Diamonds Are Forever is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1971 ûnder rezjy fan Guy Hamilton, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Jill St. John as Bond girl Tiffany Case. De titel betsjut "Diamanten Binne foar Ivich". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1956 fan Ian Fleming. It ferhaal folget Bond as er einlings ôfweefd hat mei syn aartsfijân Ernst Stavro Blofeld, wêrnei't er op in nije saak set wurdt. Hy moat sjen út te finen wa't der efter it smokkeljen fan diamanten fan Súd-Afrika nei de Feriene Steaten sit. Yn Las Vegas komt er nei witwat aventoeren ta in skokkende ûntdekking.
Diamonds Are Forever wie it sânde diel út James Bond-filmsearje en folge as sadanich op On Her Majesty's Secret Service. Nei't er yn 'e foarrige film ferstek gean litten hie, kearde Sean Connery diskear werom yn 'e rol fan Bond. It wie lykwols de lêste kear dat er foar in film fan Eon Productions yn 'e hûd fan 'e geheim agint kroep. Fan 'e filmkritisy krige Diamonds Are Forever oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses, mar letter kaam der krityk op 'e humoristysk oerdreaune toan. In folgjend diel yn 'e filmsearje, Live and Let Die, kaam út yn 1973.
Plot Nei de foarfallen dêr't de foargeande film mei einige, efterfolget James Bond, de geheim agint fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, syn aartsfijân Ernst Stavro Blofeld oan wrâldseinen ta. Nei de hurdhannige ûnderfreging fan ferskate leden fan 'e terroristyske organisaasje SPECTRE, dêr't Blofeld de lieder fan is, spoart Bond dyselde op yn Egypte, yn in klinyk dêr't troch middel fan plastyske sjirurzjy dûbelgongers fan Blofeld kreëarre wurde. Bond deadet in gadingmakker foar de sjirurzjy en ferdrinkt de wiere Blofeld dêrnei yn in poel mei superferhjitte drek.
Werom op it haadkertier fan MI6 yn Londen is M, de sjef fan 'e ynljochtingetsjinst, net bot oer it hâlden en dragen fan Bond te sprekken, mei't er tsjin in direkt befel yn gien is om Blofeld gewurde te litten (sjoch: On Her Majesty's Secret Service). Nettsjinsteande dat kriget Bond in nije saak tawiisd. Der wurde diamanten stellen út minen yn Súd-Afrika, mar der wurdt net besocht om dy op 'e ynternasjonale merk te ferkeapjen. M fermoedet dêrom dat de diamanten opgarre wurde om se letter yn ien kear op 'e merk te dumpen, sadat de priis fan diamanten ûnderút gean sil. Bond moat it smokkeljen fan 'e diamanten folgje om sa út te finen wa't derefter sit.
Underwilens wiskje in pear lakonike hiermoardners, dy't harsels Mr. Wint en Mr. Kidd neame, systematysk it spoar fan 'e diamantsmokkel út troch eltsenien dy't dêrby belutsen is, om hals te bringen. MI6 hat lykwols in smokkelder op it each dy't de diamanten noch ûntfange moat, in Peter Franks. Bond ynfiltrearret yn 'e smokkelkeatling troch de identiteit fan 'e oppakte Franks oan te nimmen en him ûnder dy momkape yn Amsterdam te melden by de tsjeppe readhierrige smokkelster Tiffany Case. As de wiere Franks ûntsnapt en ek yn Amsterdam opdaagjen komt, ûnderskept en deadet Bond him, om dêrnei syn eigen identiteitsbewiis by Franks yn 'e bûse te triuwen. Tiffany mient sadwaande dat er James Bond fermoarde hat.
Neitiid sette Bond en Tiffany mei it fleantúch ôf nei Los Angeles, wêrby't Bond him foardocht as in djipdrôve dy't it stoflik omskot fan syn ferstoarne broer nei hûs ta bringt. De diamanten binne ferstoppe yn it lyk. By oankomst yn Kalifornje hat Bond temûk in moeting mei syn freon, CIA-agint Felix Leiter, dy't himsels foardocht as in dûanier. Mei de deakiste yn in lykwein reizget Bond neitiid troch nei Las Vegas, dêr't er de diamanten besoargje moat by it krematoarium fan Morton Slumber. It lyk fan Franks wurdt dêr kremearre, en de diamanten wurde trochjûn oan in oare smokkelder, de komyk Shady Tree.
Nei't dat syn beslach krigen hat, besykje Mr. Wint en Mr. Kidd Bond út 'e wei te romjen troch him bewusteleas te slaan en yn in deakiste te lizzen, dy't dan de kremaasje-ûne yn skood wurdt. As Bond yn 'e ôfsletten kiste wekker wurdt wylst de ûne al op folle krêft brânt, sjocht it der eefkes min foar him út, mar hy wurdt rêden trochdat Tree ûnderwilens ûntdutsen hat dat de smokkelwaar gjin echte diamanten befettet en weromkomt om by Bond ferhaal te heljen. Bond antwurdet dat Tree-en-dy de echte diamanten krije sadree't hy de echte $50.000 kriget dy't him foar it smokkeljen ûnthjitten wie, mei't er harren kefert noch altyd yn 'e bûse hat en sy grif gjin echte $50.000 ferbaarnd hiene.
Nei't Bond kontakt opnommen hat mei Leiter om 'e echte diamanten oanfiere te litten, nimt er yn yntrek yn in hotelkeamer yn The Whyte House, in hotel anneks kasino dat eigendom is fan miljardêr Willard Whyte. Neffens de geroften libbet dyselde as in klúzner yn it penthouse en is er al yn gjin fiif jier troch immen sjoen. Bond siket fan alle hotel-kasino's yn Las Vegas The Whyte House út, om't Shady Tree dêr optredens as komyk fersoarget. As er de man lykwols yn syn klaaikeamer opsykje en ûnderfreegje wol, ûntdekt er dat Mr. Wint en Mr. Kidd him foar west en Tree ombrocht hawwe, mei't sy der noch net fan op 'e hichte wiene dat er de wiere diamanten noch net fan Bond ûntfongen hie.
Wylst er him beriedt oer hoe no fierder, besiket Bond it kasino, dêr't er oan 'e dobbeltafel de opportunistyske rûnboarstige dame Plenty O'Toole moetet. Hy nimt har mei nei syn hotelkeamer om mei har op bêd, mar leden fan 'e smokkelbinde, deselden dy't him yn 'e lykwein út Los Angeles nei Las Vegas riden hawwe, wachtsje harren dêre op. Se smite Plenty út it finster, wêrnei't se yn in swimbad falt (hoewol't dat poer gelok is mei't de mannen net wisten dat it swimbad dêr wie). As Bond wat nidich wurdt, spylje de bindeleden gau fan ruten, mar yn syn bêd treft er Tiffany Case oan, mei wa't er de nacht trochbringt. Hy bepraat har om tegearre mei de diamanten út te naaien (sûnder dat er ferwachtet dat se har oan dy ôfspraak hâlde sil), en draacht har dêrta op om 'e diamanten ôf te heljen út it Circus Circus-kasino.
Hoewol't it dêr optilt fan 'e CIA-aginten, wit de selsrêdsume Tiffany likegoed mei de diamanten te ferdwinen. Sa't Bond al ferwachte hie, moetet se him net op it ôfsprutsen plak om der tegearre tuskenút te knipen, mar jout se de diamanten troch oan 'e folgjende smokkelder. Bond wachtet har by har thús op, dêr't er it stoflik omskot fan Plenty O'Toole oantreft. Hja is trocn Mr. Wint en Mr. Kidd yn it swimbad ferdronken om't se har foar Tiffany oanseagen. As Bond oan Tiffany fertelt dat alle smokkelders fan Súd-Afrika oant Las Vegas fermoarde binne en dat har libben noch altyd faai stiet, feroaret Tiffany fan gedachten oer har trou oan 'e binde. Se riidt Bond nei de lofthaven, dêr't se de diamanten efterlitten hat yn in klúske. Dy wurde ôfhelle troch Bert Saxby, de bedriuwslieder fan The Whyte House. Bond en Tiffany folgje him (yn 'e meast opfallende folchauto út 'e filmskiednis: in knalreade Ford Mustang Mach 1) nei in ôfhandige ûndersyksfasiliteit yn 'e woastyn fan Nevada.
Bond ynfiltrearret wat nei't it skynt de einbestimming fan 'e smokkele diamanten is en fynt út dat de fasiliteit in laboratoarium is dêr't in dr. Metz, in ekspêr op it mêd fan laserrefraksje, yn opdracht fan Willard Whyte in satellyt oan it bouwen is. As Bond ûntdutsen wurdt, ûntsnapt er yn in moanneweintsje en nei in spektakulêre efterfolging troch de woastyn jout er him wer by Tiffany om yn 'e auto te út te piken. Werom yn Las Vegas folget in nije efterfolging as Bond en Tiffany de plysje efter harren oan krije, dy't korrupt is en omkocht is troch Whyte. Nei't se fannijs ûntkommen binne, bejouwe Bond en Tiffany har nei syn hotelkeamer yn The Whyte House.
Dêr beklimt Bond de bûtenkant fan 'e wolkekliuwer om it penthouse te berikken, sadat er ris in hertich wurdsje mei Whyte wikselje kin. As er dêr lykwols oankomt, ûntdekt er dat Whyte al tiden lyn ferfongen is troch syn aartsfijân Blofeld, dy't dochs noch altyd libbet: de Blofeld dy't er yn Egypte deade hat, blykt in dûbelgonger west te hawwen. Bond moetet yn it penthouse twa identike Blofelds en kriget mar de kâns om ien fan beiden te deadzjen. Dejinge dy't er ombringt, blykt lykwols wer in dûbelgonger te wêzen. De echte Blofeld twingt Bond om yn 'e lift te stappen, wêrnei't er dy fol bedwelmjend gas pompt sadat Bond bewusteleas rekket. Mr. Wint en Mr. Kidd krije de opdracht om diskear foargoed mei him ôf te weven, mar ynstee dat se him gewoan deasjitte, dêr't se alle kâns ta hawwe, nimme de beide psychopaten him mei nei de Las Vegasdelling, dêr't se him yn ein piip lizze en efterlitte om te stjerren.
De oare moarns betiid wurdt it stik piip troch wurklju dy't nearne euvelmoed yn hawwe, yn 'e grûn pleatst as diel fan in nije piiplieding. As Bond letter wekker wurdt, sit er finzen yn 'e piiplieding. Troch in masine ûnklear te meitsjen dy't bedoeld is om mei rotten ôf te weven, lûkt er de oandacht fan 'e betsjinners, dy't in klep yn 'e piiplieding iepenje sadat er ûntsnappe kin. Blofeld hat by syn moeting mei Bond pronke mei in apparaat dat him it stimlûd fan Willard Whyte jout, sadat er him oan 'e tillefoan as Whyte foardwaan kin. Bond fertelt dêroer oan Q, de fernimstige kertiermaster fan MI6, dy't binnen de koartste kearen in ferlykber apparaat yninoar flânzet. As Bond Blofeld opskillet, kin er him dêrmei leauwe litte dat er syn trewant Bert Saxby is, en yn it petear jout Blofeld ûngemurken de lokaasje priis dêr't de echte Whyte finzen holden wurdt, te witten: Whyte syn eigen bûtenhûs.
Bond bejout him dêrhinne, dêr't er earst Whyte syn beide sipiers ferslaan moat: twa kreaze froulju dy't harsels Bambi en Thumper neame. Nei't er Whyte befrijd hat, besiket Saxby him fan in ôfstân dea te sjitten, mar ynstee komt er sels om by in fjoergefjocht mei de CIA. Underwilens lokket Blofeld yn Las Vegas Tiffany Case út Bond syn hotel wei en ûntfiert har. Bond en Leiter nimme Whyte mei nei it laboratoarium fan Metz, dêr't se ûntdekke dat Blofeld de smokkele diamanten brûkt hat om in laserwapen te meitsjen, dat oan in satellyt befêstige is. De NASA, dy't de foaroansteande sakeman Whyte graach te wille wêze woe, hat de satellyt al yn in baan om 'e Ierde brocht. Blofeld brûkt de satellyt om nukleêre wapens yn 'e Feriene Steaten, de Sovjet-Uny en de Folksrepublyk Sina te ferneatigjen, wêrnei't er de regearings yn Washington, D.C., Moskou en Peking witte lit dat er in 'feiling' hâlde sil, wêrby't de wrâldwide nukleêre supremasy by opbod ferkocht wurde sil. Fan 'e beide supermachten dy't te min jild biede, sil Blofeld alle kearnwapens ferneatigje, sadat harren fijân militêr de oerhân kriget.
As se besykje út te finen wêr't Blofeld him ferskûlet, identifisearret Whyte in oaljeplatfoarm foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân dat sabeare ûnderdiel fan syn bedriuw is, mar dêr't er noch nea fan heard hat. Bond, dy't der wis fan is dat it Blofeld syn geheime haadkertier wêze moat, parasjutearret dêr del en lit him finzen nimme troch Blofeld syn trewanten. Hy moetet dêr Tiffany wer, dy't Blofeld ûnderwilens fan har trou oan him oertsjûge hat. Blofeld jout opdracht om 'e laser tsjin 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. te brûken om't it regear dêr noch hieltyd net op syn easken yngien is. Earder hie Bond ûntdutsen dat de tape mei de kontrôlekoades fan 'e lasersatellyt de foarm fan in gewoan kassettebantsje hie, en no hat er in echt kassettebantsje by him om it om te wikseljen. Dat wurdt him daliks ôfpakt, mar Tiffany spilet it him letter wer ta. Op snoade wize wit Bond de beide kassettebantsjes om te ruiljen, wêrnei't er it bantsje mei de kontrôlekoades oan Tiffany trochjout om it ôf te fieren. Sy tinkt lykwols dat de boel noch omwiksele wurde moat en ruilet de it nepbantsje wer om foar it echte.