On Her Majesty's Secret Service is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1969 ûnder rezjy fan Peter R. Hunt, mei yn 'e haadrollen George Lazenby as geheim agint James Bond en Diana Rigg as Bond girl grevinne Teresa "Tracy" di Vicenzo. De titel betsjut "Yn Har Majesteits Geheime Tsjinst". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1963 fan Ian Fleming. Yn it ferhaal moat de Britske MI6-agint James Bond it opnimme tsjin 'e megalomane Ernst Stavro Blofeld, de lieder fan 'e ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE. Dyselde is fan doel om 'e hiele wrâld te sjantearjen troch alle lânbougewaaksen en fee ûnfruchtber te meitsjen. Geandewei syn ûndersyk moetet Bond de Korsikaanske grevinne Teresa di Vicenzo, op wa't er fereale rekket en mei wa't er úteinlik trout.
On Her Majesty's Secret Service wie it sechsde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op You Only Live Twice. De film markearre de earste kear dat de rol fan Bond net spile waard troch Sean Connery. Fan 'e filmkritisy krige On Her Majesty's Secret Service mingde resinsjes en hoewol't de film yn 'e bioskopen kommersjeel súkses behelle, wie de opbringst oanmerklik leger as by eardere Bond-films. Meitiid is de reputaasje fan 'e film lykwols sterk opbettere en tsjintwurdich wurdt On Her Majesty's Secret Service oer it algemien beskôge as ien fan 'e bettere Bond-films. Nettsjinsteande dat wurdt George Lazenby sjoen as ien fan 'e minste fertolkers fan it personaazje James Bond. On Her Majesty's Secret Service wie ek ien fan 'e trouste filmadaptaasjes fan 'e romans fan Fleming. In folgjend diel yn 'e filmsearje, Diamonds Are Forever, kaam út yn 1971.
Plot James Bond, dy't as geheim agint wurket foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6, reizget foar ûndersyk nei de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE ôf nei Portegal. Dêr rêdt er op it strân in jonge frou dy't besiket om selsmoard te dwaan troch harsels yn 'e see te ferdrinken. Bond wurdt koart dêrnei weromroppen nei Londen, dêr't M, it haad fan MI6, him oarderet om syn jacht op Ernst Stavro Blofeld, de lieder fan SPECTRE, op te jaan. Bond is it dêr net mei iens. De rûzje rint sa heech op dat Bond op 't lêst besiket om ûntslach te nimmen, mar dat wegeret M te akseptearjen.
Op eigen inisjatyf reizget Bond wer nei Portegal, dêr't er yn in kasino deselde jonge frou moetet dy't er earder rêden hat. Hja stelt har foar as grevinne Teresa di Vincenzo (ropnamme: Tracy). Nei't Bond har op 'e nij rêden hat troch in gokskuld foar har te beteljen dêr't se sels net oan foldwaan kin, jout se Bond by wize fan beleanning de kaai fan har hotelkeamer. As Bond dêr letter lykwols binnen giet, wurdt er oanfallen troch in ûnbekende negroïde man. Nei't er dyselde oermânsk wurden is, keart Bond sûnder fierder wat bedijd te hawwen werom nei syn eigen hotelkeamer. Dêr treft er Tracy oan, dy't úthâldt dat se neat ôfwit fan 'e oanfaller yn har keamer.
De oare moarns, nei't er de nacht mei Tracy trochbrocht hat, wurdt Bond oermastere en ûntfierd troch in pear keardels, ûnder wa de negroïde man dy't er de jûns tefoaren yn Tracy har hotelkeamer befochten hat. Hja bringe him by Marc-Ange Draco, in maffiabaas dy't oan it haad stiet fan it Korsikaanske misdiesyndikaat Unione Corse. It docht bliken dat dyselde de heit fan Tracy is, en de negroïde man, Che Che, har liifwacht. Draco fertelt Bond oer de skiednis fan psychyske swierrichheden fan syn dochter. Sûnt Bond har fan selsmoard rêde, is se fereale op him rekke. Om't Draco bang is dat se op 'e nij besykje sil harsels te koart te dwaan as Bond har ôfwiist, biedt er Bond £1 miljoen oan om mei har te trouwen. Dat wol Bond net, mar hy docht it tsjinfoarstel om troch te gean mei syn hofmakkerij fan Tracy as Draco him fertelle kin wêr't Ernst Stavro Blofeld him skûlhâldt.
Wylst Bond op it jierdeisfeest fan Draco úteinset mei in hertstochtlike românse mei Tracy, spilet Draco him ynformaasje ta dy't him trochwiist nei de abbekaat Gumbold yn 'e Switserske haadstêd Bern. Bond brekt yn by it abbekatekantoar en ûntdekt út 'e dokuminten dy't er dêr oantreft dat Blofeld in briefkerij ûnderhâldt mei geneälooch sir Hilary Bray fan it College of Arms yn Londen. Hy neamt himsels nammentlik no Balthazar de Bleuchamp en besiket formele erkenning te krijen foar syn oanspraken op 'e aadlike titel 'greve fan Bleuchamp'. Him foardwaand as Bray reizget Bond mei Blofeld syn assistinte Irma Bunt nei in swierbewekke klinyk ta op in berchtop yn 'e Switserske Alpen. Dêr docht 'Bleuchamp' sabeare baanbrekkend wittenskiplik ûndersyk nei allergyen.
Bond moetet yn 'e klinyk tolve jonge froulju út lannen en territoaria fan oer de hiele wrâld, dy't dêr pasjint binne en nei't it skynt genêzen binne fan slimme allergyen. Jûns let giet Bond nei de keamer fan ien fan harren, in Ingelse dy't Ruby Bartlett hjit, om har te ferlieden en sa mear ynformaasje los te krijen oer wat der echt geande is yn 'e klinyk. Hy slagget mei har op bêd en troch de nacht mei har troch te bringen, ûntdekt er dat de tolve froulju om midsnacht fan 'e sliep yn in hypnoatyske steat bedarje wylst Blofeld harren fia in lûdsprekkersysteem yn 'e harren keamers ynstruksjes yndruid oer wat se dwaan moatte as se weromkeare nei harren respektivelike heitelannen. It docht bliken dat de froulju Blofeld syn 'deadsingels' binne, dy't harsensspield wurde om 'e hiele wrâld te besmetten mei de bakteriologyske wapens fan SPECTRE.
Wylst Bond mei ferskate 'deadsingels' it bêd dielt, besiket er syn sabeare geneälogysk ûndersyk te brûken om Blofeld safier te krijen dat er him bûten Switserlân bejout. Dan soe MI6 him nammentlik oppakke kinne sûnder de Switserske soevereiniteit te skeinen. Blofeld trapet dêr lykwols net yn, en de momkape fan Bond wurket net mear as Irma Bunt erchtinkend wurdt en it plak ynnimt fan ien fan 'e 'deadsingels' dy't Bond nachts besiket. Hy wurdt finzen nommen en by Blofeld brocht, dy't him fertelt dat er it net rjocht mear stie doe't Bond him út Switserlân wei besocht te lokjen. Hy jout syn trewanten opdracht om Bond ôf te fieren, mar dyselde ûntkomt en pykt út troch de berch del te skyen. Bunt en Blofeld syn trewanten sette de efterfolging yn.
Yn it doarpke Lauterbrunnen treft Bond Tracy oan, dy't klear stiet mei de auto om him te helpen fuort te kommen. Bunt-en-dy komme harren op 'e nij efternei, mar in sniestoarm makket foarearst in ein oan 'e efterfolging en Bond en Tracy sykje beskûl yn in skuorre. Dêr ferklearret Bond dat er fan Tracy hâldt en docht er har in houliksoansiik, dêr't se grif tawurd op jout. De oare moarns, as de stoarm delbêde is, moatte Bond en Tracy op 'e nij flechtsje foar de trewanten fan Blofeld, no wer op skys. Blofeld feroarsaket mei opsetsin in lawine om harren te deadzjen. Dat slagget net, mar syn mannen witte dêrtroch wol Tracy te pakken te krijen. Bond wit te ûntsnappen.
Bond wurdt wer nei Londen roppen, dêr't M him fertelt dat Blofeld kontakt opnommen hat mei de Feriene Naasjes. Hy driget om mei bakteriologyske oarlochsfiering troch syn harsensspielde 'deadsingels' alle lânbougewaaksen en fee yn 'e wrâld steryl te meitsjen, wat de ein fan 'e minskheid betsjutte soe om't der dan binnen inkele jierren neat mear te iten wêze soe. Yn ruil foar it net trochsetten fan dat plan easket er folsleine amnesty foar al syn eardere misdieden en erkenning as de hjoeddeistige greve fan Bleuchamp. Bond wol daliks plannen meitsje om mei Blofeld ôf te weven, mar M fertelt Bond dat de Feriene Naasjes besletten hawwe dat der tefolle op it spul stiet om tsjin te akseljen. Men is dêrom fan doel om Blofeld syn sin te jaan. Bond wurdt oardere om him net mei de saak te bemuoien en der wurdt him op it strangst ferbean en besykje om Tracy te rêden.
Dêrop stapt Bond nei Draco ta, mei wa't er it op in akkoartsje goait. Mei de mankrêft fan Unione Corse falt er de klinyk op 'e berchtop oan, wêrby't er Tracy befrijt en de hiele fasiliteit mei alle bakteriologyske wapens opblaasd wurdt. Blofeld sels ûntkomt yn in bobslide, wylst Bond him op 'e hakken sit. De efterfolging einiget as Blofeld by in gefjocht mei Bond yn 'e bobslide mei de hals heakjen bliuwt efter in leechhingjende beamtûke. Bond nimt oan dat dat de dea fan 'e smjunt wurden is.
Neitiid trout Bond yn Portegal mei Tracy. Nei de plechtichheid sette se tegearre ôf op harren houliksreis yn Bond syn Aston Martin DB5. As se eefkes hohâlde om 'e blommen te ferwiderjen dêr't de auto mei oerdutsen is, fiere Bunt en de fan in halsbrace foarsjoene Blofeld in drive-by shooting út mei in mitrailleur. Bond komt mei de skrik frij, mar Tracy wurdt yn 'e holle rekke en is op slach dea. Wylst de earste plysjeman op it plak delikt arrivearret, sit Bond te gûlen mei Tracy har libbenleaze lichem yn syn earms.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise MI6-agint James Bond George Lazenby grevinne Teresa "Tracy" di Vincenzo Diana Rigg
byrollen personaazje akteur/aktrise Ernst Stavro Blofeld Telly Savalas Marc-Ange Draco Gabriele Ferzetti¹ Irma Bunt Ilse Setppat M, haad fan MI6 Bernard Lee juffer Moneypenny Lois Maxwell Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn sir Hilary Bray George Baker Shaun Campbell Bernard Horsfall Grunther Yuri Borienko Olympe Virginia North² Ruby Bartlett (Ingelske 'deadsingel' #1) Angela Scoular Nancy (Hongaarske 'deadsingel') Catherina von Schnell Toussaint Geoffrey Cheshire Che Che Irvin Allen Australyske 'deadsingel' Anouska Hempel Amerikaanske 'deadsingel' Dani Sheridan Israelyske 'deadsingel' Helena Ronee Westdútske 'deadsingel' Ingrit Black Ierske 'deadsingel' Jenny Hanley Amerikaanske 'deadsingel' Dani Sheridan Ingelske 'deadsingel' #2 Joanna Lumley Skandinavyske 'deadsingel' Julie Ege Sineeske 'deadsingel' Mona Chong Jamaikaanske 'deadsingel' Sylvana Henriques Yndiaaske 'deadsingel' Zaheera Raphael Terry Mountain Gumbold James Bree Hammond John Gay Manuel Brian Worth bakkaratspylster Bessie Love ¹) De dialooch fan Gabriele Ferzetti waard omreden fan syn swiere Italjaanske aksint yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan David de Keyser. ²) De dialooch fan Virginia North waard yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Nikki van der Zyl.
Produksje en distribúsje Produksje De rezjy fan On Her Majesty's Secret Service waard earst oanbean oan Lewis Gilbert, dy't You Only Live Twice, de foargeande James Bond-film, makke hie. Doe't dy foar it oanbod betanke, waard de film regissearre troch Peter R. Hunt. Foar him wie On Her Majesty's Secret Service syn debút as regisseur, mar hy hie mei syn wurk yn oare funksjes oan 'e fiif foargeande Bond-films yndruk makke op filmprodusinten Harry Saltzman en Albert R. Broccoli, sadat dy fertrouwen yn him hiene. Hunt wurke op basis fan in senario fan Richard Maibaum, dat sekuer it ferhaal fan 'e roman On Her Majesty's Secret Service folge. Dat boek wie troch Ian Fleming skreaun yn 1963, nei't de earste beide ferfilmings fan syn romans makke wiene, en de ôfhinklikens fan 'e sinematyske James Bond fan technologyske snufkes waard der op mylde wize yn bespot.
Oarspronklik hie it de bedoeling west dat On Her Majesty's Secret Service de fjirde film fan 'e searje wurde soe, nei Goldfinger (1964). Mar doe't der troch in waarme winter te min snie lei yn Switserlân, wylst tagelyk de rjochtsaak tusken Fleming en syn eardere meiwurkers Kevin McClory en Jack Whittingham oer de auteursrjochten fan 'e roman Thunderball skikt waard, besleaten de produsinten om ynstee dêr earst in ferfilming fan te meitsjen, dy't yn 1965 útkaam. On Her Majesty's Secret Service soe dêrop folgje, mar dat gie wer oer en ynstee waard You Only Live Twice filme.