You Only Live Twice is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1967 ûnder rezjy fan Lewis Gilbert, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Akiko Wakabayashi en Mie Hama as de Bond girls Aki en Kissy Suzuki. De titel betsjut letterlik "Libbest Mar Twa Kear", en ferwiist op humoristyske wize nei it Ingelske sprekwurd you only live once ("libbest mar ien kear"). De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1964 fan Ian Fleming.
It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond as er ûndersykje moat wa't ferantwurdlik is foar de ferdwining fan twa romtefartugen, dy't de wrâld op 'e râne fan in kearnoarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny brocht hat. It spoar liedt nei Japan, dêr't de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE yn opdracht fan in net by namme neamde grutmacht (dúdlik de Folksrepublyk Sina) efter de ferdwinings blykt te sitten. Oan Bond de taak om dat te bewizen foar't in nije ferdwining in Amerikaanske oanfal op 'e Sovjet-Uny útlokket.
You Only Live Twice wie it fyfde diel út James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Thunderball. In folgjend diel yn 'e searje, On Her Majesty's Secret Service, kaam út yn 1969. You Only Live Twice krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. It wie lykwols ek de earste film yn 'e searje dy't minder opbrocht as syn foargonger, mei't de merk foar spionaazjeskrillers fersêde oan it reitsjen wie. Dêroan droegen ferskate neibearings fan 'e James Bond-films fan Eon Productions by, lykas Casino Royale, ek oer James Bond, dy't yn 1967 troch Columbia Pictures útbrocht waard.
Plot It romtefartúch Jupiter 16, fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, wurdt yn in baan om 'e Ierde kaapt troch in grutter romteskip fan ûnbekende oarsprong, dat de Jupiter 16 "fangt" yn syn iepengeande, holle noas, mei de dea fan ien fan 'e Amerikaanske astronauten ta gefolch. It ûnbekende romteskip keart dêrnei werom nei de Ierde en ferdwynt earne yn 'e omkriten fan 'e Japanske See. Mei de Kâlde Oarloch yn folle gong binne de Feriene Steaten der hillich fan oertsjûge dat de Sovjet-Uny efter de ferdwining fan 'e Jupiter 16 sit.
It Britske regear is lykwols fan miening dat in trêde partij foar it ynsidint ferantwurdlik wêze moat, dy't in kearnoarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny besiket út te lokjen. De Amerikanen spylje dy mysterieuze dieders alhiel yn 'e kaart troch in ultimatum nei de Sovjet-Uny te stjoeren: as der mei de Jupiter 17, dy't mei koarten lansearre wurde sil, wer soks barre sil, dan wurdt dat as in casus belli beskôge. Om foar te kommen dat it Amerikaanske regear mei syn ûnberette manear fan dwaan de Trêde Wrâldoarloch útlokket, set de Britske ynljochtingetsjinst MI6 syn bêste man op 'e saak: geheim agint James Bond.
Dyselde befynt him op dat stuit yn 'e Britske kroankoloanje Hongkong, dêr't er by in moardoanslach om it libben komt. Hy kriget neitiid in seemansgrêf, mar as syn stoflik omskot de seeboaiem berikt, wurdt it opfandele troch dûkers, dy't it meinimme nei in Britske dûkboat. Dêr wurde de wynsels om it lyk iepenmakke en komt in yn plestik bewuolle en mei in soerstofflesse tariste Bond foar it ljocht, dy't noch springlibben blykt te wêzen. De dûkboat is de mobile basis fan M, it haad fan MI6, dy't Bond opdracht jout om te ûndersykjen wa't der echt efter de ferdwining fan 'e Jupiter 16 sit. Om in kearnoarloch foar te kommen hat er dêr mar koart de tiid foar.
Bond wurdt troch de dûkboat op 'e Japanske kust ôfset. Yn 'e haadstêd Tokio makket er by in wedstryd sumowrakseljen kontakt mei Aki, in aginte fan 'e Japanske geheime tsjinst, dy't him by Dikko Henderson bringt, in MI6-agint dy't yn Japan stasjonearre is. Henderson beweart bewiis te hawwen fan wa't der efter de ferdwining fan 'e Jupiter 16 sit. Neffens him is it net de Sovjet-Uny en ek net Japan, mar in oare Eastaziatyske grutmacht. (De namme fan 'e Folksrepublyk Sina wurdt yn 'e hiele film net neamd, mar it is dúdlik dat dy bedoeld wurdt.) Dy grutmacht hat it wurk útbestege oan in oare organisaasje, dy't him wer ferskûlet efter de fasade fan in grut Japansk bedriuw. Ear't Henderson nammen neame of syn bewiis presintearje kin, wurdt er lykwols fermoarde.
Bond efterfolget en deadet de moardner, en docht dan by wize fan momkape dy syn klean oan, wêrnei't er him troch de sjauffeur fan 'e flechtauto nei it plak ride lit dêr't de dieders wei komme. Dat blykt it haadkertier fan it bedriuw Osato Chemicals te wêzen. De sjauffeur, dy't noch altyd net merkt dat Bond net syn maat is, bringt him nei it kantoar fan 'e direkteur, dêr't Bond de man (mei muoite) oermasteret. Mear troch gelok as wiisheid ûntdekt er yn it kantoar in klûs, dêr't er ynbrekt en in protsje dokuminten út stelt. Dêrnei wit er hielhûds út it gebou te ûntsnappen, wêrby't er foar de haadyngong, dêr't er deasketten driget te wurden, rêden wurdt troch Aki.
Sy nimt Bond mei nei in ferlitten metrostasjon dêr't se ynienen útnaait. Bond efterfolget har, mar knoffelet by in iepenklappende faldoar del en glidet it kantoar yn fan "Tiger" Tanaka, de sjef fan 'e Japanske geheime tsjinst. De stellen papierren befetsje û.m. in foto fan it frachtskip de Ning-Po, dy't foarsjoen is fan in microdotboadskip dat stelt dat de Amerikaanske toeriste dy't de foto nommen hat, út feilichheidsomtinkens deamakke is. Dat makket dat Tanaka yngeand ûndersyk dwaan lit nei de Ning-Po. Underwilens nûget er Bond út om by him thús te genietsjen fan in bad en in massaazje. Bond syn masseuze blykt Aki te wêzen, mei wa't er oan it tútsjen rekket, wêrnei't er har meinimt op bêd.
De oare moarns giet Bond werom nei it haadkertier fan Osato Chemicals foar in formele moeting mei algemien direkteur Osato sels. Dêrby docht er him foar as de fertsjintwurdiger fan in Britsk bedriuw dat in saaklike oerienkomst mei Osato Chemicals slute wol. Under it petear bliuwt Osato tige freonlik, mar sadree't Bond it kantoar ferlitten hat, jout er syn sekretaresse Helga Brandt opdracht om Bond te fermoardzjen. It docht nammentlik bliken dat sawol Osato as Brandt heechpleatste funksjonarissen binne fan 'e ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE. Bûten it haadkertier fan Osato Chemicals wurdt Bond troch trewanten fan Osato ûnder fjoer nommen, mar Aki rêdt him op 'e nij.
Tanaka oarderet harren om troch te riden nei Kobe, dêr't de Ning-Po ôfmarre leit. As se yn 'e haven de sitewaasje hifkje, ûntdekke se dat it skip ûnderdielen ferfiert dy't nedich binne foar it oanmeitsjen fan raketbrânstof. Se wurde ynsletten troch in kloft rouwe havenarbeiders dy't foar Osato wurkje. Bond lokket dyselden efter him oan, sadat Aki ûntkomme kin om Tanaka te warskôgjen oer harren ûntdekking. Bond wart him duchtich, mar wurdt op 't langelêst fan efteren delslein.
As er wer wekker wurdt, blykt er de finzene te wêzen fan Brandt yn har hut oan board fan 'e Ning-Po. Hja ûnderfreget him oer wa't er is en wat er wol, bedriget him mei marteling, mar kiest der ynstee foar om seks mei him te hawwen. De oare deis nimt Brandt him mei fan board en geane se yn har sportfleantúch werom nei Tokio. Underweis lit se lykwols in ljochtkûgel yn it fleantúch ôfgean, set Bond fêst yn syn stoel en springt der dan sels út mei in parasjute om. Brandt ferkeart yn 'e ûnderstelling dat Bond omkomme sil as de fleanmasine delstoart, mar Bond wit los te kommen, makket in hurde needlâning mei it fleantúch en draaft fuort foar't dat ûntploft.
Tanaka hat ûnderwilens útfûn dat de Ning-Po, dy't sabeare streekrjocht fan Kobe nei Sjanghai en wer werom fart, ûnderweis earne fracht lost. Hy beriddenearret dat dat barre moat by it eilân Matsu. Bond giet dêr op ferkenning út yn Little Nellie, in swierbewapene autogyro (in primityf soarte helikopter), dy't boud is troch Q, de kertiermaster fan MI6. Yn 'e neite fan in fulkaan op it eilân wurdt er oanfallen troch fjouwer helikopters, dy't er lykwols yn in loftgefjocht allegear delsjit. Dat jout Bond en Tanaka de befêstiging dat se deunby de basis fan SPECTRE binne, mar se kinne der út 'e loft wei neat fan gewaarwurde, dat se snappe net wêr't dy basis dan wêze kin.
Underwilens lansearret de Sovjet-Uny in eigen romtefartúch, dat yn in baan om 'e Ierde krekt as de eardere romtekapsule fan 'e NASA, troch in mysterieus romteskip 'ferswolge' en fuortfierd wurdt. De Sovjet-Uny jout de Feriene Steaten de skuld, wylst de Amerikanen derfan oertsjûge binne dat de Sovjets it sels dien hawwe om ûnskuldich te lykjen oan 'e ferdwining fan 'e Jupiter 16. De spannings tusken de beide supermachten boazje almar mear oan. It frjemde romteskip lânet op Matsu yn in holle fulkaan, dêr't in reuseftige basis fan SPECTRE yn ferstoppe sit. It masterbrein efter de operaasje blykt Ernst Stavro Blofeld te wêzen, de oant no ta mysterieuze lieder fan SPECTRE. Dyselde ûntbiedt Osato en Brandt yn syn privee-ferbliuw yn 'e basis en beskrobbet harren om't se Bond net deade hawwe. Osato skoot fuortendaliks de skuld troch nei Brandt, dy't dêrnei troch Blofeld yn in poel mei piranja's smiten wurdt en om libben opfretten te wurden. Osato kriget noch in lêste kâns om syn falen goed te meitsjen troch Blond om te bringen.
Bond moetet Tanaka en Aki yn Kyoto, dêr't se plannen meitsje om Matsu te ynfiltrearjen mei de ninja's dy't yn it trainingskamp fan Tanaka oplaat wurde. Bond wurdt opmakke om him der as in Japanner útsjen te litten en hy ferklaait him as in sljochtwei fisker. Om 'e momkape kompleet te meitsjen, moat er trouwe mei in Japanse, dy't net Aki wêze kin, om't sy net fan Matsu komt. Dy nachts kringt in slûpmoardner fan SPECTRE it trainingskamp binnen en besiket Bond te fergiftigjen as er mei Aki op bêd leit te sliepen. As se op it lêste momint yn 'e sliep bewege, is it ynstee Aki dy't fergiftige rekket. Bond wurdt wekker en deadet de slûpmoardner, mar Aki stjert foar't der help foar har komme kin.
Nei in twadde mislearre moardoanslach op Bond beslute hy en Tanaka haast te meitsjen mei de útfiering fan harren plan. Tanaka stelt Bond foar oan Kissy Suzuki, dy't fan Matsu komt en har foardwaan sil as syn frou. Nei in koarte brulloft bejouwe se har yn it selskip fan Tanaka nei Matsu, dêr't yn 'e foarbye dagen al hûndert ninja's temûk oan lân gien binne. Bond rekkenet op in houliksnacht, mar dat kin er wol ûnder de skuonsoallen skriuwe as Kissy oanjout dat harren regeling poer saaklik is. Hja komt oan 'e weet dat der koarby in peareldûkster fan it eilân omkommen is doe't se in beskate seegrot yngie. Bond en Kissy geane op ûndersyk út en ûntdekke dat de grot foarsjoen is fan in gifgasynstallaasje dy't dúdlik bedoeld is om eltse gleskegnuver om te bringen. Se ûntkomme mar nauwerneed oan 'e dea. Mei't de grot in âlde lavatunnel is dy't nei in fulkaan mear yn 'e midden fan it eilân liedt, riddenearret Bond dat dêr wat geande wêze moat dat it deiljocht net ferdrage kin.
De jûns beklimme Bond en Kissy de fulkaan om 'e krater ris fan deunby te besjen. Se ûntdekke dat de kratermar inkeld in beskildering op in metalen oerflak is, dat iepen en ticht skowe kin. Wylst Kissy weromgiet om Tanaka oer de ûntdekking te fertellen, klimt Bond temûk de basis fan SPECTRE binnen, dêr't er de finzen Amerikaanske astronaut en beide Russyske kosmonauten befrijd. Mei harren help stelt er in romtepak, wêrnei't er besiket it plak yn te nimmen fan ien fan 'e romtefarders fan SPECTRE. Dy steane nammentlik op it punt om útstjoerd te wurden om 'e Amerikaanske Jupiter 17 te kapen. Bond moat dat tsjin eltse priis sjen foar te kommen, mei't dat in oarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny ûntsjinkearber meitsje soe.