Carcass is in Ingelske metalband dy't yn 1985 oprjochte waard.
Skiednis Carcass brocht yn 1988 syn debút-album "Reek Of Putrefaction" út. It album befette 22 nûmers mei in trochsneed lingte fan ûngefear oardel minut it nûmer. It album bliek trendsettend yn it grindcore sjenre te wêzen. Yn 1989 kaam it twadde album út. De nûmers op dat album "Symphonies Of Sickness" duorren 4:50 minuten, al in stik langer dan op harren debútalbum, en wie wat de muzyk oanbelanget al net mear folslein grindcore, mar gie al mear de kant út fan deathmetal. Op it tredde album "Necroticism - Descanting the Insalubrious" wie de grindcore styl hielendal út harren muzyk ferdwûn. Yn 1995 stopte de band der mei, mar yn 1996 kaam nettsjinsteande dat se net mear bestiene dochs noch harren fyfde album "Swansong"út dat se nog foar it opheffen fan de band opnaam hiene. It album wie troch gedoch tusken de bandleden en it label net earder útkaam. Yn 2007 begûnen de eardere bandleden wer meiïnoar te spyljen foar in reüny. Dat late ta it fannijs opstarten fan de band.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Reek of Putrefaction7 july 1988EaracheSymphonies of Sickness4 desimber 1989Necroticism – Descanting the Insalubrious30 oktober 1991Heartwork18 oktober 1993HeartworkSwansong10 juny 1996Go to HellSurgical Steel13 septimber 2013Nuclear BlastCaptive Bolt PistolTorn Arteries17 septimber 2021Under the Scalpel Blade,Kelly's Meat Emporium,Dance of Ixtab (Psychopomp & Circumstance March No.1 in B)The Scythe's Remorseless Swing
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opWake Up and Smell the... Carcass12 novimber 1996Choice Cuts24 maaie 2004
Kategory:Ingelske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1985 Kategory:Band opheft yn 1995 Kategory:Band oprjochte yn 2007