Felipe Massa (São Paulo, 25 april 1981) is in earder Brazyljaansk Formule 1-koereur. Massa hat alve kear in Grutte Priis yn de Formule 1 wûn. Yn 2009 rekke Massa slim ferwûne oan syn holle by de kwalifikaasje foar de Grutte Priis fan Hongarije 2009 trochdat der in fear ôfbruts fan de wein fan Barrichello en tsjin syn helm klapte. Hy ferlear nei de klap yn de auto it bewustwêzen en ried yn de bannesteapel. Hy waard mei in skedelbreuk, harsenskodding en snijwûnen oan syn foarholle oerbrocht nei it sikehûs, dêr 't er operearre waard en yn in keunstmjittige koma holden. Massa refalidearre thús yn Brazylje en hy kaam yn 2009 net mear yn aksje. It jier dêrnei soe er lykwols yn Bachrein wer werom komme yn de Formule 1. Felipe Massa naam oan it ein fan it seizoen 2017 ôfskied fan de Formule 1.
Oersjoch Formule 1-karriêre 200220042005200620072008200920102011201220132014201520162017Totaal Oantal races 16 18 18 18 17 18 9 19 19 20 19 19 19 21 20 272 Oantal oerwinningen 0 0 0 2 3 6 0 0 0 0 0 0 0 0 0 11 Aantal pole-posysjes 0 0 0 3 6 6 0 0 0 0 0 1 0 0 0 16 Aantal fluchste omgongen 0 0 0 2 6 3 1 0 2 0 0 1 0 0 0 15 Oantal Poadiumplakken 0 0 0 7 10 10 1 5 0 2 1 3 2 0 0 41 Oantal WK-punten 4 12 11 80 94 97 22 144 118 122 112 134 121 53 43 1167 Einstân WK 13 12 13 3 4 2 11 6 6 7 8 7 6 11 11
Oerwinningen yn de Formule 1 +JierLânGrutte PriisTeam2006 Grutte Priis fan Turkije 2006 Ferrari Grutte Priis fan Brazylje 20062007 Grutte Priis fan Bachrein 2007 Grutte Priis fan Spanje 2007 Grutte Priis fan Turkije 20072008 Grutte Priis fan Bachrein 2008 Grutte Priis fan Turkije 2008 Grutte Priis fan Frankryk 2008 border|20px JeropaGrutte Priis fan Jeropa 2008 Grutte Priis fan Belgje 2008 Grutte Priis fan Brazylje 2008
Kategory:Brazyljaansk autokoereur Kategory:Formule 1-koereur Kategory:Brazyljaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1981