Casino Royale is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeparody út 1967 oer geheim agint James Bond, dêr't in stikmannich ûnderskate regisseurs oan meiwurken. De haadrollen waarden fertolke troch David Niven, Ursula Andress en Peter Sellers, mei Joanna Pettet, Daliah Lavi, Woody Allen, Barbara Bouchet, Deborah Kerr en Orson Welles yn 'e wichtichste byrollen. De film wie hiel loskes basearre op 'e roman mei deselde namme fan Ian Fleming, út 1953. De titel ferwiist nei de namme fan it kasino dêr't de wichtichste sênes spylje.

It ferhaal folget in James Bond op jierren dy't twongen wurdt om werom te kommen út syn pinsjonearring sadat er ûndersyk dwaan kin nei de moarden op en ferdwinings fan in rige ynternasjonale spionnen. Dêrby moat er it opnimme tsjin 'e mysterieuze smjunt dr. Noah en de organisaasje SMERSH. It biedwurd fan 'e film, dat op 'e filmposter fermeld waard, wie "Casino Royale is tefolle foar ien James Bond!" Dat ferwiist nei Bond syn mûklist om ta betizing fan syn fijannen seis oare geheim aginten yn te setten dy't allegear úthâlde de echte James Bond te wêzen: bakkaratmaster Evelyn Tremble, spionne en miljonêr Vesper Lynd, Bond syn sekretaresse Miss Moneypenny (de dochter fan 'e oarspronklike Miss Moneypenny, de sekretaresse fan syn baas M), Bond syn eigen dochter mei Mata Hari Mata Bond, de karate-ekspêr Coop en de eksoatyske Finzenhâldster.

Casino Royale makket gjin ûnderdiel út fan 'e 'offisjele' James Bond-kanon fan Eon Productions, mar waard ynstee produsearre troch filmstudio Columbia Pictures. Filmprodusint Charles K. Feldman wie fan miening dat er net konkurrearje koe mei de films fan Eon, en besleat fan syn film dêrom in parody te meitsjen. Fan 'e filmkritisy krige Casino Royale oer it algemien negative resinsjes, mar hoewol't it budget eskalearre doe't almar mear regisseurs by it projekt belutsen rekken, wie de film in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot Sir James Bond is in legindarysk spion dy't al tweintich jier lyn mei pinsjoen gien is by de Britske ynljochtingetsjinst MI6. As der geheim aginten fan ferskate nasjonaliteiten fermoarde wurde of ferdwine, wurdt de kriminele organisaasje SMERSH en syn mysterieuze lieder, dr. Noah, dy't út is op 'e oerhearsking fan 'e hiele wrâld, dêr ferantwurdlik foar holden. Yn syn lânhûs wurdt Bond opsocht troch M, it haad fan MI6, dy't beselskippe wurdt troch Ransome, in fertsjintwurdiger fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, Legrand, in fertsjintwurdiger fan it Frânske Deuxième Bureau, en Smirnov, in fertsjintwurdiger fan 'e KGB, de ynljochtingetsjinst fan 'e Sovjet-Uny. Mei syn fjouweren steane dy der by him op oan om wer oan it wurk te gean om ôf te weven mei SMERSH.

Dêr fielt Bond lykwols neat foar. Hy is opstapt nei't er syn troch it lot bedoarne wiere leafde fûn hie yn Mata Hari, en hat sûnt mei ferachting tasjoen hoe't syn mei gimmicks oerladen opfolgers syn identiteit oernommen en syn goede namme te grabbel goaid hawwe. Dat, hy stegeret it fersyk fan syn gasten ôf. As dúdlik wurdt dat se him net op oare gedachten bringe kinne, lit M in mortieroanfal op it lânhûs útfiere, dat dêrby ferwoastge wurdt. Sa hopet er Bond yn beweging te krijen. Sels komt M lykwols by dy oanfal om.

Neitiid reizget Bond ôf nei Skotlân om it stoflik omskot fan M, dy't eins lord McTarry hiet, werom te bringen by syn roujende widdo, lady Fiona McTarry. Wat er net wit, is dat de echte lady McTarry en har hiele húshâlding ûnderwilens ferfongen binne troch aginten fan SMERSH. It snoade plan fan SMERSH is om Bond syn reputaasje fan in selibatêre hear fan stân om sjippe te helpen troch in swaarm tsjeppe agintes op him ôf te stjoeren dy't trochgean moatte foar de fiif dochters fan McTarry. Bond lit him lykwols net sa maklik ferliede, en aginte Mimi, dy't trochgiet foar lady McTarry, rekket sa fereale op him dat se oerrint en him helpt om it komplot tsjin him te oerwinnen. As er har de hurde wierheid fertelt dat har leafde ûnbeäntwurde is, lit se har bestean fan spionaazje en misdie efter har om yn it kleaster te gean en non te wurden.

Nei't er ûnderweis werom nei Londen in moardoanslach fan SMERSH ûntrûn is, wurdt Bond by oankomst befoardere ta de nije M, as haad fan MI6. Yn syn nije funkje komt er oan 'e weet dat it meastepart fan 'e Britske spionnen ûnderwilens eliminearre is troch SMERSH, mei't se allegear yn 'e fâle rûn binne troch harren ûnfermogen om seks te wjerstean. Der wurdt him ek ferteld dat de "seksmaniak" oan wa't de namme 'James Bond' oerdroegen waard nei't hy mei pinsjoen gien wie, de geheime tsjinst ferlitten hat om in karriêre as akteur te begjinnen. Dêrop stelt Bond in dreech oefeningsprogramma yn om manlike geheim aginten te trainen yn it wjerstean fan 'e ferliedings fan tsjeppe froulju. Hy beslút ek dat der mear as ien geheim agint James Bond mei de koadenamme 007 komme moat om SMERSH yn betizing te bringen. Dêrta rekrutearret er: de fan him ferfrjemde Mata Bond, syn eigen tsjeppe dochter mei Mata Hari; syn sekretaresse Miss Moneypenny, de tsjeppe dochter fan 'e oarspronklike Miss Moneypenny; Coop, in karate-ekspêr dy't as earste it anty-ferliedingstrainingsprogramma trochrûn hat; in eksoatyske geheim aginte dy't 'de Finzenhâldster' neamd wurdt; Vesper Lynd, wrâlds rykste en ferliedlikste geheim aginte; en Evelyn Tremble, in bakkaratmaster dy't in net te ferslaan spylsysteem ûntwurpen hat. Bond wol Tremble ynsette om 'e SMERSH-agint Le Chiffre te ferslaan by in gokspul yn it Casino Royale. Le Chiffre hat nammentlik jild efteroer drukt fan SMERSH en besiket dat op wanhopige wize oan te suverjen foar't syn dieverij útkomt en hy op befel fan dr. Noah eksekutearre wurdt.

Nei oanlieding fan in oanwizing dy't er fan aginte Mimi krigen hie, stjoert Bond syn dochter Mata nei West-Berlyn, dêr't hja ynfiltrearret yn 'e Ynternasjonale Memmehelp, in au pairtsjinst dy't in fasade is foar in trainingssintrum fan SMERSH. Dêr ûntdekt se in plan om kompromittearjende foto's fan lieders út 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, de Sovjet-Uny en de Folksrepublyk Sina by opbod te ferkeapjen op in 'keunstfeiling'. Dat is in alternatyf plan wêrmei't Le Chiffre oan jild hopet te kommen. Mata ferneatiget lykwols de foto's, sadat him neat oars rest as it bakkaratspul.

Tremble arrivearret ûnderwilens yn it Casino Royale ûnder begelieding fan Lynd, dy't it besykjen fan 'e SMERSH-aginte Miss Goodthighs om him te ferlieden mislearje lit. Letter dy jûns beächtet Tremble Le Chiffre yn it kasino. Hy komt ta it besef dat Le Chiffre in ynfrareadsinnebril brûkt om falsk te spyljen. Lynd stelt dêrnei de sinnebril, sadat Tremble Le Chiffre ferslaan kin by in spultsje bakkarat. Neitiid wurdt Lynd lykwols bûten it kasino ûntfierd troch Le Chiffre en syn trewanten, en Tremble treft itselde lot as er der efteroan giet om har te befrijen. Le Chiffre, dy't bûge of barste it prizejild besette moat, martelet Tremble mei hallusinogene drugs om út te finen wêr't er de sjek mei it jild brocht hat. Ear't er Tremble oan it praten krije kin, kringe aginten fan SMERSH de basis fan Le Chiffre binnen en deadzje him as straf foar syn stellerij. Lynd rêdt Tremble, mar fermoardet him dêrnei ûnferwachts.

Yn Londen wurdt Mata Bond ûntfierd troch SMERSH yn in fleanende skûtel. Dêrop reizgje Bond en Moneypenny ôf nei it Casino Royale om har te rêden. Hja ûntdekke dat it kasino boppe-op it ûndergrûnske haadkertier fan dr. Noah stiet, en dat dr. Noah nimmen oars is as Jimmy Bond, de omkesizzer fan James Bond dy't by MI6 wei gien en nei SMERSH oerrûn is út bernige opstannigens tsjin syn perfekte omke. Jimmy bringt oan Bond syn snoade plan út om troch biologyske oarlochfiering alle froulju op 'e wrâld byldmoai te meitsjen en alle mannen dy't langer binne as 1.40 m te deadzjen. Dêrtroch soed er sels oerbliuwe as de 'grutte man' , dy't alle moaie froulju kriget. Hy hat de Finzenhâldster al finzen nommen en besiket har oer te heljen om syn partner te wurden. Sy stimt dêryn ta, mar dat blykt in list te wêzen om him safier te krijen dat er ien fan syn eigen 'atoomtiidpillen' ynnimt, wat him yn minsklike atoombom feroaret.

It slagget Bond, Moneypenny, Mata en Coop om út harren sellen te ûntsnappen en har fjochtsjendewei in paad te klearjen nei it kantoar fan 'e kasinodirekteur. Dêr fynt Bond bewiis dat Lynd in dûbelaginte is dy't eins foar SMERSH wurket. It kasino wurdt bestoarme troch Britske geheim aginten en der ûntjout him in sjitpartij. Bond ropt syn bûnsgenoaten op om helptroepen te stjoeren en dy arrivearje yn 'e foarm fan 'e Amerikaanske kavalery, in stamme Yndianen, it Frânske Frjemdlingelegioen, parasjutisten fan 'e Feriene Naasjes en de Keystone Cops, wat inkeld ta mear gaos liedt. Underwilens hat Jimmy de hik krigen en eltse hik bringt him tichter by it ôfgean fan 'e atoomtiidpil. Lang om let giet de pil ôf, wêrby't it kasino de loft yn giet en alle oanwêzigen omkomme. Bond en al syn aginten ferskine neitiid oan 'e Himelpoarte, wylst Jimmy omleech giet nei de hel.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise MI6-agint James Bond David Niven Vesper Lynd / James Bond Ursula Andress Evelyn Tremble / James Bond Peter Sellers

byrollen personaazje akteur/aktrise Mata Bond / James Bond Joanna Pettet de Finzenhâldster / James Bond Daliah Lavi Jimmy Bond / dr. Noah Woody Allen Miss Moneypenny / James Bond Barbara Bouchet aginte Mimi / lady Fiona McTarry Deborah Kerr Le Chiffre Orson Welles Coop / James Bond Terence Cooper CIA-agint Ransome William Holden Deuxième Bureau-agint Legrand Charles Boyer M, haad fan MI6 / lord McTarry John Huston KGB-agint Smernov Kurt Kasznar opnommen stim fan Jimmy Bond Valentine Dyall Miss Goodthighs Jacqueline Bisset Carlton Towers Bernard Cribbins Polo Ronnie Corbett Frau Hoffner Anna Quayle Q, kertiermaster fan MI6 Geoffrey Bayldon assistint fan Q John Wells Eliza Gabriella Licudi Buttercup Angela Scoular Heather Tracey Crisp Peg Elaine Taylor Meg Alexandra Bastedo Hadley Derek Nimmo himsels George Raft (cameo) Frânsk lezjionêr Jean-Paul Belmondo (cameo) kasinodirekteur Colin Gordon MI5-agint / portier John Bluthal kassier Graham Stark ynspekteur Mathis Duncan Macrae Britsk legerofsier Richard Wattis fertsjintwurdiger fan Le Chiffre Vladek Sheybal doedelsekspiler #1 Percy Herbert doedelsekspiler #2 Peter O'Toole Fang-liedster Tracy Reed Chic Chic Murray meunster fan Frankenstein David Prowse John Jonathan Routh wachtkommandant Jeanne Roland

Produksje en distribúsje Foarskiednis Yn maart 1955 ferkocht de Britske skriuwer Ian Fleming de filmrjochten op Casino Royale (1953), de earste roman út syn James Bond-romansearje, oan filmprodusint Gregory Ratoff foar $6.000 (oanpast foar ynflaasje bedroech dat yn 2019 $57.265). Dat wie nei't Fleming earder deselde roman ferkocht hie oan CBS om der in tillefyzjefilm op te basearjen. (It resultaat dêrfan wie Casino Royale út 1954.) Ratoff frege Lorenzo Semple jr. om it boek om te wurkjen ta in ferfilmber senario, mar beiden fûnen se Bond mar in stom personaazje en folslein ûnoannimlik. Neffens Semple soe Ratoff inkeld ljocht yn it projekt sjoen hawwe troch fan Bond in frou te meitsjen. Hy soe aktrise Susan Hayward op it each hân hawwe om 'Jane' Bond te spyljen. Ratoff trof tariedings foar de ferfilming, mar it slagge him net om 'e finansiering rûn te krijen. Doe't er yn desimber 1960 ferstoar, kaam it projekt stil te lizzen.