Venom is in Ingelske blackmetalband oprjochte yn 1979 yn Newcastle upon Tyne. De band brocht yn 1981 syn debútalbum Welcome to Hell út. Yn 1992 hold de band dermei op mar kaam yn 1995 wer by inoar foar in reüny, se makken yn 2005 in echte trochstart. De teksten fan de band gean benammen oer de dea, de dúvel de hel, bloed en froulju. Venom hat fyftjin studio-albums en seis live-albums útbrocht.
Reüny op Wâldrock Yn 1995 kamen Lant, Dunn en Bray de "klassike" line-up wer byinoar, te begjinnen mei in optreden as de headliner fan Wâldrock op 24 juny 1995. It album, “Cast in Stone”, waard yn 1997 útbrocht. Yn 1999 ûntstie der opnij skeel mei in soad besettingswikselingen as gefolch.
Venom Inc. Yn april 2015, op it "Keep It True Festival" yn Dútslân, fregen de organisatoaren fan it festival oan Mantas en Demolition Man oft se de nûmers fan Venom, mei Abaddon spylje woene. Mantas hie sûnt 1998 net mear mei Abaddon praat. Dus nei even neitinken spilen de twa eardere Venom-leden mei Abaddon sûnder dat se foar de show repetearre hiene. Op dit punt brochten de trije de Venom-line-up fan 1985 -1992 tegearre ûnder de namme Venom Inc. omwille fan de fans. Yn 2017 ûndertekene de band in kontrakt by Nuclear Blast ûnder de namme Venom Inc. en brochten se it album, "Avé", út.
Nei ferskate wrâldwide toernees spile te hawwen, frege Abaddon begjin maart oan it ein fan de Australyske toernee in skoft fan de bân fanwegen de berte fan syn dochter, en dermei stimde hy yn dat er tydlik ferfongen wurde soe troch Jeramie Kling foar in perioade fan ien of twa moannen om de Jeropeeske toer ôf te meitsjen. Lykwols, nei in pear persoanlike konflikten as gefolch fan syn gedrach slút Abbandon him net mear oan by Venom Inc. en Jeramie KIing wurdt sa in folweardich lid fan de band.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Welcome to Helldesimber 1981NeatIn League with Satan / Live like an AngelBlack Metal1 novimber 1982At War with Satan16 april 1984Possessed28 april 1985Calm Before the Storm7 novimber 1987FilmtraxFirePrime Evil 9 oktober 1989Under One FlagTemples of Ice31 maaie 1991The Waste Lands29 oktober 1992Cast in Stone11 novimber 1997SteamhammerResurrection25 april 2000Metal Black27 maart 2006SanctuaryAntechristHell9 juny 2008SpinefarmFallen Angels28 novimber 2011Hammerhead,From the Very Depths27 jannewaris 2015Storm the Gates14 desimber 2018Into Oblivion1 maaie 2026Noise Records
Live-albums Album Utbrocht op Label Official Bootleg1986 American PhonographEine kleine Nachtmusik desimber 1986NeatThe Second Coming4 maart 1997WarheadBitten4 oktober 2002NMC MusicWitching Hour14 july 2003DemolitionLive from the Hammersmith Odeon Theatre2017The Store for Music
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opFrom Hell to the Unknown...july 1985Welcome to Hell / Black Metal1986The Singles 80-86septimber 1986Japanese Assault21 desimber 1986Acid Queen1991In Memorium11 novimber 1991The Book of Armageddon15 septimber 1992Kissing the Beast1993Leave Me in HellSkeletons in the ClosetOld, New, Borrowed and Blue23 novimber 1993Black Reign1996From Heaven to the Unknown1997New Live & Rare30 juny 1998Buried Alive28 novimber 1999The Collection2000The Court of Death16 maaie 2000The Venom Archive2001Greatest Hits & More12 jannewaris 2001Darkest Hour2002Kissing the BeastLay Down Your Soul!11 oktober 2002In League with Satan2003Witching Hour -The Best of VenomThe Seven Gates of Hell -Singles 1980-198513 jannewaris 2003MMV26 septimber 2005In Nomine Satanas -The Neat Anthology (40 Years in Sodom)31 maaie 2019Sons of Satan:Rare and Unreleased29 maaie 2020
Kategory:Ingelske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1979 Kategory:Band opheft yn 1992 Kategory:Band oprjochte yn 1995 Kategory:Band opheft yn 2002 Kategory:Band oprjochte yn 2005