei Solex Agitator en al.
Fia in portofoan stelt Goodnight Bond op 'e hichte fan har swierrichheden, wêrnei't dy in reade AMC Hornet út 'e showroom fan in garaazje stelt, mei in potinsjele klant der noch yn: op 'e nij sheriff J.W.Pepper. Mei de entûsjaste oanfitering fan Pepper set Bond de efterfolging yn. Nei in lange en wylde rit komt dêr in ein oan as Scaramanga syn auto omfoarmet ta in fleantúch en fuortfljocht. Troch it stjoerderke fan Goodnight kin Q lykwols de geheime basis fan Scaramanga opspoare, in eilantsje foar de kust fan 'e Folksrepublyk Sina. Bond fljocht dêr yn in wetterfleantúch hinne, mar Scaramanga blykt him al ferwachte te hawwen. Hy nimt Bond mei foar in rûnlieding troch syn sinne-enerzjysintrale, wêrfan't er de technology foar safolle mooglik jild ferkeapje wol. By wize fan demonstraasje brûkt er in kanon mei in troch sinne-enerzjy opwekke laserstriel om Bond syn fleanmasine te ferneatigjen.
Nei't se dinearre hawwe mei Mary Goodnight, dy't troch Scaramanga op it eilantsje fêstholden wurdt, daget Scaramanga Bond út ta in formeel duël mei pistoalen op it strân. De mannen geane mei de rêch nei inoar ta stean en dogge op Nick Nack syn sizzen elts tweintich passen útinoar, mar as Bond him dan wer omdraait, is Scaramanga poater. Bond giet nei de hiermoardner op jacht yn syn eigen wente en bedarret yn 'e kelder yn in mei gniisspegels en oar merkegereid tarist diel fan it hûs. Nei dêr lang omdoarme te hawwen, ferslacht en deadet er Scaramanga úteinlik troch it plak yn te nimmen fan in etalaazjepop dy't tarist is mei in likenis fan Bond syn eigen gesicht.
Underwilens hat Kra, it haad befeiliging fan Scaramanga, ûnfoege bedoelings mei Mary Goodnight, mar hja slacht him del en smyt him yn ien fan 'e fetten floeibere helium fan 'e sinne-enerzjysintrale. Troch syn lichemswaarmte giet de temperatuer yn it kuolsysteem fan it fabryk sadanich omheech, dat der in keatlingreäksje ûntstiet dy't ûntsjinkearber liede sil ta de totale ferneatiging fan 'e hiele ynstallaasje. Bond wit noch krekt op 'e tiid de Solex Agitator te pakken te krijen en mei Goodnight it gebou te ûntflechtsjen foar't it by in ûntploffing de loft yn giet. Se ûntkomme fan it eilân mei Scaramanga syn motorisearre jonk, mar as se oan board mei-inoar op bêd sille, wurde se oanfallen troch Nick Nack, dy't as ferstekling mei fart. Bond wit de dwerch te oermasterjen en hyst him finzen yn in koer heech yn 'e mêst. Hy nimt Goodnight wer mei op bêd, mar diskear wurde se ûnderbrutsen troch in tillefoantsje fan M. Dy wol Goodnight te wurd, en Bond seit dat er har roppe sil. As it te lang duorret begjint M sels te roppen fan "Goodnight! Goodnight!" Bond pakt de tillefoan wer op en winsket M ek goedenacht ("Goodnight, sir.") foar't er de hoarn op 'e heak smyt.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise MI6-agint James Bond Roger Moore Francisco Scaramanga Christopher Lee Mary Goodnight Britt Ekland
byrollen personaazje akteur/aktrise Nick Nack Hervé Villechaize ynspekteur Hip Soon-Taik Oh Andrea Anders Maud Adams sheriff J.W. Pepper Clifton James Hai Fat Richard Loo M, haad fan MI6 Bernard Lee Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn juffer Moneypenny Lois Maxwell Lazar Marne Maitland búkdûnseresse Saïda Carmen du Sautoy Rodney Marc Lawrence Colthorpe James Cossins Chula Chan Yiu Lam Kra Sonny Caldinez
Produksje en distribúsje Oanrin It wie oarspronklik de bedoeling dat The Man with the Golden Gun as sechsde diel fan 'e James Bond-filmsearje makke wurde soe, wêrfoar't de opnamen yn 1968 plakfûnen. Der wiene al ôfspraken mei Roger Moore makke oer syn spyljen fan 'e haadrol. As setting foar in grut part fan 'e film wie lykwols Kambodja útkeazen, en dêr koe doe net filme wurde omreden fan 'e Samlaut-opstân. Sadwaande waard yn 1968 ynstee On Her Majesty's Secret Service opnommen, mei George Lazenby yn 'e rol fan James Bond.